Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

31 04 2021

Brêgewipapp

Ôfrûne sneon gie ynienen de brêge oer de Janesleat by Langwar krekt foar my omheech. Ferrek, dat dogge se fansels tagelyk mei it yngean fan de simmertiid. Simmer wie’t sneon noch net: it waaide hurd, it reinde en hagele. Tige skrousk. Dat waar fan no wie der noch net.

Likegoed kaam der in boatsje oan. Nee, net in boatsje, in boat. Sa neame we sa’n typyske VVD-flet. Der stie ek in VVD-ster op it foardek. Avine Fokkens. Dik yn de jas mei bontkraagje. Se is net hiem op boaten, want se hie almeugende brúne learzens oan. Hast sa útwrydsk as dy learzens fan ferkenster Kasja Ollongren.

Dy hie foar it oare inkeld sokke learzens oan om folslein idioate sjoernalisten, dy’t sels de stikken yn har taske op de foto sette woenen, yn de núten te traapjen. Hie se it mar dien. Want doe’t dy domme Urkers dat wol dienen by sjoernalistieke reptielen, wienen we Ollongren al wer hast fergetten.   

Deputearre Avine hie gjin stikkken yn de tas, mar in telefoan. Dêr drukte se op. En ferrek, doe gie de brêge iepen foar har boat. Letter hat se ferteld dat at je by 16 brêgen yn Fryslân op in appke drukke, dat dy brêge iepen giet. 

Ik wie ferbjustere. Je stean op in boat, je kin miskien sels noch wol sitten gean, dan druk je op in telefoanappkeknopke en hup, de brêge giet iepen. Bjusterbaarlik.

It is dan ek net echt sa. At je op de app drukke giet der in beltsje yn it Swettehûs yn Ljouwert. Dêr wurdt dan immen wekker fan en dy docht dy brêge iepen. It is ek hielendal net nedich. Se ha yn it Swettehûs nammentlik ferbining mei kamera’s dy’t in goed byld jouwe fan de farwegen ûnder en ferkearsdiken oer de brêgen. At der boaten oankomme wachtsje se efkes oant de bus der oer is. En ek noch efkes dy trekker fan dy boer dy’t lân hat oan de oare kant fan de brêge. Dan iepenje se gol de brêge. Fanút it Swettehûs.

Sa wurkje se yn de beropsfaart al tsientallen jieren by slûzen en  brêgen. Dêr brûke se gjin appkes, mar de marifoan. Dat is feiliger. Op appkes drukke doch je foar de bern. “Sjoch, dan giet de brêge iepen”. Of foar Avine.

Dy sei dat al dy boaten foar dy 16 brêgen net mear nei de wâl hoege om op dy reade knop te drukken. Dat hoegde sowieso net, want de brêgewippers yn it Swettehûs sjogge echt alles wol. Want de measte lju ha in soad lijen om de boat by dy knop te krijen. Dy sit meast by wynkrêft 5 op legerwâl. En at je dan hast lizze, begjinne de brêgeljochten te knipperjen en kin je trochfarre. At je teminsten wer fan legerwâl ôfkomme kinne.  

Ek is it te hoopjen dat wettersporters dy’t net sa faak farre, al op de Aldegeaster Brekken appe dat se troch de brêge by Warkum wolle. Dat duorret noch wol in oere en dan rekket dy brêgewipper yn it Swettehûs wol fan de mik.

Avine iepene it wettersportseisoen mei in appke. Tsja, yn Fryslân docht it waar dat altyd. Neidat se der trochfearn wie, hat de  brêge net wer omheech west sneon. Mar goed, hjoed hoege we der net oer yn te sitten dat de brêgewippers ha ferfele yn it hokje of yn it Swettehûs.  

Dêr betsjinje se no 16 brêgen. Dat wurde der yn de kommende jierren 40. In hiele soad. Benijd hoe’t dat gean sil. In brêgewipper kin yn it hokje by de brêge fiele wêr’t de wyn weikomt. Se moatte fansels altyd de foar-de-winers earst gean litte, foaral as it hurd waait. No, it siicht net iens yn it Swettehûs. Boppedat hat Piet Kloosterman fan  Wergea útlein hoe wichtich at in eigen brêgewipper yn it hokje by de brêge wêze kin. Dan bin je mear as wipper. En by him hoeg je gjin appke te  brûken.  

En Avine? Kom mar gau fan dy boat. Op nei Den Haach. Begjin in  oarloch at se yndied 11 miljard kub gas út de boaijum fan Tytjerksteradiel helje wolle. Of in stroomtried troch de natoer op Skier. Hâldt de leazens oan en skop dyn partijgenoaten yn de núten. Dat komt hurder oan as in appke.   

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s