12 05 2021
Fytse
Doe’t se dêr yn 2010 de start fan de Tour de France hiene, kamen ien miljoen minsken nei Rotterdam. En der sieten 17 miljoen foar de telefyzje te sjen hoe’t de Erasmusbrêge der útsjocht. Logysk dat Rotterdam yn 2024 wer in Tourstart ha wol. Den Haach docht ek mei, en de hurdfyters moat ek noch in slach troch Limburg meitsje. Heuveltsjes.
Se ha noch net in stoer útjûn dêr, dus wylst ik nei de start fan de Giro seach tocht ik: dit moat oars. Niks Rotterdam, wý moatte de Tour de France nei Fryslân helje. Joop Atsma en Sander de Rouwe ha’t der wolris oer hân, mar tsjintwurdich harket nimmen mear nei it CDA, dus ik moat mar efkes. Tour de Fryslân.
It moat gau, want Fryslân is hielendal net populêr by de toeristen, wylst dat de ienigsten binne wêr’t we jild oan fertsjinje kinne. Dus fytse en dan krije we samar 40 miljoen minsken foar de telefyzje. Fryslân yn byld.
De prolooch op de Ofslútdyk. Dy moat wol trije wike fantefoaren ôfslúten wurde, mar dat bard no ek alle dagen. In kearsrjochte prolooch, sit hin en wer gjin bocht yn. Wis de helte dêrfan tsjin de wyn yn beuke, wynkrêft 7. Machtige bylden dus fan it Waad. En de wynmûnen yn de Iselmar giselje omraak. Witte se dat we in duorsum folkje binne.
De oare deis in etappe fanôf Harns de nije waaddyk lâns. Kin we Sense of Place sjen litte. We lit de hurdfytsers in lyts stikje troch de waadklaai fytse, tusken allegear opsette plastieken strânljippen troch. Echten fleane fuort fanwege al dy yn de blubber fallende hurdfytsers.
Spitich dat se net Waadfytsrinne kinne nei Amelân, dêr is in stodún dochs it heechste punt fan de provinsje. No dan moat se mar efkes oer de bulten by Holwerd-oan-see, want dêr sil se dan wol dwaande wêze.
Fierder nei Dokkum. Fansels ek de oare stêden lâns, want we moatte wol alle fonteinen sjen litte. Yn Dokkum ha se lokkich de jekjes noch oan, want dêr moat se om de friesfontein hinne fytse.
Tusken Dokkum en Ljouwert efkes by de pear kasteeltsjes del. Dat heart sa yn de Tour. Poptaslot en Stania State. Dan ha we it ek wol hân. Tresoar soarget foar de skiedkundige ferhaaltsjes yn trettjin ferskillende talen.
At al dy lûde straaljagers de oefenromte Fryslân in dei mei rêst litte, kin we fanút helikopters en drônes ek de 419 doarpkes fan Fryslân sjen litte. De foto fan de freeds-Ljouwerter komt dan ta libben. Al reitsje de sjoggers wol yn de tiis mei twa Raerden, twa Reahels en trije Aldegeas.
Alle boeren ha kij yn de greide en se meane pompeblêdden om de oanplante blomkes hinne. Yn Sleat stiet in Skotsploech de hiele dei te dûnsjen, Aald Hielpen wiuwt nei elke helikopter.
By Langwar efkes oer de A7 oer de Aldeweisbrêge en dan farre dêr fansels 77 skûtsjes op de Wjillen. Tusken Koudum en Warkum in slach troch it Heidenskip, dêr ljeppe de ljeppers wiuwende oer de sleatsjes. En yn Frentsjer stean de earste klas keatsers klear om keatsbaltsjes oer it peleton te slaan.
Oan de ein in waansinnich gefaarflik parkoers troch Ljouwert hinne. Allegear bochten en fersmellinkjes, sadat we in stik as trettjin falpartijen ha. At se yn elk gefal mar lâns Us Heit en Us Mem komme. Dan wer nei de rûnwei en dan sprinte op de dyk nei Hurdegaryp ter hichte fan de hillige finish fan de Alvestêddetocht. Dêr stean Wiebe Wieling, Piter Weening, Sven Kramer, Epke Zonderland, Suzanne Schulting en Ellen Fokkema klear om de blommen út te rikken.
Liket jim dat net wat. Rotterdam ynfestearde doe 12 miljoen en seit dat it 30 miljoen opsmiten hat. Dat siet dan yn toeristen dy’t letter nei Rotterdam kamen. No, Rotterdam is neat oan, dus at Merk Fryslân goed ynfesteare soe komme se aanst yn bosken nei Fryslân ta.
Boppedat, we ha hjir gewoan rjocht op. Want de âldste rinfyts is yn 1818 útfûn yn Fryslân. Hy stie mei sân oare fytsen fertuteaze yn in loads fan de gemeente Waadhoeke. Se wurde no oppoetst foar de Tour de Fryslân. Om te earen dat wy yndertiid sá’n lui folkje wienen, dat we in fyts útfûn ha.