Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

17 03 2021

Opdracht

Jim moat jim hjoed op it stimburo sels mar rêdde. Lêstich genôch, nei  kampanjes dy’t mei in soad geskreauw op jo telefoan oer persoanen en net oer de polityk giene. Myn stimadvys: harkje inkeld nei josels.

Fansels hie’k oanstriid om it oer de lulkens fan de FNP te hawwen. Dat kin, want se stean ommers net op dat idioat grutte formulier wat je aanst ynfulle moatte. Efkes útlizze: yn polderlân Fryslân wurdt noait wat klearmakke. Dus meitsje se no yn Den Haach in Deltaplan foar it Noarden. Krekt sa’n soarte winskelistje as yndertiid it plan-Langman om 2000 hinne.

No is de FNP lulk omt se dêroer net meihaffele ha. Mar lês de titel no goed jonges: in deltaplan is foar Sélân, en Grins fynt dat sij inkeld it noarden binne. Wat ha wy dêr mei nedich? Boppedat at de FNP meipraat giet it inkeld oer Frysktalige plaknammen. Dêrmei is dúdlik dat se net túshearre op dat stimbiljet.

Da’s dus ek gjin ûnderwerp. No ja, dan it lân mar yn. It is ommers fûgeltiid. Skitterjend no te sjen nei alle fûgels, dy’t de testosteron gewoan yn de greide kwakke, wêrtroch at se folle libbener binne as at wy ea wêze sille. Want wat dogge wy: wy âldehoere oer dat libben.

Boeren âldehoere mei harren trekker. Dêr wienen se wer, de driuwstront siet noch oan de bannen. Sita van Keimpema wie der net iens by, dy hie wat oars te dwaan. It gie dan ek net om molke, mar om de ljip of skries. Of hokker fûgel dan ek, dy’t Ljouwerters net kinne. Se seagen dêr ferheard dat dy boeren sûkeladeaaikes delleine. Se hiene wol wat lêzen yn de Ljouwerter Krante, mar der net alles fan begrepen.

Dêr hienen dy Ljouwerters gelyk oan. Watte, net ien hat begrepen wêrom at Fryske boeren fan deputearre Douwe Hoogland takom jier net mear in stap yn har eigen greide sette meie, sûnder skriftlike tastimming fan fûgelwachters. It is net mear as in foarstel fan Douwe, mar der blykt út, dat hy gjin inkele weet fan of gjin respekt hat foar it mienskiplike arbeidzjen fan boeren en fûgelwachters. Dy soargje al jierren dat greidefûgels noch aaien lizze kinne. En sjogge beide lêbjend nei in provinsje dy’t net mear dien hat as jierrenlang neat opsmitende miljoenen yn de sleat kwakke.

Elke fûgelwachter, elke boer fertelt dy provinsje al jierren en jierren dat at se wolle dat de greidefûgel bliuwt, dat dan de predatoren dea makke wurde moatte. Oars ha je gjin kâns. Ja, it soe ek goed wêze dat de te skrale en te droege grûn troch de boeren wer wat opkwikt wurdt, mar it oprêdden fan de koalysje stienmurd-fox-rôt-wyldekat-mûzebiter is folle needsaakliker.  

No is der wat striid tusken de deputeare en de krante. Hoogland seit dat de Ljouwerter syn wurden op Telegraafeftige wize opkwikt hie. Yn de Ljouwerter Krante hie haadredakteur Sander Warmerdam in hiele kollum nedich om net bewize te kinnen dat soks net sa wie. De wierheid leit der fansels wat tuskenyn. Dus dat Hoogland, ex-boer, echt wol boarte hat mei in idioate gedachte.

Boeren seine trouwens daliks nee. Fûgelwachters ek, dy kinne dy ferantwurdlikens noait wier meitsje. It giet dus net troch. Wêrom moasten dy trekkers dan nei it provinsjehûs en smyt Douwe dêr aaien om de earen. Dat komt omt boeren optheden oeral oer yn de stront stampt wurde. Partijen dy’t yn de ferkiezingsstriid gewoan sizze dat de helte fan dy boeren ophâlde moat. En dan ek noch in rjochter dy’t in boer út Ie útwreiding ferbiedt omt dy man in stâl ha wol wêrfan de oerheid seit dat dy stikstof fermindert, omt der wat mear rusters ynsitte of sa. Neffens de rjochter is dat net genôch. Wêr ha we it oer.

Seker as je hieltyd fan politisi heare dat it tiid wurdt foar in Deltaplan foar hiel Nederlân, weryn it lijen fan taslaggeslachtoffers, Grinzers, boeren en wat ek mar mear foar groepen, om my sels lulke FNP- doarpsnammefetsjisten, om dat lijen ûngedien te meitsjen. Mar al de tuskenplannen litte al sjen dat it gepruts wêze sil.

De opdracht oan jim is hjoed in regearing te kiezen, dy’t echt goeie yntegrale plannen makket, wêr’t elkenien wat oan ha sil. Tsja, dat is in ûnmooglike opdracht.  

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s