Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

31 01 2022

“Wy”

16 maart, riedsferkiezings. Hearlik, ik ha der sin oan. Dan komt der nammentlik in ein oan de sinleaze opskuor dy’t der no rûnom is. Dy is der inkeld mar fanwege dy ferkiezingen. Dat sa’n wethâlder as Anko Postma fan Opsterlâns Belang it ferskil net wit tusken in adfertinsje en in redaksjoneel ferhaal, kin ús oars noait wat skille en no wurdt it opblaast en skriuwt de Ljouwerter der sels in haadartikel oer.

Yn Harns hottefylje se oer it stêdhûs, yn de Waadhoeke bin se leau’k noch dwaande mei de Bildtske plaknammebuorden, yn Súdwest-Fryslân giet it oer Empatec, yn De Fryske Marren oer de hûssmoargens, yn Hearrenfean oer in hotel, en yn Weststellingwerf oer fergunnings fan geiten.

Yn Ljouwert bin allegear doarpen dy’t yn need binne omt se op it gemeentehûs net iens witte dat se besteane. Achtkarspelen fergadert stiekem, dêr ha se noch gjin glêsfezel. Hindert neat, mar no wit dus net ien wat se stimme moatte.  It earme Smellingerlân moat fierder sûnder de hillige tuskenpaus Felix van Beek. De ferkiezings wurde dêr útsteld, de ried komt dêr fanwege ûnfoldwaande nivo noch net foar yn oanmerking. De eilannen dogge ek net mei, te drok mei de tarieding op it toerisme. En Noardeast Fryslân wit net hoe’t se mei Dantumadiel oan moatte en Dantumadiel twifelt ek: nei Noardeast-Fryslân of harikiri.

It is fansels allegear ús skuld. Ik nim jim mei nei Tytjerksteradiel, nei Burgum, nei de sterrewacht it Observeum. Dy stiet dêr al lang. Fêst plak. Burgum wol krekt as alle doarpen yn Fryslân graach hûzen ha. It kolleezje kaam mei in plan, mar doe blykte dat der dan hûzen foar de teleskoop fan it Observeum komme soenen, sadat se net mear nei Venus sjen kinne. Dus kamen ‘wy’ yn it gewear: hjir net boue.

Oeh, ferkiezings, de ried switchte yn ien jûn. Dan mar hûzen oan de Elingsloane. Ja, yn fiif menuten siet de publyke tribune fol mei de oare ‘wy‘-ploech; lju dy’t dêr yn de buert wenje: dat kin hjir net. Dy diskusje giet lang troch ek mei ûneigenlike arguminten. Lykas CDA-er Gert van der Meijden, dy’t sei dat omt de Lelylijn komt, it drokker wurde sil op de Sintrale As en dêr ha dy hûzen lêst fan. Ja sa jouwe  ‘wy’ de polityk gjin inkele kâns om ea noch beslúten te nimmen. No ja, dan hoege we ek net te stimmen.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s