07 02 2022
Olympics
Sjoerd den Daas waard troch in Sjineeske bewaker fuortskuord, wylst hy Nederlânske telefyzjesjoggers fertelde dat de Olympykse Winterspelen begûn wienen. Krekt as wisten we dat net. It brocht my eardere winterspelen yn it sin. Ik ha in pear meimakke, omt Fryslân op mar ien mêd echt Olympysk is, en dat is reedriden. Ik makke dan ek foar de NOS ynterfjoes yn it Hollânsk en it Frysk. Falko Zandstra frege dan “…moat it ek noch yn it Turks?….”. It Frysk wie it wichtichst, want yn Nagano seach ik de mem fan Ids Postma ferlern stean yn it oerfolle Holland House. Ik rûn efkes nei har ta en se sei mei ynmoed ‘ooooh wat bin ik bliid dat ik no efkes Frysk prate kin”.
Dêr yn Nagano wie ik de earste dei stiekem mei in sinder nei it iis gien en boude dêr in goede ferhâlding op mei de Japanske starter fan de 5000 meter. We ferstienen elkoar net, mar sloegen elkoar op it skouder at in start goed gien wie. Doe’t Gianni Romme yn 6.28 alles oan flarden riidt, rûn ik wat nei de bocht, fong him op en begûn in ynterfjoetsje. Sjoerd waard troch ien jonge oan de kant skood, no dy Japanners hongen my mei fiiif man oan’e bealch. Ik ha’t gesprekje mei in him dealaitsjende Romme wol ôfmakke.
Fjouwer jier earder wie’k yn Hamar. Jan Ykema wie der ek, dy riidt al net mear. Dus stienen we yn it Holland House te âldehoeren. Ynienen kaam doe noch prins Willem-Alexander der yn. “Ha Jan!”. Se koenen elkoar want Willem giet graach om mei bekinde lju. Hy hie twa yn it griis stutsen keale mannen by him mei in dinkje yn it ear. Foardat ik it yn’e rekken hie, hienen se my in meter efterút krong. Holskodzjend bin ik nei de taap gien. Ik wie al republikein, dat stie no fêst.
Hamar hie de freonlikste bewakers dy’t ik ea meimakke ha. ‘Sorry, jo kin hjir net lâns, mar wer moat jo hinne, dan wiis ik it efkes’. Sa’hie ik in moai paad nei de mixed zône, lâns trappen boppe yn it iisstadion. Dêr kaam ik in man tsjin, moaie Noarske trui oan. We stienen efkes noflik te praten. Oer it waar, it wie bûten min 30. Oer de winners, hun Johan Olov Koss wûn. Oer de spelen en de bewakers. Healwei it petear realisearde ik my dat dit kroanprins Harald wie. Ik ha’t net neamd. Gewoan in freonlike man, hielendal allinne. Sa kin it ek, tocht ik.