14 02 2022
Idioat
As je op de telefyzje sjogge nei ‘Het Verhaal van Nederland’ fan Daan Schuurmans of, en noch better, it boek ‘Friezen’ fan Flip van Doorn lêze, dan wit je dat wy eartiids in grinsoerskriedend folk wiene. Flip beskriuwt dat we yndertiid neat hienen fan ‘alles is by ús better, dus bliuw we tús’. Nee, we gienen de grins oer, we wienen wrâldûntwikkelders. Grinsoerskriedend is lykwols de ôfrûne wike in smoarch wurd wurden.
Dan ha’k it net oer dat ûnsinnige gedoch oer froulju dy’t har yn it sin bringe dat der 20 jier lyn immen oan harren kont siet oant it idioate op’e foto setten fan je eigen geslachtsdielen en dy ek noch ferstjoere. Né, ik ha it dan oer dat de foarsitter fan de Twadde Keamer, Vera Bergkamp, net mear wol dat we dat wurd idioat yn de Keamer brûke. Of immen knettergek ferklare.
Wêr leit de grins. Ik ha in hekel oan flokken, mar brûk wol ferdomme of ferdikkeme. Oare minsken fine dat ek te sterk. En wy ha hjir ek noch in oare taal, wêrtroch in wurd wolris wat oars betsjut. Ach, Bergkamp hat wol wat gelyk, mar we bin al fierstentefier. Dat komt omt ek de media fol bewundering wiene oer oerdreaune teksten yn de elitêre Twadde Keamer.
Soks is echt net begûn mei Fortuyn en Wilders. Boer Hendrik Koekoek wie de earste populist. ‘Ik wil geen statistieken, maar ik wil cijfers’. ‘Ik weet niet waar het over gaat, maar ik ben tegen’. En hy song mei Heit Abraham “Den Uyl moet in den hoek…”. Peo, dy doarde, tochten we doe.
Je skrikke no fan it wurdgebrûk op sosiale media hurder as fan Poetin. De Ljouwerter partij Lijst 058 seurde fannewike, terjochte, oer dat Ljouwert te min dien hat oan it ûnderhâld fan wegen en brêgen. “Het huidige college heeft dat vies laten liggen” Wêrom it wurd vies, dat makket it smoarch.
En ik wit wol dat at dat wurdsje der net yn stie, dat we it berjocht net opfallen wie. Dan is it net spannend mear. Dan is de konklúzje dus dat it net giet om wát politisi sizze, mar hoe’t se it sizze. Dat is dochs folslein idioat. Dy lju bin knettergek.