14 04 2021
Diktatuur
Bestjoerskultuer. Jim sit net op in toar ferhaaltsje te wachtsjen, mar it is wol ferrekte wichtich. Jim witte dat se yn Den Haach sykje om dé nije foarm fan bestjoeren. Omt dat al jierren net mear goed gie. Thorbecke, dy’t ús yn 1848 op it doe goeie demokratyske paad sette, is útwurke. De nije wiisgear is Tjeenk Willink.
Uzes is Arno Brok. Dy hat der foar trochleard. Hy skreau Tjeenk in bryfke, dat ik efkes foar jim gearfetsje en fertaal: ‘Fryslân biedt him oan as in nije floeibere organisaasje. At jim ús it jild joue, dan rêdde wy der wol mei. Net mear ‘dy krijt dit’, ‘in oar dat’ en de tredde krijt neat. Nee, wy bin tenei in ienheid’.
Brok hat it fersichtich noch oer ‘bevredigende samenwerkingsconstructies’, mar hy bedoelt fansels dat provinsje, wetterskip en gemeentes aanst net mear bestean. Mei syn trijen bin se dan ien regio Fryslân.
Dêr ha’k ik pear nachten oer neitocht. Dan flitse der ynienen allegear erfarings foarby, dy’t ik hie mei gemeente, wetterskip en provinsje. Erfarings dy’t elk hân en noch hat. Net elkenien is dêr like lokkich mei, en dan sis ik it fersichtich.
Ik wie bllid dat de lytse wetterskippen eartiids ien grutte waarden. En dat we net mear 31 gemeentes ha. Der mei om my noch wol minder komme as de 18 fan no. Dan is der lykwols ien neidiel. Alles is sá grut wurden dat bestjoerders net mear tiid en sicht ha om alles goed bestjoere te kinnen. Se kin net oars as guon saken oerhevelje nei it amtlik apperaat.
En ja, dat amtlik apperaat is yn dit lân wurden ta in organisaasje dy’t net wit dat wy in befolking ha fan 17 miljoen yndividualisten. Se bin net meigroeid. Net amtners hear, mar it amtlik apperaat hâldt tsjin dat ús winsken of tinken by polityke bestjoerders telânne komt. Wat jo wolle, kin neffens de wet net, sizze se. De bestjoerder heart dat net iens. Dêrmei sitte we yn in amtlike diktatuur.
De media bringe it ek net mear nei bûten, dy wurde troch in wrâld oan oerheidskommunikaasjeamtners ôfskerme. Ik sjoch bygelyks op gemeentlik nivo dat se alle stikjes yn lokale kranten net oansprekkend skreaun ha wolle, mar amtlik en toar. Logysk dat dy kranten ferdwine.
At bestjoerders dan sizze ‘dit moat oars’, wurde se troch it amtlik apperaat behindere om soks út te fieren. Of se dogge it gewoan net. Sjoch nei de taslaggeaffère. En sjoch dat Rutte lige moat om in amtner te beskermjen.
Ik krige yn de nachten dat ik der mei omtoutere in nachtmerje oer it wurkjen fan Fryske bestjoerders mei de amtlike apperaten fan wetterskip, provinsje en gemeentes. Dy hienen tsien jier wurk om ta ien organisaasje regio Fryslân te kommen. Tsjin dy tiid wie it projekt al lang wer as net wurkjend ôfserfeard troch de opfolger fan Arno Brok. Letter tocht ik dat dy nachtmerje noch positiver wie as de realiteit.
Brok sit echt op it goede paad; ik leau deryn. By it Waad hat er in kear op tafel slein: ‘ik bin no de baas en ik sis gearwurkje’. Dat wurket, al hat hy noch net alle ús jonge fûgels fersteurende straaljagers delsketten. Mar it is in goed idé om wetterskip, provinsje en gemeentes, en hooplik ek al dy oanheake heale oerheden, op ien bulte te smiten.
Allinnich, en dat hat Tjeenk al nedich, dan moat der earst wat oars barre. Dat alle amtners tenei wurkje yn tsjinst fan minsken, fan ús. Mei de polityk. Dy soe optimaal profiteare at de amtnerij foar ús wurket. Want dan feroaret der echt wat.
At wy teminsten ek feroarje. De polityk doch syn bêst, woe bygelyks yn de corona sa iepen mooglik wêze. We koenen alles heare, mar wy én de media harkje net goed. Sa waarden alle oerwagings daliks feit. ‘Zullen we 21 april de terassen open doen’, dan bin se al iepen. En at it dan net kin, seure we oer dat de oerheid him net oan syn wurden hâld.
Seurders oer burokrasy ha gelyk. We ha in apperaat fan rigeltjeneukers. Wy ha skjin ús nocht dêrfan. It is spitich Brok, dy burokrasy soarget dat it mooglik is dat at je 100 meter fan elkoar wenje de ien wol en de oar gjin hûnebelêsting betellet, omt se yn ferskillende gemeenten wenje. Dan is dy regio Fryslân noch in hiel ein fuort.