Eelkesweblok


Een reactie plaatsen

15 05 2019

Janke

Normalerwize bin we út de skroeven at in Fries of Friezinne op de nasjonale telefyzje komt. Watte, sels Omrop Fryslân besteget der talleaze appkes oan at soks bart, ek al  giet it somtiden oer net mear as dat in Fryske boer in frommis ha wol. Mar doe’t Jan van Weperen sneon syn ferhaal fertelde foar Nieuwsuur ha’k sittten te janken. Watte, ik skamme my dea.

It kaam der op del dat at immen syn hûs stiet yn it feangreidegebiet en dat hûs dondert op Grinzer wize yn elkoar omt de boeren it wetter net heger ha wolle ûnder har lân, dan hienen se foardat dat hûs bout waard mar better út de doppen sjen moatten. Dan bin se sels ferantwurdlik. Bliuw ôf fan ús hillige grûn en it wurk fan de boeren.

Ik jankte. Ik skamme my. Mar ik wie net ferbjustere. No ja, miskien oer hoe gau at dit al op de hispel kaam. Want it nije wetterskipsbestjoer is noch mar in pear wike âld. Dêr sit Jan van Weperen ek yn. Hy doart dit no sa wreed te sizzen, omt hy yntusken murken hat dat de oare deistich bestjoersleden noch súniger mei wetter binne as hokker boer dan ek. En dat dy deistich bestjoersleden it hiele algemiene bestjoer en de dykgraaf yn de skjirre ha.

Jan van Weperen sei it yn in reportaazje dy’t oantsjutte dat fersakkingen yn de feangreidegebieten op plakken yn Fryslân noch al nuodlik binne. It wie, yn in pear wiken, it safolste sinjaal dat de mienskip der goed oan dwaan soe alles te feroarjen. It him net mear feroarlove kin dat alles bliuwt lykas it is. Ik moat sizze dat de media it noch aardich folhâlde om al dy hiele en heule wittenskippers oan it wurd te litten oer al dy net sûne sitewaasjes yn lânbou en natoer.

It hat neat te krijen mei de bargeoproer fannewike yn Boxtel. Da’s it militante Partij voor de Dieren-ferhaal. Dit is it ferhaal dat de lânbou de natoer en himsels ek net ôfbrekke moat, op hokker wize ek. En it bin net inkeld mear de natoerminsken dy’t stean gean. Sjoch, yn de 70-er en 80-er jieren fan de foarige iuw wiene dit soart diskusjes gefechten tussen geitewollen sokken yn sandalen en netsjese segaresmokende en jenever drinkende boeren en politisi. En ik moat earlik sizze dat wy as media wolris wat tefolle fan dy lêste groep oan it wurd lieten. Wy wisten doe ek net mear as dat it natoergefoel hjir en dêr wol wat oerdreaun like.

We bin no noch wat yn betizing omt der minsken binne dy’t fine dat in baarch de hiele dei wat yn in lisstoel hingje kin en betsjinne wurdt mei in bakje spek troch de frou dy’t de boer dochs fûn hat. Mar at se dan in kar meitsje moatte tusken wolf en skiep witte se it net mear. Tagelyk is der ek in klimaatdiskusje oan de gong. Dy giet inkeld om jild. Elsevier skreau lêst mei in grutte kop dat 25 persint fan de befolking de klimaatdiskusje ûnsin fynt. Se skreauen net dat trijekwart fan it folk it dus iens is oer dat it sa net langer kin.

Dat bin dan, al of net tafallich, deselde lju dy’t der foar soargje wolle dat ús feangreidegebiet, ek al is it mar in bytsje, better wer yn folle fleur wurket oan it natoergefoel en de ekonomy fan Fryslân. Sels binnen lânbou-organisaasje LTO, sels fanút de boeren, wurdt dat lûd hieltyd lûder.

Ferline jier augustus kaam in wittenskiplik rapport. Dêr stie yn dat at we neat dogge is de feangreide yn 2100 fuort. Dêr ha we no in dik heal jier oer âldehoert. En, en dat zei Jan van Weperen ek allegear, der wurdt no in ynventarisaasje makke fan de hûzen dy’t fersakje. Der wurdt ek in plan makke om dy ynklinking tsjin te gean.

Bêst Van Weperen. Ynventarisaasje. Plan. Mar der bart noch neat. Sels at yn steaten en sels it wetterskip frege wurdt om ris echt wat te besykjen, wurdt der neat dien.

De mienskip fytst aanst wer massaal troch it lân. Se sjogge wer wat mear blomkes yn de greide. Foarearst is dat lykwols noch net folle mear as gesichtsbedroch.

Advertenties


Een reactie plaatsen

08 05 2019

Laitsje

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert sei yn syn 4 maaie betinking yn de Prinsetún dat syn opfolger of opfolgster dy betinking ek dwaan moat. Dat bepaalt in boargemaster lykwols net, dat docht de ried. En in goede ried docht wat in grut part fan de mienskip graach wol.  Boargemasters dy’t fuortgeane tinke hiel faak dat se in hiel wichtige rol spile ha yn de mienskip, mar meastentiids merkt dy mienskip der neat fan at dy man fuort is of der noch omhinget. In boargemaster is allang net mear in bepalende figuer.

Wol in binende figuer. Sa’t Tseard van der Zwan dat die yn Hearrenfean doe’t de fuotbalfroulju yn de kjeld kamen troch finansieel wanbelied fan de stifting, dat likemin op de sinten passe koe as de grutte klub. Van der Zwan hat der foar soarge dat alles wer te plak liket te kommen. Fansels lit de ried him dus net donderje, al moat se der oardel ton liening yn stekke, wêrfan it hielendal net wis is dat se dat ea werom sjen sille. En it iishockey, en al dy oare sporten wolle no ek wol liene. Mar hawar.

Sybrand van Haersma Buma is in binende figuer. Se sizze dat hy nije wike as de nije boargemaster fan Ljouwert tefoarskyn komme sil. It is net sa dat de betrouenskommisje fan Ljouwert oan him tocht hie, mar se moat him yn Den Haach op in netsjese wize kwyt en Ljouwert komt tafallich frij. En der is noch altyd in groepke Keamerleden dwaande om ûnderling dy boargemasters te regeljen, en wierskynlik bin der genôch Ljouwerter betrouenskommisjeleden dy’t omheech wolle yn dy partijen. Dy partijen tinke noch altyd dat boargemasters bepalende figueren binne, dus se bemoeie har der mei. Dus Sybrand komt.

Ik sei it, hy is in binende figuer. Dy’t noch binender wurdt, at hy it keursliif  fan it CDA wat ôfskodzje kin. En dat kin in boargemaster altyd maklik, troch te sizzen dat in boargemaster boppe de partijen stiet. Dêr hat it âlde PvdA-Twadde Keamerlid Ferd Crone altyd wol wat muoite mei hân. Dêrom ek dat hy wer in echte polityke jonge wurdt yn de Earste Keamer.

Syn hast lêste strapats yn Ljouwert wie syn soarch oer it lachgas. Ik besykje absoluut net om der in Frysk wurd foar te betinken. Lachgas is folslein legaal spul, inkeld om 4 maaie hinne stroffelje we oer it wurd gas. De fleurige helte fan de mienskip brûkt it om de oare sûre helte fan it folk wat by te waskjen. Je sûgje wat oan in ballontsje en hupsakee je begjinne te gnizen of je slaan oaren de knibbels oan pún fan it laitsjen. It is net slimmer as dat je wat dronken binne en da’s folle goedkeaper dan at je der earst in heal krat bier of in mingel jenever trochhinne jeije moatte.

Lykwols Crone fynt lachgas in bedriging. Dus doe’t we nei it Ljouwerter befrijingsfestifal woene yn kjeld, rein en skrale wyn namen we wat mei. Mar we koenen net oars Ljouwert yn komme as we moasten ús alhiel neaken útklaaie en de spuitsjes lachgas waarden ús út de kont weihelle. Dus Ljouwert wie de hiele dei in treurige boel.

It is ek frjemd dat Crone it net lije woe. Hy is ien fan de boargemasters dy’t tús wol in hennepplantaazje ha wol en dêrmei de coffeeshops legaal fan de meast freeslike drugs foarsjen sil. No sizze se fansels dat se dat dwaan wolle fanwege dat ûngelikense gedoch fan kriminelen dy’t je oan de efterdoar drugs ferkeapje wylst je it foar gewoan troch de kofje dogge.

Mar: Crone kaam fan Dordrecht; studearre yn de 70-er jierren yn Amsterdam. Ik tink…..  no lit ús sizze dy hy der wolris oan snúft hat.

It Snitsers boargemastersjonkje Buma, mei in steile heit, studearre  tsien jier letter yn Grins. Nee, dy waard it net gewaar. Mar hy hat mei de lêste ferkiezings sein dat we fleuriger tsjin elkoar dwaan  moatte. At we dat net kinne dan moat we miskien wat fan dat legale lachgas brûke. Mar ik tink dat Buma aanst dy hennepplantaazje fan Crone troch de plysje oppakke lit.

Hjoeddeiske betsjoerders oer datsoarte saken. Ik skuor my de bûsen út. Watte, ik laitsje my dea. Sûnder lachgas.

 


Een reactie plaatsen

01 05 2019

(Un)handich

Annet van der Hoek is handich. Guon soenen sizze dat se rjochts wurden is, mar dat is net sa. Gewoan handich. We sieten ús in pear wike lyn allegear ôf te freegjen werom dit altyd foaroansteande PvdA-lid, oant yn de steaten en Keamer ta, net mei har eigen PvdA en Water Natuurlijk meistimde yn it wetterskipsbestjoer. Derom koe  Sjoerd Galama formateur wurde en en it wetterskip férwurde ta in boereorganisaasje, dy’t tsjin it miljeu is. Wetter stiet yn Fryslân de kommende 4 jier altyd te leech in de sleaten.

Annet van der Hoek is juster beneamd yn it deistich bestjoer fan it wetterskip. It liket op in mei har stim kochte setel, mar dat kin je net lûdop sizze. Gewoan handich.

Foar ús is it net sa handich, want we moat sadré at se yn it bestjoer sit, tenei folle mear betelje oan it wetterskip  Mar dat wisten we ek al omt se ferline jier 7,8 miljoen tekoart hienen en dat kin we Annet van der Hoek net oanrekkenje. Net mear as handich.

Gerrit-Jan de Vries wie net handich. Gerrit is fraksjefoarsitter van de VVD in de gemeenteried fan Harns. Hy frege yn de gearkomste fan febrewaris nei de it finansiële plaatsje van de stifting Fiskerijdagen. Ach nee, we bin yn Harns: Visserijdagen. Jierliks wurde dy yn Harns fierd. It is eins it selde as in doarpsfeest, inkeld bin de fiskerskippen wat mear fersierd. Se bin dit jier fanôf 28 augustus.

De stichting Visserijdagen wie rekke oer dat Gerrit de Vries nei harren sinten frege. Watte, se wiene sá lulk, dat se tsjin de gemeente sein ha “hâld jim subsydzje mar, wy wolle it net mear ha, want dan freegje sokke idioate VVD-ers hoefolle sinten at we ha. En dat is ús privacy”.

Op de webside fan de Visserijdagen stean 78 sponsoren. Opdield yn 8 fakken; dat hat fansels te krijen mei hoefolle at je betelje wolle en kinne. Vermilion Energy is haadsponsor. Ik wit echt net wat dy betelje, mar it is net in bytsje. It is ommers in grut ynternasjonaal bedriuw dat ús gas út ús grûn sûget, en dan ferkeapet. Dat smyt in soad sinten op. 78 sponsoren is in knoarre jild. Logysk dat dy Visserijdagen sizze kinne ‘dan hoege we dy foai fan de gemeente ek net mear’. Ja, ik siz foai, mar ik wit dat bedrach ek net, want de webside fan de gemeente is wat dat oanbelanget foar my blokkeard.

Mar ik ferûnderstel dat at der safolle sponsoren binne, dan hie de stichting Visserijdagen himsels wol rêdde kinnen, en dan hie de gemeente har beheine kinnen ta it ôfsetten fan de diken tidens de feestlikheden. Mar nee, subsydzje.

Dus wat barde der: 12 fan de 17 gemeenteriedsleden fan Harns ha in in iepen bryf stjoerd nei de Visserijdagen. Deryn stiet dat Gerrit de Vries dy privacy net oantaaste woe mei syn opmerking. En dy subsydzje leit echt klear, dus kom op stifting, frede. Ja, dy gemeenteriedsleden ha fansels muoite mei de safolste  begruttingswiziging. Want at dy taseine sinten net nei de Visserijdagen geane, wat ha we dêr foar alternatyf foar, der is neat fergelykbers.

Fiif fan de 17 riedsleden stienen net op dy brief: Gerrit fansels sels net, Harlinger Belang net, Wadn Partij net en Grien Links ek net. Wêrom net. Bin se net frege? Of fine se ienriedigens yn de stêd Harns net wichtich. It REC sit net by de 78 sponsoren, dus dêrom hie’t ek wol kinnen. We witte it net. We witte neat. De Harlinger Courant hie inkeld mar it ynstjoerd stikje fan dy 12 gemeenteriedsleden, dy’t djip troch de knibbels giene foar de stichting Visserijdagen. Nim asjeblieft ús subsydzje oan, toe no, dan heare wy der ek by. Mear witte we net.

Sa linkendewei wurdt polityk Harns in apart soadsje. Net oars as de  Visserijdagen: we kin ússels wol rêdde. Harns wol net by de rest fan Fryslân heare. Eins is sa’n ynstoerd stikje in typyske eilanner reaksje, sa ha se dêr ek altyd polityk bedreaun. Dat rûn wol út de hân sa no en dan. Gerard van Klaveren waard nei Amelân stjoerd, omt se elkoar dêr de harsus ynsloegen. Neffens Brok hat Gerard Amelân rêdden. Dus moat hy no mar nei Harns ta. Of moat handige Annet dêr hinne?


Een reactie plaatsen

24 04 2019

Drones

Yn- en yngemeen. Krekt foar dat elkenien de peaskejas oanluts, en daliks ek wer útluts fanwege it moaie waar, fertelden se ús ynienen dat se op syk sille om yn it noarden fan Nederlân en Dútslân romte te finen foar oefenterreinen fan definsje. Je tinke oan in 20 april grap fan de krante en der stiet dat it mar om in ûndersykje giet, dus je set je ta kuierjen, fytsen, farren, barbecuen, nei pake, aaien ite of wat lawaaierich geskuor op in motor.

Mar we hienen de bek iepenskuorre moaten. Want sa nimme pr-funksjonarissen de earste horde foar in net te akseptearjen died. Sju,, we seine neat. Mooi, dan mogen we dus doorgaan, sil se letter sizze. Nee bliksemse jonges. Gjin ûndersiken dwaan. Soademiterje op.

Ik moat der net oan tinke. Se tinke aanst fan ‘ach in bomke op dat noarden dan bin we fan dat geseur fan Merkel en Rutte ôf’. En we ha dy fleanbasis hjir al as earste mikpunt fansels. At se in kear goed op dy kearnwapens yn dy F35-ens sjitte, dan hat it hiele oefenterrein  gjin doel mear.

En wat moat we no tegeare mei Dútslân. Dat fielt net goed. Watte, je koene de hiele peaske dy fize peaskebulten fan Dútslân al snúve yn ús sa mei soarch troch de boeren mei bestridingsmiddels behannele frisse plattelân.

Yn- en yngemeen. No ja, der wiene in pear lju dy hienen it earste stikje lêzen en seine: dy fleantúgen fan Lelystêd narje aanst inkeld noch Oerissel en Gelderlân. Dy lju ha noch mar krekt de stront út de earen fan it saneamde Frisian Flag gedoch. Beskamsum dat de Fryske flagge wappert omt hûnderten militêre fleantúgen út de hiele wrâld hjir komme en elkoar sabeare besjitte boppe US waad. Sa yngreven, dat de garnalen net iens mear pulst hoege te wurden. Dy swimme sa mar yn de netten, want dy wolle dêr wol graach wei.

Moat ik jim noch fertelle hoe’t wy soms yn sliep falle kinne, sadat der de meast ferskriklike saken troch ús noas board wurde. Koartlyn noch, dat sâneilân. Der hienen se al tsien jier oer flústere,  ynienen soe it wêze. Fryslân moast rêdden wurde troch de FNP. Dy kin lykwols neat dwaan tsjin dat oare stiekeme gedoch, de fleantúgen dy’t nei Lelystêd sille. Dat wie ek al tsien jier súntsjes oan de gong. Wynmûnen lyk sa. Se beskermje har efter it wurd ûndersyk, mar dat wurdt yn harren wurdboek fertaald as “tapakke”.

Net yn it nije wurdboek Frysk. We moatte daliks by it wurd ûndersyk  roppe dat it net trochgiet. Krekt as by de dividint-belêsting, der wiene we op tiid by. Of de twa dammen nei Amelân. Dus it kin wol.

It moat wol yngreven. It jout hielendal neat dat Brok nei de Paus gie en sei dat we allinne foar God knibbelje. Dat jout neat, want Rutte harket net nei de Paus, want hy is herfoarme.

Ik kin my foarstelle dat der lju binne dy’t sizze ach, Grins leit moai tusken ús en Dútslân yn en it liket dêr at de hûzen al besketten binne, da’s in moai oefenterreintsje. Mar de kantinebaas fan de Ljouwerter fleanbasis riidt dan wol de hiele dei tusken Ljouwert en Godlinze hin en wer.

Nee we moat wat konkreets dwaan. No. Net moarn. Ik stel foar dat we mei syn allen op dy dyk foar fleantúchspotters stean geane by it Ljouwerter fleanfjild. Net mei in kamera, mar allegear mei in drone. En sadré at in fleantúchmoter oanslein wurdt, dan zoem zoem allegear de drone los litte boppe dat fleanfjild. Dan giet dat fleantúch  net omheech, want dan barre ûngemakken en dat moat net. En at de moter dan wer útdien wurdt, dan de drones werom komme litte. En oplade, want definsje besiket it noch wol in pear kear.

Twa dagen letter komt der in militêr mortierkommando fan t Harde nei dy dyk. No en dan bin der wite flaggen en dan gean der trije lju efkes mei de militêren mei en dy sizze ‘at jim ophâlde mei de plannen foar sa’n oefenterrein, dan hâlde wy op’. Oke. Dan hoege we inkeld noch DNA ôf te stean, want dan bin we echte blokkearfriezen wuren.


Een reactie plaatsen

17 04 2019

Frysk

Ik lies moandei de kollum fan Nynke van der Zee oer har seksuele ynburgering. Ik bin nochal wat âlder as Nynke, by ús gie it noch oars. Mem sei neat, mar joech, doe’t ik nei de HBS soe, my swijend it boekje “Mammie waar kom ik vandaan”. It wie fan de ferieniging foar seksuele herfoarming, de NVSH. Ik ha’t boekje lêzen en fierder rêdde it him wol. Inkeld oer soksoarte saken as homo’s en dûbelfluiters wisten wy doe hielendal noch neat.

Tsjintwurdich witte bern soks al, at se by wize fan sprekken noch embryo binne. Alles is bekind en yn byld. Allinne wy komme yn it Frysk dêrmei fansels efterop. Dat wie al sa doe’t we langút oer de Smearlappen fan Anne Wadman foelen, wylst sels hiel Staphorst “Ik Jan Cremer” al lêzen hie.

Bart Kingma hat it oplost. Hy skreau “Seks to the Max”, in Frysk boekje oer Max Wouda dy’t op knoffelige wize dat seksuele ferhaal oanrikt krijt. Ik fyn it moai, mar da’s gjin kriterium. Wol dat bern dy’t op de gruttte skoalle komme, nofliker harren pakket oan gefoelens meitôgje kinne.

Jelle Bangma fan Cedin stjûrde it nei de skoallen, as ûnderdiel fan in oanrikt lespatroan. Seks yn it Frysk, der wie wer in horde naam. Nee dus, de skoallen woene it net allegear ha. De kombinaasje Frysk en seks is net foar bern fan 12, seine se. Jelle naam it wer werom, miskien wol benaud dat net alle leararen likegoed mei dy matearje omgean kinne. It boekje is no gewoan op de merk, it ûnderwiis hat der gjin rol mear yn. Alders bin wer ferantwurdlik, mar betink wol dat dy it der noch altyd swier mei ha.

We tinke net gelyk, hè. It wurd mienskip is ferline jier útfûn en stiet op al ús t-shirts, mar dat jild net foar it Frysk. Guon lju ha twifels by it Frysk yn it ûnderwiis. Dat komt benammen omt de hjoeddeiske ûnderwizers faak yn it hollânsk opfieden waarden, omt je oars net iens foarby Wolvegea kamen. Watte, net iens ýn Wolvega.

Dy generaasje wit dus net wat taalfertuteazje is, wylst se it sels dogge. Ik kin skoallen wêr’t it hartstikkene goed giet, mar earne oars bin soargen. Se ha Keamerlid Harry van der Molen foarút skood.  Dy die wat hy altyd docht, dy stelde fragen. Kin de minister net soargje dat de provinsje sels de ynspeksje fan it frysk yn it ûnderwiis wurd?

Dy minster, Slob, spruts ferline wike yn in seal mei sa’n 1000 minsken de ynspeksje fan it ûnderwiis ta. Der wie in ûndersyk ferskynd dat de inspeksje it ornaris goed docht, mar it ûnderwiis oan swarte skoallen koe better. Dêr sil se oan wurkje. Dus doe koe Slob net oars as tsjin Harry sizze dat de ynspeksje him dan ek wol mei dat swarte frysk rêdde sil.

Oer fiif moane, want we dogge simmers net oan it Frysk, dan komt de wurkgroep Sis Tsiis op’e nij mei in demonstraasje dat it Frysk op skoalle better moat. Twa moanne dêrnei komt it op de gearkomste fan de FNP wer yn de polityk. Jehannes Kramer wurdt nije wike wer deputeare fan de guozzen, dus dy kin neat, en úteinlik moat Sietske Poepjes Harry wer freegje om in pear fragen te stellen.

De nije minster fan ûnderwiis seit dan dat by de ûnderwiisynspeksje in siktaresse sit wa’ns beppe út Doanjum kaam en dat it Frysk dus by de ynspeksje yn goede hannen is. Yntusken ha dan alle ûnderwizers, alle wurkgroepen fan de Ried fan de Fryske Beweging, alle polityke partijen yn Fryslân útsein Foarum, Tresoar, Akadeemje, Afûk, wurkgroep Frysk fan de gemeente Ljouwert, Frysk dit en Frysk dat, Rimmer Mulder op persoanlike titel harsels hearre litten. En dan bin we wer net in tried fierder. Want dy fine ek net allegear dat Sietske  Poepjes de bêste ûnderwiisynspekteur is, dy’t efteryn de klasse sitten giet om te hearren at se fertuteazje wol geef útsprekke.

It is mei alles sa en dus ek mei it Frysk. At we echt wat wolle dan moat we ien mienskiplik doel ha. Dêrnei kin we pas fragen en easken stelle. Dy bin no bespotlik.


Een reactie plaatsen

10 04 2019

Harry

Harry van der Molen is Twadde Keamerlid foar it CDA. Hy hat optheden ek noch in bybaantsje: hy moat in kolleezje fan deputearre steaten foar Fryslân yn elkoar prutse. Ta myn ferwûndering docht hy dat der mar wat njonken.

Want Harry is in o sa drok man. Doe’t hy dat bybaantsje al hie, wie hy yn de Twadde Keamer likegoed noch warber om in gebarentolk by parsekonferinsjes fan de oerheid te krijen. Dat moat ek, al bin ik no al wis dat der gjin gebarentolk by de parsekonferinsje oer it nije Fryske kolleezje wêze sil.

Harry wie ek dwaande mei in oanpast OZB-taryf foar sportferienings en Fryske doarpshûzen. Hy siet der ek oer yn dat frijwilligers fan de Oranjeferienings der mei ophâlde, omt syn oerheidsmaten allegear  drege rigeltsjes betocht ha. Hy makket him ek ôfgryslik drok oer dat hy net oer de Ofslútdyk nei de Keamer fytse kin. Hy hat elke dei wol in fraach oan ien of oare minister.

Harry hie ferline wike ek noch geweldige diskusjes. Hy fynt dat polityke partijen net in omrop oprjochtsje meie. En dat wylst de NCRV/KRO fan it CDA is, de AVRO/TROS fan de VVD en BNN/Vara fan de PvdA, de EO fan de ChristenUnie. Dat mei fan Harry dan wol wer. Mar it liket dat Harry yn de Fryske tuskentrochjes leard hat dat dy Hiddema fan Foarum sa gau as mooglik in eigen Holwerter omrop ha wol. Dat mei wer net. It liket my swier in ûnderskied te meitsjen yn wat wol en wat net mei, mar ik ha in radio en telefyzje mei in útknop, dus it kin my net in moer skele. Mar Harry wit dat de media de ferkiezings bepale. Dat de wrâld oars en transparant wurden is.

Harry is net tansparant. En soe gjin tiid ha moatte foar al dat Keamergedoch; hy moat ommers dei en nacht dwaande wêze sa gau mooglik in nij kolleezje te meitsjen. De ferkiezings ha ommers opsmiten ha dat it hjoeddeiske kolleezje net doocht. Mar hy fertelt ús neat.

Dus ik twittere: wat bard der no yn Fryslân Harry, moat wy mar wachtsje? Harry twittter binnen it oere werom en sei dat myn libben inkeld bestiet út it ôfwachtsjen wat der bard en dat ik der dan pas wat fan fine mei. Oftewol: bek hâlde, oant ik fertel wat we yn dy efterkeammerkes beslikke ha. Ik siet ik ferslein op de stoel. Selden krij je sa’n klap foar de harsus.

Lokkich bestiet Atze Jan de Vries fan de Ljouwerter Krante. Dy hat der ek it mier oan dat alles sa hûden en tsjuster bard. Mar hy wit ek dat it gjin doel hat Harry te folgjen, want dy is inkeld dwaande mei gebarentolken, dy’t fertelle dat je net fytse kinne op de Ofslútdyk.

Nim no Wiegel. Dy docht it selde wurk as Harry yn Súdhollân. Hy jout parsekonferinsjes. Harry stjoerde inkeld ien fotootsje dat hy oan in tafel sit njonken in famke mei in laptopke. It ienige wat Atze Jan te hearen krige wie, dat der no praten wurdt mei fiif partijen, wêr’t dan fjouwer útrolje moatte. Dat koe net oars as bekind wurde, want Grien Links en de ChristenUnie dienen ynienen net mear mei en at je net mear meidogge dan mei je de mûle wer iepen dwaan.

Dat mei ik dus net fan Harry. Mar ik doch it lekker wol. Bêste Harry: Fryslân hat neat oan in rjochts moterblokje CDA/Foarum/VVD mei  oanhingweintsje FNP, dat net iens hingje bliuwt at se in kear goed nei har eigen programma sjogge. Nee, Harry: Fryslân hat behoefte oan in goed gearwurkjend ploechje dat wurket oan in kompromis tusken rûchwei sein ekonomysk en lânskiplik tinken. Dat is by it wetterskip Fryslân alhiel net slagge. Te mear reden foar dy om it wol goed te dwaan.

Dus CDA/PvdA/VVD/FNP. Want Foarum tinkt net om de mienskip, inkeld om harsels. Sjoch Harry: ik ha ek leaver Grien Links as de VVD. Ofsjoen dat it krekt ien te min is, mar wat je wolle docht der net ta. Wat nedich is, is folle wichtiger. Want at we it net dogge slagge we elkoar oer twa jier mei de wynmûnen om de harsus. Hearst my wol Harry? Of moat ik der in gebarentolk by helje?


Een reactie plaatsen

03 04 2019

Wintertiid

Ek al ha diskusjes pas in pear dagen lyn west, dan is it net wenstich dat ik der hjir nochris oer begjin te âldehoeren. Dat hat ommers gjin doel. Jim ha alles goed lêze en hearre kinnen en jim bin grut genôch om der sels in stânpunt oan op te hingjen. En dochs wol ik it no efkes ha oer dé diskusje fan ôfrûne wykein. Nee, net Ajax-PSV. Net Baudet. Net Fryske Marren. Nee, wintertiid of simmertiid. It ôfrûne wykein moast de klok wer in oere foarút. We ha wer simmertiid, it waar paste him bjusterbaarlik oan.

Inkeld, we wolle dat gepruts mei de klok net mear. De allermachtigste yn ús mienskip, de Europeeske Unie, hat no ek sein: we nimme aanst noch ien tiid en jim mei sizze at dat wintertiid of simmertiid is. Diskusje. Elkenien eamelt der yn om. Ik tocht earst dat it my net in moer skille kin at ik no by tsjuster of mei ljocht myn skuon oan doch, want ik doch de fiters toch net los en kin blyn mei in hakketrekker wurkje.

Mar ynienen, midden yn de nacht waard ik skril wekker. We kin ommers gjin simmertiid ha. Klimaatferoarings, formalisme, te grutte belangstelling en Pyt Paulusma lit ús dan wol twifelje oer al of net in alvestêddetocht, simmertiid yn de winter sil him echt fermoardzje.

At sis mar op 12 jannewaris 2020 om healwei seizen it startskot klinkt yn de Alverstêdehal yn Ljouwert is it roettsjuster. Dat bin we wol wend. Mar betink wol dat de hjoeddeiske wedstriidriders hurder ride as at se ea dien ha. Sûnder mis sil it foarbyld fan Fausto de Mareiros yn de alvestêdetocht fan 4 jannewaris 1997 ek neifolging krije: in lampke op de reedridershelm. It wurdt moarns no ien dwarreling fan ljocht. De earsten dy’t útfalle ha gjin stompe of omklapte redens, mar sizze ferheard “myn lampke foel út”. Ja, dan doch je net mear mei.

Wis, dat earste ein hat altyd tsjuster west. Mar yn 1997 riden de riders ek folle hurder as yn 1985 en dát wie yn febrewaris. Fausto foarop yn Balk en sa kamen se fan de Luts op de Holken. Eartiids waard it dêr ljocht. Yn 1997 noch roettsjuster. En je moat om in hoeke, dat je sjogge net daliks de lampen fan de Galamadammen. Se hienen dêr ek neat ophong, ik soe ek net witte wêr’t dêr de stekker yn moat. Elkenien stode witwer hinne. Kânshawwer Peter de Vries botste op in peal en bruts syn skouderbonke. It wie in wûnder dat se net allegear it lampke fan Fausto folgen, want dy gie de ferkearde kant op.

Starum gie noch wol. Yn Hylpen wie lykwols it ljocht yn it  stimpelhokje net iens oan, en sa krige Piet Kleine gjin stimpel. Se wiene fierstentelet. De riders ride nó noch folle hurder en bin noch folle earder yn Hylpen, dan lizze se dêr noch op bêd. Net ien krijt in stimpel.

Tusken Warkum en Boalsert krigen de riders yn ‘97 wat mear sicht. Doe wie it tsjin noggenen. Mar it duorre oan Harns ta foardat it echt ljocht wie. Mei de simmertiid bin we aanst noch in oere letter. Dus Boalsert en Harns ek noch dik tsjuster. Frentsjer fier foarby, dan komt it ljocht der pas wat by.

De televyzje hat dan inkeld noch mar passaazjes sjen litte kinnen. Se komme op de Blikfeart pas yn de wedstriid. Yn Hilversum bin al lûden dat tenei ien kameraatsje op de Bonke wol genôch is.

De toerrriders ha it noch folle slimmer. In oere langer tsjuster by de start. Je kin je eigen fiters net iens sjen. En dan ek noch 20.000 oare harlekijnen. At de Luts noch wetter is, fan Sleat werom nei Wâldsein en dan op de Ie tsjin elkoar ynride. Se ha net allegear in lampke. Der komme wis in soad ûngemakken fan.

Wy moat as Friezen no oerein komme en de hiele Nederlânske befolking efter de alvestêddetocht krije, en dan nei it Europeeske Hof. Wintertiid. At we aanst op 27 oktober de klok wer efterút set ha, komme wy der noait wer oan. Ek net at alle oare idioaten yn de wrâld him dan op 29 maart 2020 wer in oere foarút sette. Wy net wer!