21 02 2022
Lelylijn
At je sjogge dat de treinen der twa, trije dagen útlizze at de wyn efkes wat oanhellet, dan hoech je hielendal net mear te praten oer de Lelylijn. En dochs wolle de steateleden dat wiidweidich. Ta ferbjustering fan treinkonduktrise Avine Fokkens lutsen gâns partijen nammentlik de hânremme oan. It wie dochs sa’n moai mearke wat se hieltyd fertelde: de wereld nije hûzen foar Hollanders, dy’t dan hieltyd yn en út sa’n trein springe.
De measte mearkes wurde nea wurklikheid. Dit mearke dûbeld net, it is te djoer en hat gjin rindemint. Tsjin de tiid dat dy hûzen boud binne sitte we ommers al wer yn de krimp. Gearwurking fan it Noarden is in Fata Morgana. En der hat noch nea in Dútser west, dy’t it hie oer in trein tusken Grins en Bremen. Dus seinen de steaten fan Fryslân yn mearderheid: lit we de saak nochris in kear goed bestudeare.
De fertaling dêrfan is a) dat der in soad gemekker yn Fryslân is dat dit plan der yndertiid ynsmiten is, sûnder der mei ús oer te praten en b) wá hat dit eins ûndersocht? It wie: hatseflats yn de krante. Unfrysk.
Dat bringt betizing, Avine. Terwispel leit o sa noflik by de Gerdyk. Rêstich, warber folkje, 1000 man sterk. Mar dan komme dy orgasmes yn de krante. Ynienen kaam der by de provinsje in bryfke fan Doarpsbelang Terwispel. Dêryn stie: wy wolle in stasjon ha.
Oarloch! Binnen in dei moast Doarpsbelang de bryf al wer offisieel ynlûke en waarden der lju út it bestjoer smiten. Ofsjoen dat se yn Den Haach trije dagen lake hienen oer de 1 april grap fan in stasjon fan in snelheidslijn yn Terwispel, bin der genôch lju yn dat doarp dy’t der net iens in trein lâns ha wolle. Dat seinen de Oerterpers ek al.
Dus de steateleden ha gelyk. In goed ûndersyk. Net inkeld prate oer wêr at sa’n trein lâns ride moatte soe, mar ek mei de minsken dêrre en yn de rest fan Fryslân oer wat se der fan fine. En hoefolle at se der oan ha kinne. En fase 5, 6 is dan prate oer gjin stasjon yn Hearrenfean en ek net yn Drachten, mar wol yn Terwispel.