19 05 2021
Unthutst
In ûnthutste frou. Se riidt oer de Ofslutdyk en rekke ûnthutst fan de wynmûnen dy’t ynienen opriisden út de Iselmar. Dat koe dochs net, ferskriklik. Doe’t ik fertelde dat it yn totaal 89 wurde, waard se dûm.
Se merkt it dus nó pas. Fiif, seis jier lyn ha we allegear al sein dat it net goed komme soe. We ha protesteard, it joech hielendal neat. Dy frou en ûntelbere oaren ha ús doe net holpen. Sa kin in soad ferkearde dingen samar trochgean.
In haadredakteur fan de Ljouwerter Krante heart altyd alle protesten. Lykas oer de stroombuis ûnder Skiermûntseach troch, dwers troch in natuergebied. Sander Warmerdam is net ûnthutst. Hy seit dat at we duorsum wêze wolle, dan moat we dit tastean. Oars wurde we net duorsum genôch, Parys is wichtiger as Skier.
It is in stânpunt. Klaas Kielstra en Johan Talsma, oanfierders fan de VVD- en CDA-fraksje yn de steaten, ha ek in stânpunt. Dat setten se sneon yn de Ljouwerter en it Deiblêd. We moatte gau hûzen en de Lelylijn ha, dat is de grûn foar brede Fryske wolfeart. O sa moai.
Hoewol, sneontemoarn foardat dy kranten ferskynden, hie kollega Ferdinand de Jong jim hjir al ferteld dat we net meipraten ha oer dat noardelike Deltaplan. Dat hie neffens him wol moatten, want hy hie ea mei in deputearre praat dy’t sei dat je as politikus opslokt wurde troch de amtlike en polityke wrâld, sadat je te min ankers yn de mienskip ha. Ik hie wol witte wollen hokker deputearre, mar dat docht der no net ta
Talsma en Kielstra binne al hielendal opslokt. It wurd mienskip komt net foar yn harren ferhaal. Provinsje- en stêdsbestjoeren ha it fêstlein, sa wurdt it útfierd. Foar ús wolfeart, dat wol. Kielstra en Talsma sizze dat it lânskip harren o sa dierber is, mar wolfeart is jusjes wichtiger. Dus net seure, we klappe hjir in trein en 60.000 hûzen del.
Talsma en Kielstra binne provinsiale bestjoerders en sizze dus dat der ek hûzen set wurde moatte yn de doarpen. Tsien per doarp. Dat is lânskiplik net slim. Se ferjitte de grutte plakken. En de stêdden. At de Ljouwerter wethâlder Hein de Haan no al 500 hûzen yn de Hem ûnder Goutum delset, dan moat de provinsje mar in ôfsjitfergunning ôfjaan foar wethâlders en oare hoannen at se de skriezen bewarje wolle.
Sneontejûn rekke Ferdinand de Jong op twitter hjiroer yn diskusje mei de Hearrenfeanse PvdA-wethâlder Jelle Zoetendal. Dy skreau dat it Deltaplan neffens him wol kin, genôch romte foar hûzen en lânskip. Lyts slachje om de earm, “als het aan mij ligt in dialoog met de inwoners”.
Dêr sit him de oast. De noardelike provinsjes wolle in trein en sis mar 100.000 wenten. Dat moat de gemeenten útfiere. Dat kin se net goed, want elke gemeente tinkt oars. Dat betsjut in fariaasje yn it lânskip, sadat alles op Grinslân begjint te lykjen.
Boppedat sjit it net op. Ik hearde lêsten it ferhaal fan dat der yn in grut doarp trije hûzen bykomme mochten, mar dat de gemeente twa jier mei de fergunnings omkloaide. Doe sei ien fan de gegadigden ‘it hoecht foar my net mear, ik soe in houten hûs bouwe en no is it hout fyftjin kear sa djoer wurden. Daag’.
Kielstra en Talsma wolle njonken de hjoeddeiske ynwenners ek noch alle âlde Friezen werom ha. En nije ynwenners, dy’t sa sljocht binne nei ús romte, dy’t der aanst net mear is.
Leave Ferdinand en Jelle, de steatelju ha gelyk. Dialooch mei al dy lju, is hjoeddedei ûnmooglik. Seker oer sa’n Deltaplan. Altyd wer dy diskusje tusken gefoel (lânskip) en ekonomie (wolfeart) oan de oare kant. Dêr komme we net mear út. Om noch mar net iens te praten oer it individualisme: ”ekonomie en miljeu mei beide wol, mar net yn ús eftertún”. Watte, sels oer de krúsrakketen soe de diskusje no sa betiizjend wurde, dat de oerheid mei gemak syn eigen wâl hâlde kinnen hie.
Dat is hjirby ek sa. Se ramme gewoan troch. Inkeld is it in gelok dat fan alle te grutte plannen dy’t ik ea heard ha, noait mear as de helte wier makke is. Dêr moat we ús mar oan fêsthâlde.