Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

24 03 2021

Hollanders

At je leauwe dat at je op Baudet stimme, dat dan daliks corona en jûnsklok oer binne, dan bin je wol hiel dom. It Fryske Folk is toch net dom?  

Under oanfiering fan kollega Ferdinand de Jong is D66 oan alle kanten ferspuid yn Fryslân omt se in soad boeren kwyt wolle. Wat  barde der: it reinde stimmen foar D66 yn Fryslân. It Fryske folk stiet toch wol foar syn boeren?

Fryske hûzen kostje gemiddeld twa-en-in-heale-ton. Stim je dan  daliks VVD?

Sander de Rouwe is de baas fan Fryslân, mar it Fryske folk stimde net mear op it CDA. Yn de grêven fan de kristlike âlders waard skriemd oer it stimmen fan harren bern.

En it byld fan Pieter Jelles Troelstra stie op in leech Aldehoustertsjerkhof ek al te gûlen. Neat oerbleaun. 

Wy, de saneamde analitisi, mienden altyd dat it Fryske folk it wichtich fûn op te kommen foar eigen doarp of streek, foar de eigen taal. Se stimden frjemdernoch op rânestêdpartijen. Us ûnskuldich nasjonalisme waard Nederlânsk nasjonalisme.

It is dúdlik dat wy absolút net witte wat der yn de hollen fan de Fryske befolking omgiet. Beskamsum foar ús grutte bekken. It soe wêze kinne dat we fanwege de corona te min kontakt hân mei minsken, mar ik tink dat it Fryske folk gâns feroare is.  

Sjoch, we hienen hjir eartiids Kneppelfreed. De measte yn Fryslân wenjende lju witte no absolúut net mear wat dat ynhâlde. We ha it tsjintwurdich oer kletterdei. Dat wol je toch net leauwe. Je sette hjir en dêr in kraantsje iepen, dan begjinne dy kulturele haadstêdfonteintsjes wer te rinnen en dan begjint de maaitiid net, mar kletterdei. Huuh.  

It is in útfynsel fan Merk Fryslân, betelle troch de provinsje, dus troch ús. Noch in wûnder dat se der in frysk wurd foar útfûn ha tocht ik noch, mar dat sil de media der wol fan makke ha, want Merk Fryslân hat in hiele oare namme opskreaun. Ik hope noch op soks as kletterdag, mar der stiet klaterdag. Klaterdag, huuh.  

No hie it Fryske folk, sa tochten wy, al massaal wearze útsprutsen oer de wize werop at Merk Fryslân ús provinsje ferkeapje wol oan Sjineeske en Amerkaanske toeristen, dy’t hjir fanwege de corona dochs net komme meie.

Likegoed praat Merk Fryslân noch altyd net oer fonteinen, mar oer eleven fountains. En dy moatte yn je discoverypakket sitte op de website. Der stiet nota bene by yn de berjochtjouwing oer dy klaterdag dat Merk Fryslân ekstra jild fan jo en my krigen hat om op dy klaterdag op dizze wize de eleven fountains nei de toerist ta te klaterjen.  

Analitisi moat oars tinke. Want it kloppet, wy bin Nederlanders. Mei al dat ingelsk bin we miskien sels wol Hollanders wurden. We ha ús eigen gefoel hielendal ferlern. Dat is net slim, hear, mar sokke âlde jongens as my moat der rekken mei hâlde at se skriuwe oer saken dy’t typysk Frysk binne. Omt datsoarte saken der suver net mear binne.

Doch it dan ek mar rigoreus. Smyt de doarpen mar fuort. Doch dan mar krekt wat ik yn Ruslân seach, in soad doarpen dy’t gewoan folslein efterlitten binne en yn elkoar donderje. Dan is der neat mear oer fan sis mar Hesens, Hilaard, Jellum, Hoptille, Blessum, dy hiele hoeke. Goh, der stiet ek al in sjofel oan de tsjerke fan Deinum te skuorren.

We litte in oerstallige heal lege Lelylijntrein troch Fryslân flitse, as in soatte fan statussymboal.

Alle eveneminten yn Nederlân kin wer trochgean, mar we skaffe it skûtsjesilen, de PC en fierljeppen yn Winsum ôf.

Frysk ûnderwiis, dat is in net fol te hâlden hobby fan in pear lju. D66 jout dochs oan, ûnderwiis moat goed, dus daliks Ingelsk op de beukerskoalle.

It ryk hie al sa’n bytsje oanjûn dat Fryske kultuer net bestiet. De subsydzjes bin der inkeld noch foar hollânsk- of ingelstalich guod.

Dus wurdt It swurd fan Grutte Pier fersmolten. En dat staal wurdt brûkt foar in plakkette foar it jier 1498, it jier dat fia hertog van Saksen der in ein kaam oan de Fryske frijheid. En de stien fan 1345 by Warns donderje we yn in gasgat yn Grins.

Ik bin o sa bliid dat de Fryske instellings no gearwurkje sille yn in kenniscluster. Eindelik. Mar fiersten te let.   

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s