21 04 2021
Lânskip
Sneon trof ik in boer. De sinne skynde, dus ik rôp dat it moai waar wie. Hy skodholle nee; te kâld sei hy. “It gêrs krûpt wer yn de grûn”. Moai sechje.
Nije taal is net altýd moai. De provinsje Fryslân teistere ús mei de term terrawattoeren. Google praat net, dus ik wit noch hieltyd net at it terrawatt-oeren of terrawat-toeren binne is. It sil wol oeren wêze, Fryslân hellet gjin toeren út.
Ik hat te krijen mei duorsum opwekte enerzjy. Wy ha yn’e meterkast allegear in stroommjitter, wêrfan de risseltaten op de stroomrekken komme. Terrawattoeren sil je ek wol mjitte kinne. Fryslân skynt der wat mear meitsje te moatten as at de bedoeling wie, mar wat dat foar ús ynhâldt witte we net.
Lokkich hat deputearre Sietske Poepjes trochleard, se twittert teminsten yn it Ingelsk. Se wit ek dat der oant 2030 noch 3000 bunder fjild fol sinnepanelen by moat. Dêrnei moat der noch in kwak komme, mar dan is Sietske al beppe. Dat moat de bern fan de legere skoalle mar útsykje.
Sinnepanelen. Gjin wynmûnen mear sei Sietske, wylst de iene nei de oare lânskipsfernieler yn de Iselmar omheech hyst waard en de advysried foar it jierliks ferpartsjen fan sân ton foar lânskipsferbetteringskompensaasje noch ynsteld wurde moast.
De provinsje hat bepaald dat de provinsje bepaalt wer at dy sinnefjilden komme sille. Oars is it sa’n gedoch. Elkenien protesteart ommers. Dy lju ha gjin weet fan terrawattoeren. Likegoed seit Sietske ek dat guon gemeenten dy sinnefjilden op ferkearde plakken ha wolle. Want “we ha soarch foar ús lânskip”. Sietske praat wartaal: wól sinnefjilden, mar net ten koste fan ús lânskip?
Sietske hat in suske. Avine Fokkens. De lokomotyf fan de Lelylijn. Se krijt dêrby amper stipe fan Grinzer wagons. Dochs hat Avine dy nedich. Want se wol no dy 9,5 miljard spoarjild ha en dan soarget sy dat it hiele noarden, ynklusyf Urk, rom 200.000 hûzen mear boue sil as at tasein wie.
Romte sat, seit Avine. Foar Fryslân betsjut it 45.000 hûzen mear as de al taseine 15.000. Presies, dat taseine part dat ek net op tiid klear komt, want it duorret fiif jier ear’t in gemeente alle fergunningen klear hat. Dan is it gerop Bouwe Blinder van steateleden net mear as gerop op in lege coronatribune.
Gemeenten bin stadich. En no bin dy steateleden, stiekem op wei nei in referendum, ek al kwyt dat Fryslân al lang bestjoerd wurdt troch belangeorganisaasjes en gewoan folk. De measten bin al lulk dat se fantefoaren net meiprate koene oer dat Deltawentebouplan. Avine is fan Wiegel syn lichting, at je minsken wat freegje, komt der noait sa’n Deltawentebouspoarlineplan. De lju yn Oertrep ha dus noch net yn de rekken dat der aanst elk kertier in trein foar har rúten lâns flitse sil.
Friezen sjogge net mear nei boppe: de loft sit fol mei te lûde straaljagers. Dat wurdt noch slimmer. We sjogge ek net mear út oer de see, want dy brûkt de provinsje om winst út wynmûnen te heljen. We sjogge net ûnder de grûn, dêr stopje se aanst de meest freeslike dingen, as kompensasje foar dy 9.5 miljard. We sjogge inkeld noch wat dom om ús hinne, nei it ienigste wat we noch oer ha.
Gemeenten meitsje lykwols plannen foar hoekjes sinnefjild tusken natoergebiet en boeregrûn. Dêr litte minsken har hûn skite, dy komme yn aksje. Der bin lykwols folle mear hoekjes nedich at dy 60.000 hûzen der by komme. De leafhawwers fan natoer sille net in hânbree tajaan, dy ha D66 efter har stean. Dus moat it boeregrûn wurde.
Ja, deputearre steaten ha altyd sein dat de boeren de hoeders fan it Fryske lânskip binne. Dat hat ús ferbline, want se ha net sein hoe’t dat lânskip derút sjocht.
Immen, ik sis net wa, hat my ferteld dat Sietske en Avina yn it kolleezje fochten ha om de hoekjes grûn. “Hjir komt in sinnefjild”, “Nee, dêr komme hûzen”. Sander de Rouwe stie gnizend yn it hoekje mei wat Iselmarwynmûnen ûnder de earms, Douwe Hoogland en Klaas Fokkinga rûnen der skriemend út.
Se fochten om boeregrûn. Trekkers rukke al wer op nei de Twabaksmerk, dizkear rinne wy der allegear efteroan.
Ik fertelde it ferhaal oan dy boer. Wit jim wat dy sei: “Dan bliuwt it ivich te kâld”.