Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

10 03 2021

Opruier

Tûzenen wurde beboete foar it negearen fan de jûnsklok. Grutte manifestaasjes wurde desneeds út elkoar slein. Likegoed doart dyselde skiterige oerheid it net oan om Baudet fan Forum voor Democratie oan en op te pakken.

Dy giet foar de ferkiezings it lân yn. Syn dwaalljochten stean sûnder mûlkapke ticht op elkoar en roppe massaal joechhei at Baudet seit dat de regearing net doocht en dat at se op him stimme de corona nije wike woansdei oer wêze sil.

In sjoernalist moat him de bek hâlde oer wát immen fynt; as kollumnist mei ik sizze dat Baudet neffens my úterst gefaarlike teksten komponeard. Hy makket gebrûk fan dat we as folk ús nocht ha fan de coronaregels. De dwerselingen, dy’t it folslein ûnferskillich is hoefolle deaden se op har gewisse krije sille, wurde troch Baudet opruid.

En at dy skiterige oerheid syn toernee stopje soe begjint in eineleaze monology fan Baudet. Want, en dat is it meast kwalik, Baudet krijt  fan alle listlûkers fierwei de measte romte fan de media. Se lizze him neat yn it paad, kwalik.

Maklik luld Lok, wat moat we dan wol stimme? Tsja, dat wit ik net. Ik die in Kieskompaske, en kaam út op de SP. Logysk foar in âlde SDAP-er, mar it soe in ferlerne stim wêze, want de SP is sa konsekwint, dat se net gearwurkje kinne en dat moat yn dit lân.

Twa wike lyn ha’k sein dat soksoarte saken as Thialf en it Frysk net  bepalend binne foar de Fryske kiezer. Mar, sei immen terjochte, hoe sit it dan mei it Waad. En mei dy alsmar trochgeande sâlt- en gasboarings.

Dus dochs in Frysk aksintsje. Tsja. No, VVD-ster Aukje de Vries (8) komt der wol yn. En at der in Fryske brunefloatskipper yn de swierrichheden komt, stelt se wol in fraach.

Ik lês optheden it boek fan Omtzigt. Goed, mar ja dan moat je op it CDA stimme en dat is foar guon prinsipieel net-kristlik stimmende lju ek wol wat. Boppedat, Harry van der Molen (8) rêdt der wol mei, hy stimt altyd mei syn listlûker mei. Jaap Jonkers fan de Jouwer (27) hoecht net, dy stiet  inkeld mar op de list op om syn kookboekjes te ferkeapjen. Fan syn polityke ynhâld skrik je net. Dan is Douwe de Vries fan Hallum aardich bestekliker, mar dy hat de pech dat hy, trouwens krekt as alle oare CDA-ers dogge, in kampanje foar himsels fiere moat. Dat docht de nûmer 47 by de PVV ek, mar wa kin no Max Aardema.  

Romke de Jong fan D66 (24) hat in moaie Fryske foarnamme, mar wy  boeren hâlde net fan D66. Wol fan Femke Wiersma, dy stiet twadde by BoerBurgerBeweging. Helder frommis, en se hat noch wat, mar dat mei ik yn de frouedeiwike net sizze. It liket sa linkendewei trouwens wol dat wy manlju in steltsje polityke kloaten binne. No ja, at dat sa is, dan moat alle Fryske manlju stimme op 19 fan de PvdA, Christa Oosterbaan. Dat is de ienige dy’t it waad en de boarings goed op de skealje set. Dat is in echt Frysk aksintsje. At se Habtamu de Hoop mar net oan de kant skood, want dy sil in hûs foar ús bêrnsbêrn fersoargje.

De 23.600 FNP-stimmers fan de steateferkiezings hienen der foar soargje kinnen dat der in echt Frysk aksintsje yn de Keamer kaam wie. Ik sjoch al foar my dat alle Fryske media elk wurd fan de iensume Sijbe Knol wiidweidich beroppe soenen, sa’t de lannelike media dat dogge by Baudet. Sijbe fertelt folle minder ûnsin.

De skiterige FNP hat net oandoard om har as 38ste partij oan te melden. Dat hie kwa programma, at je al dy oaren lêze, bêst  kinnen. Se ha no net mear dien as mei guon lju fan de lannelike partijen op de seedyk om te kuierjen.  

Se rekken net oeral fan wat se dêr hearden. Op de webside fan de FNP âldehoere se in heal oerke yn in podcast dat dy partijen der neat fan kinne. FNP-motto: 37 partijen, neat te kiezen. Mei dy konstatearing sette se 23.600 oanhingers yn de kjeld. Dy stean nije wike mei it potleadsje yn de oanslach, mar witte it net.

Dan bin se like fier as at ik no bin.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s