Op dizze side stean wat lêzingen dy’t ik hjir en dêr hâlden ha. (En foar it oare, ik mei dat graach dwaan. Wolle jim wat: sykje kontakt op de side kontakt)
IT GILD
Yn Grou ha se noch in âlde eigen syktekosteferiening. It Gild. Der mei allinne manlju oan meidwaan. It is it humoristyske oerbliuwsel fan wat eartiids in earnstige saak wie. No is it kontribusje betelje en dêrfan in moaie jûn belibje. Ien dei yn it jier, de earste tiisdeis fan febrewaris komme alle manlju fan Grou sadwaande by elkoar yn Oostergo. En dan hâldt immen in ferhaal.
Dit is myn ferhaal fan 7 febrewaris 2017
Tsien jier lyn ha ik hjir ek stien. Neffens de foarsitter ha ik doe sein dat Grousters in dom folkje binne. Ik wit it net krekt mear, mar dat silt wol. Ik fûn leau’k dat der te min kriich yn Grou siet, dat moast neffens my feroarje. Ik neamde it dom om hjir sûnder ambysje mar wat om te hingjen.
Der is foar it oare noch hielendal neat feroare oan dat dom. Foarbyld:
It Grouster skûtsje, ús doarp Grou, wat jim mei jim allen betelje, giet nei Lemmer en wurdt foar tsientûzenen euro’s 14 sentimeter langer makke. 14 sentimeter ……. (penne). At jim no tinke dat dat ding aanst mar ien streep hurder fart omt dat ding in bolpenne langer wurden is, dan bin jim frij dom.
Miskien dat jim as Gildbestjoer dat de skûtsjekommisje dúdlik meitsje kinne, guon hoege dan inkeld yn de spegel te sjen.
Noch in foarbyld, en dat giet ek oer likernoch 14 sentimeter: Grou hie oer 2016 81 minder ynwenners, dus der giene mear dea as at der berne waarden. Hoe simpel kin je dat oplosse……… Sa’t de âlde dokter Verbeek fan Warns sei doe’t in frou dêr har njoggende bern krige, sa mar trochgean frou. Sa simpel is it dus.
Mar ek dit is in soarchfersekering dy’t krekt as de oaren yn dit lân nearne in oplossing foar oppenearret. It ienigste wat soarchfersekeringen dogge is sinten binnenslepe. Der is no sels in wet kaam, dat de winst fan de soarchfersekeringen net mear nei de oandielhâlders gean mei. Ik ha dus ek net begrepen dat de foarsitter sa gau wer beneamd wurde woe, want it smyt aanst gjin sinten mear op, mar alla. En it is moai, sitten bliuwe en rop dan de Grousters manlju ta:
Gjin krimp yn ús Grou,
Wy ynfesteare letterlik yn de frou.
Oer dichtsjen sprutsen
Sint Piterdei
Dan grienet de wei
Dan bakt mem stro
Dan keallet de ko
Dan leit de hin
Dan hat de húsman it nei syn sin.
Typysk gedichtsje foar dizze soarchfersekering ‘t Gild. De frou wie doe net oan de oarder yn de 19e iuw, se bakte it de húsman nei’t sin, mar no dus noch net want se meie hjir net iens komme.
Kin jim it trouwens noch ? It stiet yn Rimen en Teltsjes fan de Halbertsma’s. Wit jim dochs wol. Doe yn dy tiid, Rimen en Teltsjes ferskynde yn 1871, wiene der noch ferneamde Grousters. Berend Mink is koartlyn ophâlden as skûtsjeskipper, no is der hjir net ien mear ferneamd.
Eeltsje Halbertsma skreau al yn 1837:
“Jongeren van gegoede burgers trokken langs de huizen met ratelende kettingen. Ze bonsden op de deuren en gooiden pepernoten”.
Doe wie’t noch echt in sosiale mienskip hjirre. Bern van gegoede burgers, we soenen no sizze lju dy’t mear as Balkenende fertsjinje, smieten twa pepernuten troch ronfelige doarren, werefter earme minsken sieten te triljen fanwege dat rotlûd fan dy ferrekte kettings.
Mar oer 4 dagen komt er oan. Piter. Piter is read. Wat der om hinne strúnt wie altyd swart. No ha we ferline jier sjoen wat in earnstige, no sis mar krityk-nuodlike sitwaasje, at it net in ramp is, dat oproppe kin.
Demonstranten. Sels yn de tiid fan Vietnam of de krúsraketten ha hjir gjin demonstraasjes west, en no mei Sint Piter: demonstraasjes. Watte, net inkel spandoeken mar ek minsken dy’t de fûst omheech stekke.
Se sizze dat jim de lytse bern yndoktrineare mei ús slavernij ferline, sadat dy dat logysk fine. Skandalich. En jim stean der mar mei de hannen yn de bûse by. Piter hat sûnt 1900 altyd deselde rûte riden at er oankomt, mar dat kin no net mear. It moat no hurd, hurd, efkes op it hynder en dan mar gau nei Friesmahiem drave, en wer fan dat hynder ôf. De âldsjes dêrre bin foar it oare noch de ienigsten dy’t yn de hillige Piter leauwe.
De doar fan Friesmahiem giet sneon gau op slot. Wylst de plysjes bûten mei kalasjnikovs steane om elke koskiten-griene sabeare Piet del te sjitten. En jim, jim sjonge ferskes, no ja fertaalde sinterklaasdeuntsjes.
Wit jim wol dat jim dat allegear sels betelje. Dizze wike, wierskynlik jûn want dêrom bin jim hjir hinne flechte, wurdt der kollekteard foar Sint Piter. Ja, dat barde oars in wike earder, mar se sette it der no deun op want oars bin jim it al wer ferjitten. Derom wie der ferline wike de kollekte foar de harssesstifting.
Want lêze jim noch wolris in krante, hear jim wol nei de radio, sjoch jim woris nei de tillefyzje. No ja sels op dy appkes op jim tillefoan stiet wol dat de wrâld oan it feroarjen is.
Ha jim wol yn‘e rekken dat de tiid fuortspuitet en dat der folle wichtiger saken binne as sa’n ekstra kommersieel feestje. Want sis no mar earlik, jim fiere sinterklaas, jim fiere kryst, jim fiere moederdag en dan dit gedoch, dat is foar jim allegear ekstra.
Mar dan, nei moannen lang fergaderjen, seit de middenstân ynienen dat der gjin keapsnein mear wêze sil foar St Piter. En dan skriuw se ynienen dat der no in keapsneon wêze sil, op in toan as is hjir sneons noait in winkel iepen. Der komt amper ien, mar dat is wat oars.
En wat in geknoei mei dy winkels. Dat bombastyske gedoch yn de buorren mei de Poeisz, alle winkels wurde no oerskade. Wa fynt dat gebou no moai?
It hat sels Lidl wekker makke, dy wol no fiif meter fierderop as wêr’t se no steane in plakje ha yn de Baby dump. Ik wik jim dat se dêr no aanst oan de oare kant fan it brechje in grut parkearplak meitsje en dan kin Warten, Wergea en in part fan Ljouwert hjir tenei de Lidl brûke. Op it brechje komme rails foar de karkes.
En der komt in grut boerd op it starteilân op de Pikmar: bakboord uit dan komt u bij de Lidl, aanlegplaatsen aanwezig. En dan stiet Poeisz wer te skriemen en ferboud noch in kear en giet nei it âlde plak fan de Lidl, at de jumbo dat net ynnaam hat. No ja, dan gean alle oare winkels yn it sintrum ek op sneon definityf ticht.
Sjoch no ris fierder as fiif meter en trije dagen. Foarbyld: teater Veder hat in moai projekt, de oplieding fan amateurstonielspilers om wurk te dwaan foar deminte bejaarden. Dat dienen se oars yn de sosiëteit PKB, mar dy is no ferdwûn.
No soenen je sizze dat dizze soarchfersekering dy opliedingskosten foar syn rekken nimme soe. Nee. Wit jim wa’t it betellet: Vermillion Energy Nederlan. Dat bin de lju dy’t oeral yn de grûn prikke om te sjen at der ek noch ien in lyts gastankje ferlern hat. Dy bin sawat útprikt yn Grins, no komme se hjir dus wer.
Dy wolle hjir ek yn de grûn prikke. En dan dondert it hiele wetterfront wer yn elkoar. Dus dan kom jim, miskien, wol yn protest. Mar dan seit Vermillion : ja mar wy ha jim deminten ek kultuer jûn, no wolle wy efkes yn de grûn prikke.
No hoege we ek wer net oer alles yn te sitten. Want at se hjir yn de grûn prikke dan komme se gjin gas, mar inkeld smoarge rotsoai tsjin. Want doe’t der brân by Halbertsma wie, yn 1960, ha jim alle rotsoai gewoan yn dce Rjochte Grou dondere. No kostet it miljoenen om dy rotsoai wer skjin te meitsjen. Slodderfossen
Noch slimmer, 13 desimber 2013 hat boargemaster Ton Baas tegearre mei Feico Smeding in beam plante. Dy beam wie al fiif meter grut doe’s se him yn’e grûn setten. It wie dus al in echte beam. In walnutebeam. Mar we ha der noait in nút fan hân. Dy beam is no al dea. Dat hat teminsten de plantsoenetsjinst út Ljouwert konstateard. Dy ha blykber folle mear gefoel oer natoer as at jim ha. Want jim ha de twa earbiedwaardige lju dy beam plantsje litten op in betonplaat. Dy ha jim yndertiid foar de holle fan âld boargemaster Vrijling weihelle en dêr bedobbe. Ien fan in oar hie noch wol kinnen, mar dizze betonplaat wie sa tsjok, de beam bûgde daliks de holle.
Mar dy beam betocht no, en dêrom wie it ek wol wer tekenjend dat hy dea gie, dy liet sjen dat tusken 1984 en 2014 de gemeente Boarnsterhim miskien wol bestien hat, mar dat der noait libben ynsitten hat. Ik hie dy deade beam dus stean litten, as skrinend foarbyld fan wat der allegear ferkeard gean kin. Mar ja, Ljouwert is no baas en dy sette in nije beam, mei in buordsje, no ûnder it each fan Eeltsje Halbertsma del yn de Parkstrjitte. Op dat buordsje stiet:
As oantins oan dat
Liwwadden Grou
Wer wekker skodde hat
Ik hearde fan’t simmer immen yn Grou sizzen: by Ljouwert hearre is hartstikkene goed hear, de boargemaster fan Ljouwert hat hjir no al in pear kear west. Krekt at je dêr wat mei opsjitte. Boppedat , dêrfoar wie de boargemaster hjir altyd al, mar doe koenen jim der neat mei.
No genôch jittik miegd, we sjogge efkes nei de takomst, dan wurdt it allegear grif better. Dat lies ik teminsten yn de Wahington Post. Neffens Trump doocht dy krante net, dus wy fine it wol goed wat der yn stiet. En der stie yn dat de Amerikaanse sjoernaliste Diane Daniel hjir ferline simmer west hat te fytsen. Ja, dat ha dy Amerikaanske sjoernalistes somtiden. Dy Trump sit altyd oan froulju om te griemen en te pielen, dan wol je wolris wat oars as frou.
En dan klim je yn Grou op de fyts en dan fyts je de pontsjesrûte. Dan skriuw je dêr in stikje oer yn de Washington Post en o jee, dan blykt dat der no tûzenden en tûzenden Amerikanen nei Grou komme sille. Dan tink je suver dat dy Trump dochs gelyk hat dat de Post altyd it ferkearde nijs hat. Mar echt, dy Amerikanen komme. Yn Ljouwert tinke se dat it komt fanwege kulturele haadstêd, mar dat wittte wy net iens wat dat betsjutte sil, lit stean de Amerikanen.
Nee, dy Amerikanen wolle krekt as Diane dy pontsjesrûte fietse. Want Diane Daniel wie entosjast oer de pontsjes, dan hoeg je sa no en dan efkes net te fytsen. Mar se wie ek entosjast oer de “andere bezienswaardigheden van de route”. Tsja.
Bezienswaardigheden. De Bird mei dy Italiaanske bergwennings fan de gegoede burgers dy’t hjir no mei St Piter de bern net iens pepernúten foar de holle smite. Dy lju kin ek net iens goed farre, der moat foar harren spesiaal in bredere trochstek komme as de Tynje, of miskien is der no al, want der is ek al tsien jier oer praat. Mar ja wetter is ek net in bezienswaardigheid, want dan kin dy Amerikanen wol nei it Waad.
No ja der is ien bezienswaardigheid op de Bird. Dêr komt in âlde molkbus te stean. Hy stjonkt noch in bytsje want hy is brûkt foar carbidsjitten.
Elke fytsende Amerikaan kin dêr in dollar ynkwakke foar Postma. Dan kin dy ek wer mei de pont oer it kanaal, teminsten at de pontbaas dollars oannimme wol. Want it formalisme stiet wol heel heech by de lju dy’t dat pontgedoch regelje.
Ik wie ris op reportaazje by de toenmalige boargemaster Vrijling fan Idaerderadiel, dy’t my útlake en sei: “u spreekt enkel over elf boeren, meneer Lok (meneer dat noch wol wer) maar dat is maar twee regeltjes in een krant, waar hebt u het eigenlijk over”. Doe ha ik tsjin dizze so called reade boargemaster sein dat yn Fryslân wenjen en bestjoeren ek út rekken hâlde mei wetter bestiet.
Dus soargje dat lju dy’t tafallich oan de oare kant fan de feart wenje en buorkje, deselde rjochten en plichten ha as wa dan ek. En at elk fergees yn it sintrum fan Grou komme kin, dat soks dan ek jild foar de boer op de Bird. Mar ja ik prate tsjin dy betonplaat, en dy ha jim letter brûkt foar dy walnutebeam.
Bliuwt oer dat jim as wetterlju de oerheid no ris by it boarst nimme moatte en sizze dat dy pont in foarsjenning is fan de oerheid en dat elk der fergees mei oerfarre kinne moat, 24 oeren deis.
Dat soe oanmerklik jild skille foar al dy Amerikanen dy’t op de fyts ûnderweis wiene en noch net fierder as de carbidmolkbus. No hup mar wer op de fyts.
Fytse, oer de Greft nei de Headammen troch wat wrak lân. Op de Headammen stiet Ie Sicht, mar dat is sûnt ik berne bin 16 kear ferboud, da’s net mear bezienswaardig of markant. De Amerikaanse wynmûne Herkullis Metallicus kin je fan in ôfstantsje sjen at je oerstekke nei de Feanhoop, mar wat ha Amerikanen mei in Amerikaanske mûne.
No de Feanhoop is ek mar trije dagen yn it jier ferneamd, en at je der lâns fytse sitte der bierleidingen yn de grûn, dy kin je net sjen. No dan nei Akkrum, Nes, der stiet in âlde wettertoer, mar dy soe ik net markant neame wolle, en it is net mear as in hotel mei twa keamers, foar hiele lange minsken.
Dan Akkrum, ja wat is der yn Akkrum te sjen. In bende auto’s yn it te lytse sintrum. O ja de bylden fan Krûme Knilles en Manke Meine, ferklaaid as âld rust. Dan oer Aldskou. It hotel dêr dondert hast yn elkoar, hat hielendal neat markants mear. Dan oer Jirnsum, no ja dat hat noait wat west yn Grouster eagen. Dan nei Grou werom en at ien my fertelle kin wat foar bezienswaardigheid Grou hat.
No ja de Sint Piter, moai, stiet dy sinterklaas dy’t altyd sa let yn febrewaris hjir noch omstrúnt der elke snein te preekjen? Dat is it dan. Dus se kin wol skriuwe yn de Washington Post dat je hjir hinne moatte…… in frekt ein fytse, hieltyd je fyts yn en út in pont klauwe, en neat sjoen. Here we come
Ach, Grou is fierder dochs inkeld in plak om oan te lizzen, te sûpen en te fretten. Mar at it hjir echt feest is, mei je at je trije pilskes hân ha net iens nei je eigen boat sjén, want dan wurdt je al oppakt troch de plysje. En dêr wer’t oeral yn wettersportplakken gesellige sintra makke binne fan oan elkoar klauwde terrassen, hjir yn Grou stiet dan in ûneaglike gele tinte út de tiid fan Tetman de Vries. En siet dy der dan mar, mar wy sjoch inkeld Jan Feike.
It moat oars, en it wurdt al wat oars. Boue. Wrotte wrame. Want jim bin no ek wer net sá dom dat jim net witte dat Grou efteroan rint as it giet om de wettersportsintra yn Fryslân.
Eartiids giene we nei Grou en Earnewald, dan pas nei Snits Langwar. No sizze se Snits, Heech, Wâldsein, Langwar, Starum, Warkum, Koudum, Lemmer yn willekerige folchoarder en Grou en Earnewâld komme noch krekt foar de aldersuterigste wettersportrûtes dy’t se no makke ha yn it Bildt en Ferwerteradiel en sa. Alle jild dêrfoar is yn de Sudhoeksterfeart dondere, der komt ommers noait in farrend mins. Starum kin 1000 kear mear mei in sint as St. Anne. Safier bin jim noch net ôfsakke. Mar der komme wol oare nijen. Balk begjint mei grutte plannen. Hylpen krijt no wer rom rekreaasjewenten. Sjoch om jim hninne, lês de kranten.
Der moat hjir wol wat barre. Der bard wol wat. Mar der is altyd te min jild. En de ien wol sus de oare sa.
Dus it sjit net op en it is allegearre gegriem. Moat jim jim foarstelle, der rint in steigerke oan de noardkant fan de Pikmar, ûnderdiel fan jim Wetterfront. Ja jim neame it in wandelboulevard, as wennen jim yn Monaco, ik neam it in steigerke. Simmers knoffelje je der ommers oer al dy lytse bern dy’t der oan it boartsjen binne, want heit en mem sitte te sûpen, en ja swimme en sile kin net op de Pikmar.
Dat steigerke giet fan it sylsintrum nei …… presies nei it terras fan it theehûs. Sa’n ding soe dochs yn elk gefal oant Oostergo ta rinne moatte.
En hoe krij jim it no yn de harsus om dat ding op it terras fan it Theehûs útkomme te litten, sa fan begjin mar by it Sylsintrum te rinnen dan sette wy de kofje alfêst klear. Gjin wûnder dat net in boargemaster of oare hotemetoot dy steiger iepene, mar it personiel fan it Theehûs. Of hat Thiemo dy steiger betelle. Dat ha’k nearne lêzen.
Efkes fierder leit de Hellingshaven. Der sil no wat barre. Moai no. Wethâlder Deinum sei dat der begûn wurde soe en doe blykte dat “enige raadsleden blij waren dat er nu eindelijk wat in Grou zou gebeuren”.
No ja de betingsten bin fêstlein, it formalisme is no klear, mar it is der noch wol twa simmers in rotsoai. Mar it alderwichtigste positieve nijs: der komt dêrre foar 1 april in plak om te pisjen.
En ik ha heard dat dy oare Frijling (mei in F, sokken doge wol) in skatebaantsje ha wol. Mar dat wol net ien betelje. Net ien wol ea wat betelje. Want hjir is altyd sa’n ferdieldheid oer plannen dat der nea wat fan op de hispel komt. Yn Snits komt der in wetterskibaan. Soe ek net, dochs bewrotten, rekkenje mar dat de Potten belangstelling krijt. By de Burgumermar ha wat ûndernimmers dêr om hinne in mienskiplike aksje om der hurd te farre te kinnen. Der stekke lju sinten yn. Dy bliuwe hjir yn de bûse.
Rin of riidt no ris in kear langs it Wetterfront, no noch moai keal. Sjoch dan ris om jim hinne. Mar sjoch it ris grutter as jim wend bin te sjen. Hiel grut. Ik kin wol projektûntwikkelders dy’t oan de slach woenen as sljochtwei de hiele prakke hûskes oan de Oosterveldstrjitten, Drachtsterwei Parallelstrjitte, Paviljoenstrjitte, Molestrjitte, en benammen de Noarderdwersstrjitte ôfbrutsen wurde.
It moaiste soe wêze in bom sneon mei de demonstraasjes by Sint Piter, dan hienen we der it minste wurk fan en dan koenen we it ek moai op dy demonstranten ôfskoue. Mar hûske foar hûske wol ek wol. Grouster tempo.
Yn dat gebiet meitsje we twa streamkes, ynstekken fan de Pikmar. En oeral grutte grouwelige mar dus ek djoere hûzen, lykas oan it kanaal. Ik wit wol, it is foar gegoede burgers, mar dan krij we miskien hjir en dêr in pipernút mear. Mar meitsje dêr ek romte foar in moaie omjouwing, oansicht, wenjen en rekreaasje. Sadat at je oer de kuiersteiger rinne je in noflik sin krije. It Theehûs moat dan tsien meter efterút, en der moat minstens fiif kroegen en tsien terassen njonken komme, prachtich útsicht oer de Pikmar.
We kinne fierder ommers neat mei de Pikmar, want dat is in konstant gefaar mei dy frachtskippen, dy’t, de provinsje seit it sels, aloan grutter wurde sille. At sa’n skipper by de leugenbank op de remme trapet, en dy hat er net iens, dan leit er pas stil fier foarby Yn’e Lijte. Dêr moatte we yn wettterprovinsje Fryslân mei libje. Krekt as mei in eventuele nije fargeul fan Grou nei Drachten. Dat kin net. Oars kom je tefolle oan Diane Daniels har bezienswaardigheden. Mar dy fargeul soe ek neat oplosse foar de Pikmar, der moat mear guod nei Grins en Dútslân as nei Drachten. We moat wat oars betinke.
No hat Wypke van der Mei (bist der ek) wat oars betocht. Hy woe de âlde prakke fan Halbertsma en de âlde iisbaan wer ta wetter meitsje. Hy beskriuwt dat sa moai , ik lês foar
In geweldige ‘upgrading’ foar it âlde doarp. Ut it easten fanôf de mar, út it westen útsicht op it wettersportplak “dêr ’t men net omhinne kin”. Wat in sfear foar de wettersporters as de jûnssinne fan Hellinghaven oan’t Brechje oer de Baai, Grou yn in waarme gloede set.
Hjir klinke de klokken út de Sint Piter jûns om acht oere noch mear en moaier as oer de Mar.
Grou, doarp tusken ’t wetter.
Moai sein van der Mei, gjin priis. It ferline is foarby. En wat jo wolle is alles wer út elkoar skuorre. We ha no krekt in moai Wetterfront, en dan soe elk wer by Halbertsma omhingje.
Nee , der moat wat grutters barre sadat alle âlde rotsoai ferdwynt. Dan keapet de Jumbo of Lidl de Poeisz wer oer, omdat dêr it sintrum is, wer’t bussen fol minsken komme dy’t op dat steigerke omrinne wolle. Dêr wol elkenien wêze. Gesellich wettersportplak dat Grou. En at elk hieltiid mar gau ropt dat der gjin sinten binne, dan moat we dy sels mar fertsjinje.
Der is hoop. Wat jim net witte is dat de foarsitter fan dizze jûn besocht hat om no noch boargemaster fan Drodrecht, mar aanst kommissaris fan de kening yn Fryslân Arno Brok út te noegjen foar dizze jûn as sprekker. Hy hat dêrnei noch in stik as tsien belle, mar dy koene ek net en dêrom stean ik hjir wer.
Mar ik hie’t oer Brok. Dy woe net al begjinne te praten foardat er de ambtseed ôflein hie. Hy komt hjir foar it oare wol stiekem efkes by de yntocht fan St Piter sneon, want soksoarte ynkomsten hâldt hy fan. En sa gau as hy prate kin, sil hy de kening, keninginne, paus en Sinterklaas noegje om harren yntocht hjir yn Fryslân te dwaan. Dan glimkje syn wankjes alfêst.
En ik ha al efkes praat mei him: De kening is wat tefolle foar Grou, dat wol Ljouwert ek net lije, de paus giet nei Blauhus, dus Brok sil Sinterklaas noegje yn Grou oan te kommen. Dan kin jim foldwaande sjen litte wat hjir noch allegear foar mooglikheden binne. De ûntwikkelders, minsken dy’t fan harren soad jild noch mear meitsje wolle, sitte al op de punt fan harren stoel. Inkeld jim moat dat wolle.
Jim moat in kar meitsje.
Tink dêr noch marris oer nei.
THIALF
Op 27 jannewaris 2017 waard it fernijde Thialf iepene. Se hiene my frege om it ferhaal bij de yn Thialf pleatste foto’s te fertellen. Dat is dit ferhaal
Op Tweede Kerstdag 1966 reden er voor het eerst schaatsers op het Thialf kunstijs. Ze waren vol bewondering. Twee jaar lang waren ze zaterdags of zondags met een bus naar Amsterdam of Deventer gegaan, om daar op kunstijs te kunnen trainen. Op ribbeltjeskunstijs. Het nieuwe Thialf had zijn vriesbuizen echter ín het beton gelegd, niet erop. Thialf ribbelde niet. Sterker, door de vijftig jaren heen heeft Thialf daarna in technische ontwikkeling steeds voorop gelopen. De fabrikanten van ijsmachines komen nu hier eerst vragen hoe het moet. Thialf heeft zijn medewerkers vaak uitgeleend aan andere banen. Ze konden vertellen hoe het wél moest.
Want iedereen zag dat het op Thialf werkte. Wat, ze zijn in drommen naar de heiligheid Thialf toegekomen. Niet alleen om te schaatsen, maar ook om eens te zien, hoe ze dat hier allemaal doen. Ik denk dat nu er een nieuwe ijsvloer ligt en er allemaal nieuwe ijsmachines en andere snufjes zijn, dat ijsmeester Beert Boomsma niet alle deuren meer wijd openzet. Hij wil weer eerste in de wereld worden. Je kunt het in zijn ogen zien, op de fantastische foto van hem die in de rondgang te bewonderen is.
Beert is namelijk onderdeel van de Tien van Thialf. Het tiental geeft de historie van de ontwikkeling in de ijswereld aan, die nergens anders als juist hier gestalte heeft gekregen. Elf? Ach, alles wordt in Fryslân altijd aan elf opgehangen, Thialf is anders. De Tien van Thialf. Bedacht door de oud directeur Eelco Derks. In de rondgang met schitterende foto’s wordt het verhaal verteld van de ontwikkeling van het schaatsen, en alle andere ijsbelevenissen. Vijftig jaar lang stond Thialf daarin centraal.
Het waren de jongens van de barre wintertochten op natuurijs, die als eersten op Thialf schaatsten. Ja, die bocht was wat lastig, maar je kon tenminste altijd schaatsen. Ze kwamen eerst veel ook nog op houtsjes. Nu klappert de baan luidkeels en massaal. De technische ontwikkeling van de schaats werd hier uitgevoerd. Zeker toen Tonny de Jong (u ziet haar op een van de foto’s) twintig jaar geleden hier Europees kampioene werd. Als eerste internationale rijdster op de klapschaats. Een stap in de ontwikkeling van het fabriceren van schaatsen.
Ze werd 20 jaar geleden gehuldigd door een emotionele Atje Keulen-Deelstra. Atsje is intussen overleden. Ze beleefde in 1974 hier haar grote hoogtepunt. Twintigduizend man publiek per dag. Dat kon toen nog met extra tribunes, er zat nog geen dak in de weg. Er is heel veel van datzelfde publiek overgebleven. Aly Letema van Bellingwolde ziet u op de foto, zij staat voor al die duizenden die hier plezier hebben ondervonden van wat hier in de loop van vijftig jaar georganiseerd is. Zelfs dat publiek heeft hier een ontwikkeling meegemaakt, het oranje schilderwerk is niet in een voetbalstadion uitgevonden, maar hier op Thialf.
Aly Letema maakte toen in februari 1974 de dag ook mee van Atje Keulen haar vierde wereldtitel. Een rijdster, die was af geserveerd door de schaatsbond, omdat ze te oud en moeder van drie kinderen was. Het is eigenlijk nooit meer goed gekomen tussen de schaatsbond en de Friese bevolking. En toch heeft ook de KNSB gelukkig niets anders kunnen doen, dan hier de schaatsontwikkeling te laten plaatsvinden. Al hadden ze dan weer geen grip op bijvoorbeeld Rintje Ritsma. Ook hij kijkt u aan op uw rondgang. Hij stapte uit de traditionele KNSB kernploeg en begon een eigen commerciële ploeg. Indachtig het succes van een ploeg zoals de fameuze ijshockeyformatie Feenstra Flyers, die natuurlijk ook een plaatsje in de rondgang heeft.
De ijshockeykampioenen leerden de schaatswereld hier wat het woord ploeg betekent. Wat zij deden en wat Rintje Ritsma bereikte, leidde tot het huidige ploegenstelsel. En dat leidde weer tot de twee aller-succesvolste schaatsers die wereld ooit heeft gekend, en waarschijnlijk zal kennen. Zij maakten hier hun complete ontwikkeling mee: Ireen Wüst en Sven Kramer.
Zelfs zij hebben in hun aller vroegste jeugd niet meegemaakt wat de jeugd van nu op Thialf kan meemaken. In vijftig jaar is de opzet van het jeugdschaatsen vele malen veranderd, maar het principe daarvan niet: ambitie, ook als Thialf, om zoveel mogelijk jeugd op het ijs te krijgen in alle variaties die er bestaan. De exponent was jaren en is nog de Vikingrace, die de topschaatsjeugd uit alle landen naar het Thialf ijs heeft getrokken. Fabienne Diniz van de Bornse Schaatsvereniging was een van de winnaars van vorig jaar, zij kijkt vanuit de rondgang neer op de volgende Vikingrace, begin maart.
Een ontwikkeling is dat het niet allen meer om schaatsen gaat. Met een moeilijk woord noemen we dat tegenwoordig multi-discipline. Alles wat met ijs te maken heeft, hier kunnen doen. In 1967 heeft de Stichting Noord Nederlandsche Kunstijsbaan veel geld gestoken in ijshockey en kunstrijden. Friezen waren te houterig om elegant op dat ijs om te springen en ze vonden dat Amerikaanse gedoe met dat stokje een soort van absurde halloween. Maar de schaatsbestuurders die Thialf als hun eigen paleis bestuurden, kregen het van de grond. Zoals de rest ook voeding kreeg. Shorttrack, heel erg levend nu, schoonrijden, curling, ijsspeedway en wat er straks nog meer bedacht wordt.
Zelfs toen het dak in 1985 op Thialf kwam, bleef in eerste instantie de kortebaanpoot, die er in ’66 zonder discussie was neergelegd, nog bestaan. De kortebaan is onderdeel van de Friese historie van het schaatsen, daar is alles op begonnen. En als sprinter Piet de Boer hier negen nationale titels kortebaan wint, maar ook marathon reed, dan is duidelijk dat iedereen van meet af aan, toen het woord nog niet eens bestond, dat multi-disciplinaire karakter heeft onderstreept. Daarvoor hangt Piet als voorbeeld in de rondgang.
Thialf werd de meest voorname gastheer van de internationale toernooien. De bodem werd daarvoor gelegd in 1977 toen de dooi het wereldkampioenschap in Davos verstierde en de Heerenveense bestuurders er binnen een week in slaagden het toernooi hier te organiseren. Honderden vrijwilligers zorgen er nog steeds voor dat die toernooien zo vlekkeloos mogelijk verlopen. Ze waren er in 1967, diezelfde mensen zijn er nog. Aangevuld met nieuwe mensen, omdat de toernooien in massaliteit zijn gestegen. Ze worden in de rondgang vertegenwoordigd door de markante stem van Thialf, Joop Bleeker.
Dit is geen verhaal over de historie van Thialf. Dat is een heel ander verhaal. Dat gaat over centen. Over het twintigtal directeuren die Thialf kende. Over de diverse eigenaren. En over de politieke discussie of je wel ooit een schaatshal exploitabel kan gaan maken, of er als overheid structureel geld in steekt. En of je dat moet compenseren met Tina Turner. Dat zijn ook ontwikkelingen die hier hebben plaatsgevonden. Maar die staan niet in de Tien van Thialf, die enkel bedoeld is om te laten zien dat Friese schaatshistorie, ontwikkelingen in de schaatssport, de techniek, de ijsbereiding en de belangstelling van vrijwilligers en publiek voedingsbodem waren, voor het Thialf wat hier nu staat.
OFSKIED EELCO DERKS
Doe’t Eelco Derks ein 2016 ôfskie naam as direkteur fan Thialf frege hy my wat te sizzen. Dat koe’k wol
Dit is een wat vreemde bijeenkomst. Normaal gesproken kom je op afscheidsrecepties en dan wordt er afscheid wordt genomen van mensen die met pensioen gaan of mensen die in de ambitie van hun leven wat anders willen doen, maar dat is vaak niet meer dan gewoon weggepromoveerd worden. Maar ik weet niet wat het hier is. Waarschijnlijk hebben wat hoge heren tegen Eelco Derks gezegd, nou jonge: mooi dat Thialf er nou staat, en het lijkt ook niet eens onaardig, maar we redden ons er nu verder wel mee. Maar misschien is het wel anders. En horen we dat nog later nog eens, zoals we gewend zijn in dit land dat er altijd weer in slaagt de zaken niet in de goede logische volgorde te doen. En in elk geval niet in het openbaar. Hetgeen in dit geval toch vreemd is, omdat de bevolking van Fryslân deze hal uiteindelijk betaald heeft.
Het is al weer een paar jaar geleden. Eelco Derks had mij uitgenodigd. Even praten, zei hij. Dat gesprek duurde twee en een half uur. Want hij wilde alles weten over Thialf. De beleving van het Friese schaatsvolk. Het gevoel voor Thialf. Vreugde, verdriet. De historie. Alles. Want zo zei hij, we moeten in het nieuwe Thialf de waarde van die beleving, die historie, die schitterende mooie gedenkwaardige momenten van Thialf vastleggen. En daarmee de nieuwe bezoekers prikkelen. Prikkelen om te komen, te blijven komen en daarbij ook nog te zorgen dat anderen ook geprikkeld worden.
Ik viel de eerste tien minuten van dat gesprek bijna van de stoel. Eelco was de eerste van de twintigtal directeuren die Thialf heeft gehad, die dat gevoel wilde uitdragen. Van die andere twintig hebben wel een paar dat gevoel wel gehad, maar ze hebben het niet onder woorden kunnen brengen, niet kunnen vangen. Eelco kon dat wel; verraste mij met ideeën waar en hoe je dat zou kunnen doen. Hij was tegelijkertijd heel nieuwsgierig naar het hoe en wat van Thialf in het verleden. En toen Hedman Bijlsma, tophistoricus van het schaatsen in Fryslân, vertelde over de oude Koninklijke IJsvereniging Thialf met die rijke historie en hoe die eigenlijk als vanzelf overging in een kunstijsbaan met toebehoren, voelde Eelco zich een soort voortzetter van die historie. Dat voelde goed. Want het basketballertje dat naar Amerika ging bleek daar niet, zoals we wel hadden verwacht, veranderd in een technocratische commerciële computergestuurde jongen die de wereld ziet door de bril die bestaat uit getallen en verwachtingen. Niets van dat. Gevoel !
Dus u mag van mij weten dat ik het zonde vind dat Eelco vertrekt bij Thialf. En ik ben er vrij zeker van dat velen dat met mij spijtig vinden. Want het was echt wel goed gekomen. In een andere functie maakte ik hem bijvoorbeeld mee als een voortreffelijk voorvechter voor schoolschaatsen. Haal die bevolking op, laat ze kennismaken en jongens als straks die hal klaar is…… Ik sprak laatst met wat kinderen die hier de afgelopen weken schoolschaatsten, nou die krijgen maandag allemaal nieuwe schaatsen. Weet overigens ook dat we zelden een Thialf directeur hebben gehad die precies weet hoe het sportverenigings- en sportbondsleven in elkaar zit.
In de advertenties voor de komende world cup wordt Thialf het schaatshart van de wereld genoemd. Als hij het zelf niet bedacht heeft, is het toch een uitvinding van Eelco Derks: hij blijft een sportman die het allerhoogste wil bereiken. Hier dus een schaatstempel waar je de 5000 meter onder de zes minuten kunt rijden, waar de KNSB niet en nooit meer om heen kan, maar waar tegelijk de hele bevolking van Fryslân trots op is en waar ze zich een heel jaar kunnen bewegen op de manier die zij graag willen.
Dit is, zei ik een vreemde bijeenkomst. Ik sta hier zelf ook wat vreemd, want woorden op een afscheidsreceptie worden gesproken namens mensen of organisaties. Ik sta hier alleen als mezelf. Maar ik weet wel dat ik voor veel mensen hier sta. Een avondje de baan rondlopen, en luisteren naar gewone en topschaatsers: no, dy lange doocht wol.
En ik sprak vorige week een oude schaatsbestuurder, die via de baancommissie van gewest Fryslân vele jaren contact had met de veelheid aan Thialf directeuren. “Mar mei Eelco koe’k wurkje”, zo mompelde hij. En dat is in Fryslân de hoogste onderscheiding die je kunt krijgen.
KEATSE
Op 9 augustus 2016, op de foarjûn fan de Freulepartij is der yn Wommels altyd in ploechje lju dy’t nei in ferhaleferteller harket. Dat jier wie ik oan bar. Hjir is it ferhaal
Keatsen stiet Fryslân yn it paad
Op it dressoir stie in jiskebakje. It like wol fan koper, mar it wie inkeld in koperkleurich blikje. Op dat jiskebakje siet in houten stjoerrêdsje, sa’t je dy wol op grutte skippen hiene. En yn dat rêdsje hong in beltsje. Dat klingele hiel sêft at ik der oan kaam. En ik kaam der oan. Want dat dressoir stie by ús yn’e hús. Doe’t ik te âld wie om noch te klingeljen, fertelde myn heit dat hy it wûn hy by in twadde klas keatspartij. No, dêr wie ik suver grutsk op. Hie doe net yn rekken dat myn heit grut, breed en sterk wie, no en dat wie it ienigste wat je as keatser wêze hoegden. En efterôf tink ik ek dat it net mear as in tredde priiske west hat.
Keatsen wie yn Drachten, dêr wennen we, net hiel echt hiem. Lei op de rânne fan it net iens sa grutte keatsgebiet. Der wie al in keatsklub. Keatsklubke. Frans Oazinga wie foarsitter, siktaris, skathâlder en hy fierljepte ek noch. Ien kear hiene se in earste klas keatspartij yn Drachten. Op it âlde VVV terrein, dêr wêr’t no de auto’s steane fan lju dy’t nei de Lawei gean. Hotse Schuil, grut, breed en sterk, keatste dêr ek. Yn in lange swarte ûnderbroek. Hy hie in soad leven. In lyts jonkje lei dy middeis de keatsblokjes del. Dat jonkje wie ik. Ferwyt my dus net dat ik gjin histoarysk besef oer keatsen ha soe.
We hiene yn Fryslân eartiids terpen. Dus wy hoegden hielendal gjin diken. Mar ynienen wie der in boer yn it Bildt en dy woe Bildtstar ferboue. Dat wol net op in terp, want dan krijst skeve ierpels. Dus dy man liet in dyk oanlizze. Dat dienen Hollanders. Ja, wy Friezen hiene ommers gjin ferstân fan diken. Want wy hienen terpen. Boppedat lieten we sok smoarch en grouwélich swier wurk graach oer oan allochtoanen. Dan koenen wy lekker mei it piipke oan yn de sinne op de terp sitte. Dy dykdollers út Hollân hienen sa no en dan ek wol wat ûntspanning, dy boarten dan efkes mei elkoar. Mar se woenen net switte, want dat dienen se op dy dyk wol. En yn dy tiid hiest yn de hiele wrâld al fan dy lju yn moaie pakjes. Jim witte wol, koaningen, keizers, admiraals, pages, ridders en wylde froulje. Dy boarten ek wol, mar dy ferklaaiden har der ek net foar, want dat koste soms wol in dei. Dus dat boartsjen mocht gjin swit opsmite, se hienen dy moaie klean dochs al te lang oan. No, dan sloegen se mei in baltsje wat hin en wer. Wat foar bal? Een kaatsebal.
Dat dienen dy hollanske dykmakkers dan ek mar. No no, wat seagen wy piipsmookjende Friezen, of leaver Biltkerts, der mei in soad wille nei. En grouwélich rike Friezen wedden dan sels wa’t winne soe. Dat mocht doe noch. No en doe woene de Fryske jonkjes wol jild fertsjinje mei matchfixing, dus dy begûnen ek tsjin dat baltsje te slaan. Dat mocht, at it mar net op snein wie. En doe fersloegen dy Fryske grutte brede sterke jonkjes dy Hollanders. Doe’t dy Hollanders de dyk klear hienen, dienen de terpen tsjin elkoar. Mar op elke terp wennen mar trije jonkjes. Dus trije tsjin trije. Dat moat sawat de earste Bûnspartij west ha. 1505. Keatsen is in erfstik fan dy Hollanders, mar de plúzjende Fryske historisi sizze noch altyd dat it Fryske terpkeatsen troch ússels útfûn is. Histoarysk besef, jim heare it.
En wat stiigt it keatsen dêrmei ek út boppe dy oare Fryske kultuerhistoaryske dinkjes, wêr’t we noch hieltyd in orgasme fan krije. Pas op 24 augustus 1767 waard der yn Baard foar it earst fierljept. En ek noch mar gewoan mei in houten stokje oer de Boalserter Feart sjen te kommen. En op 16 augustus 1837 wiene de skûtsjes foar it earst pas aktyf op de Snitsermar yn in wedstriid, en doe wiene it ek noch lytse houten fearskipkes. En keatsen dus al yn 1505. Wauw.
It bin foar it oare jiertallen wer’t de Fryske politisi wip fan yn de angel krije. Watte, alle Fryske polityke partijen ha yn har provinsiale programma stean dat dizze âlde ferneamde kultuerhistoaryske eveneminten, dy’t troch guon lju ek noch sport neamd wurde, stipe wurde moatte. Net dat se dat dogge; se sizze inkeld dat it moatte soe. Guon partijen ha der ek noch Frysk damjen by stean. Dy witte net dat at je foar it earst mei jo bern fan fjouwer jier damje, dan lit je dat bern rjocht oer slaan. De âldere lju yn de Gaastmar en Aldegea bin yn yntelliginsje nea fierder kaam, dy mochten op dy wize trochdamje. En dat neame se dan Frysk damjen, want net yntelliginte lju wennen inkeld yn Fryslân. Mar at jo rjochtút slaan wolle, hoege jo net grut, breed en sterk te wêzen. Foar dy oare eveneminten wol, dy bin dus pas echt Frysk.
Unnoazele Fryske politisi. Ha gjin aan fan de belibbing tsjintwurdich fan de minsken, at se no al of net yn Fryslân wenje. Dy bringe de jonge bern nei gjimmestiek. Yn de hoop dat der Epkes útrolje. Of se krije mei fiif jier al klapredens. Ja, en se meie allegear op tennisjen, sju dy Bertens fertsjinnet ek al in soad, kin Harmke miskien ek wol. Fuotbalfjilden fol embryojonkjes, jonge Abe’s, Cruijffies en Messis. Keatse? Wat is dat?
Doe’t ik yn 1975 by Omrop Fryslân kaam hie’k noch it byld dat keatsen in wichtige sport wie. Letter ha’k pas ûntdutsen dat it wurd sport net fan tapassing is. En wichtich ek net. It is in spultsje mei in djippe, machtich moaie histoarje. Ik die ferslach fan it keatsen. Nei de PC. Ik wie lokkigernôch sjoernalist yn in tiid dat je noch gewoan fertelle mochten wat der barde yn de wrâld. Of op it keatsfjild. Ik hoegde net oerdreaun te razen. Want je kin hielendal net lûd raze by keatsen. Der bart nammentlik trije kwart fan de tiid hielendal neat by keatsen. Keatswedstriden hjitte ek net wedstriden, mar keats-partijen. Da’s hiel wat oars. Dizze partijtsjes bestean út lang oerlis tusken keatsers en kootsjes; it oandwaan fan de want mei fyftjin meter tried om de pols te winen; mei goed stean te gean yn it perk, nee, nee, nee, noch in sentimeterke nei foaren; mei it eineleas op de hân hin en wer stuiterjen mei it baltsje troch de opslagger. Sa no en dan docht ien in slach. Dat is it dan.
Dus it ferslach fan de PC finale wie simpel: musyk, en pas oan it ein fan it earst der yn. At dat net yn ien slach dien wie, dan efkes oer eardere partijen fan dy dei prate. Dan de einslach fan dat earst en dan wer gau musyk. Tsjintwurdich wurdt it allegear folluld, en dogge se net inkel de finale mar de hiele partij de hiele dei allegear live ferslach fan ûnsin. It is absoluut net fol te lullen. No ja, dat miskien noch wol, mar dan harket der net ien mear. It giet tsjin mysels, mar der bin dus in soad minsken ôfheakke fan it keatsen fanwege it ferslach. Tillefyzje is hielendal neat. Inkel is aardich as de PC finale oan de ein komt en dan moat je sjen oft Geart van Tuinen der dan yn slagget om earder as de mem fan de winnende keatser by dy keatser te kommen. Syn hiele ynterfjoes steane dêrnei bol fan minsken dy’t tusken troch skouder slaan en tútsje. Je begripe der net safolle fan, it is wat in eigen folklore foar insiders.
En dêr is neat mis mei. Keatsen is in moai gesellich spultsje. Je sjoggge ek hieltyd jongeren har oanmelden. Mar at de froulju yn it spul komme bin se wer fuort. It keatsen stiet bol fan de tradysjes. Werklik skitterend, je ha sûnt 1505 ek hiel wat opsette kinnen fansels. Dat moat je ek yn eare halde. Dat moat je elk jier wer opfiere. At op de fiifde woansdei fan july de klok fan de Martinitsjerke yn Frentsjer acht kear slacht dan moat Jehannes Westra, hy moat it noch mar wat jierren folhâlde, gewoan begjinne te âldehoeren, mei in seal fol folk, ophelle mei de bus út it bejaardehus. Jim tinke no dat ik de gek der mei ha, mar dat is net sa. Tradysjes moat je op de iene of oare wize yn eare hâlde. Oars gean de tradysjes it selde paad yn as it keatsen.
Tsien jier lyn hâlde ik op as sportferslachjouwer en doe ha’k in sneintemiddei mei hânnen yn’e bûse nei Doanjum west. Ik hearde de keatsferslachjouwers altyd sa opjaan oer de partijen en de keatsers. No, ik tocht ik wol noch wolris sa’n spektakulêre keatspartij sjen. In haadklasse partij. Fiifentweintich minsken lâns de kant. Der wie de hele middei neat oan, net ien raasde of sei wat. Ik ha my dea ferfeeld. Alle libben wie út it keatsen. Dochs hat dat der wol yn sitten.
Want at je minsken freegje wat bin eigenskippen fan Fryslân, wêryn stekke wy boppe de wrâld út, dan neame se taal, beerenburg, alvestêdetocht, dúmkes, folksliet, skûtsjesilen en keatsen. Nochris: taal, beerenburg, alvestêdetocht, dúmkes, folksliet, skûtsjesilen en keatsen.
Earme Friezen.
It skûtsjesilen. Tsja. Al trije jier gean in tal IFKS skûtsjes nei Rotterdam, sile op de Kralingse plassen. Ien slachje, dan bin je al op de oare kant. It wurdt organisearre troch ûndernimmers, dus it jild wat dy lju fan de bank liene, wurdt yn dat skûtsjesilen propt. Dat is in kwak jild, mar ja dan prate dy lju ek ris mei elkoar no. Net wurkje. At dy lju it no oer it skûtsjesilen ha, dan is dat begjin juny, dêr by harren. Ja se leauwe dat de skûtsjes miskien ek noch wol earne yn Fryslân sile. No en dêr bin se ek al troch de sponsoaren oernaam. Wol it net skipper. Nee. Dan mar gau in oar skip, wat kostet dat? Trije, fjouwer ton? Nije wike is it der. Unfrysk.
It Fryske folksliet. Tsja. It Frysk folksliet is de begjintune fan alle feestjes yn Fryslân. Riemer van der Velde hat it betocht om elke wedstriid fan de SC Hearrenfean der mei te begjinnen. Soks soe striid opsmite, de oaren soene der fan skrikke. Dat wie miskien sa yn de 15e ieu, mar no gnize de oaren har stikken, want der stean fiif seis bûtenlanders yn de rige fan SC Hearrenfean en dy ha it ide dat se yn Iislân belânne binne.
It krige ek noch in ferlingstikje. It is 1988 de profronde fan Surhústerfean. Ik stie njonken Marco Pantani. Dat lytse Italiaanske keale hurdfytserke, dat sa oan de strôt ta fol doaping siet. Dy wie krekt ynterfjoed troch Bareld de Vries, de heit fan Jannewietske. Want Bareld wie in grut leafhawwer fan opera, hy gie altyd nei Italie om mei te sjongen en koe dus in pear wurden Italiaansk. Bareld stelde in fraach fan likernoch seis menuten yn Bareld syn Italiaansk. Pantani seach him oan en andere: si. No en doe koe de profronde begjinne. Mar Joop Atsma die noch gau in lintsje omheech en dêr kamen in man mei in toeterke, in famke mei in trommeltsje en ien mei in gitaar. En dy spilen….. no sis mar in fariaasje fan it Frysk folksliet. Pantani seach my fergjend oan. Mar ik ha de eagen delslein, ik skamme my djip. Op de PC wurdt it folksliet twa kear spile. Ik stel eins foar dat jûns ek nochris te dwaan at de Bogt leechrint. It kin wêze dat it dan meisong wurdt, al wurdt de tekst wat ûnwerkenber.
Dumkes. Tsja. Dumkes bin sa hartstikkene hurd dat je de tosken der op slypje kinne. It bin gewoan te hurde koekjes, sa’t je dy oeral wol ha, allinne hjitte se dan oars. Krekt as fryske droege woarst. Dy smakket net in hout oars as Grinzer droege woarst. Sterker, at slachter van der Meer fan Warkum, dy’t fyn ik de bêste droege woarst fan de wrâld makket, at dy nei Delfsyl ferhûzet is dy Warkumer droege woarst dan ynienen Grinzer droege woarst wurden?
Alvestêddetocht. Tsja. Mei dat se dy no mei 30.000 lju tagelyk ride litte wolle moat de iislaach sa tsjok wurde at it eartiids op de Noardpoal wie, mar da’s yntusken ek allegear al wetter. De alvestêddetocht kin dus rêstich yn it skiednisboekje. Is fierder in Akadeemje spultsje. En wy Fryske kloaten bringe it yn fiif, seis reedryd musea ûnder, sadat dizze skiednis yn tsjinstelling ta it oare guod ús ek noch gjin jild opsmite sil. Heit, der giene yn 1940 fiif riders tagelyk oer de streek, mar ik sjoch mar fjouwer medailles. Ja jonge, mar it Frysk provinsiaal bestjoer hat eartiids dy fan Auke Adema kocht foar 2000 gûne en dy ha se doe mar oan it Skipfeartmuseum jûn. Trouwens oer musea sprutsen, it Keatsmuseum. Is dat no al of net iepen.
Beerenburg. Tsja. Frysk? Der stiet in kroech yn Amsterdam oan de De Ruyter kade, dêr ha se 70 merken beerenburg. Want yn elk doarp hat immen wol ien wat blêddetroep troch de jonge jenever griemd en dat ferkocht as beerenburg. Mar at je al dy flessen dan yn Amsterdam by elkoar sjogge en hjir net, dan is dat wer ien fan de safolle dingen dy’t Fryslân him dus ôfpakke litten hat. Boppedat is beerenburg ek Amsterdamsk drankje hat Pieter de Groot ús lêsten yn de Ljouwerter Krante nochris útlein. Sonnema is allang oernaam troch de hollanders. En de echte fan de Weduwe, ja dy blykte koartlyn ek noch fan allerhande hollânske ynfestearders te wêzen. Sweeslaan mei Fryske produkten. Moat we der noch grutsk op wêze? No ja de weduwe leit no mei Bonnema op bêd. Mar dat wurdt aanst sa’n wûnder drankje, Joustra en Boomsma troch inoar hinne griemd, it kin bêst wêze dat Stenekes syn suertsjesdrank Sonnema dan wer lekker wurdt.
De Fryske taal. Tsja. No ja der is hjir en dêr noch in idioat dy’t in ferhaal fertelle moat oer it keatsen en dat yn it Frysk docht, mar foar de rest ferdwynt dat fansels.
En keatsen dan? Tsja. Ik sil inkel sizze dat ik sa no en dan in keatsfoto yn de krante stean sjoch. Der stean amper minsken te sjen. By twa huldigingsfoto’s joechhei, joechhei stie net ien, der wurdt by huldigingen by it keatsen net mear joechheid.
Yn de krante stie ek in ferhaal oer in keatser dy’t ynienen heech yn it klassemint kaam. Tsjisse Steenstra. In mich, absoluut net grut breed en sterk, mar hy skynt goed op te slaan. Mar ik hie noch nea fan de man heard. Dat leit him oan my. Want ik kom net mear by it keatsen. Krekt as safolle oaren. Begryp my goed, ik set my net ôf tsjin de minsken dy’t har hiele libben yn dat keatsen fertize sieten en der ek net út wolle. Neat mis mei. Mar at Jehannes Westra inkeld noch kúpstuoltsjes op de PC delset omdat de minsken, dy’t elkoar eartiids om it libben brochten om in PC kaart, no net mear komme, dan is der dus echt wat oan de hân.
Foar Fryslân, foar Merk Fryslân. De organisaasje dy’t Fryslân ferkeapje moat. En dy sit no yn de swierrichheden omt al dy typysk Fryske dingen net mear Frysk binne en omt keatsen dus gjin keatsen mear is. Ja, Merk Fryslân wie op himsels ek tidenlang in grutte swierrichheid, mar ik ha begrepen dat de safolste direkteur Martin Cnossen dêr no wat ûnderút komt. Oan de oare kant, Sander de Rouwe sit no op it Fryske jild, en dan wit we allegear: Martin Cnossen krijt ivich te min om Merk Fryslân folweardich te ûntwikkeljen. Mar dan soenen je as Merk Fryslân dan noch altyd de taal en keatsen ha, wêr’t je op wize kinne om de lju nei Fryslân te heljen. Dy’t foar de frjemdling mearwaarde ha, safolle dat se nei Fryslân ta komme om al dumkes frettend nei it skûtsjesilen te sjen. Mar mear en mear is inkel de mearwaarde fan Fryslân foar de benammen Dútske toeristen dat hjir no njonken it pilske ek in jonkje delset wurde mei troch de kroechbazen. En Martin Cnossen kin allinnich hielendal neat mei keatsen.
De minsken moat komme en der wille oan belibje. Dan kin hy der wat mei, dan kin hy it ferkeapje. Mar dat bart net en dus moat it oars. Nim no bygelyks yn juny dat Europeesk kampioenskip fuotbaljen. Safolle minsken at dêr op ôfkomme. Dat sels de Nederlânske tillefyzje der safolle omtinken oan jout, wylst we net iens mei diene. Mar we witte no alles fan de Europeeske fuotballer. Ik kin de Italiaan Chiellini dy keihurde ferdigener dy’t ek noch in goal makke, no út de pinne. Ik wit alles. En myn hert is fol fan de fol mei medeklinkers sittende Blasykofksy, de Poal, dy’t sa goed syn team stjoerde mei it beste middenfjild fan de wrâld en no by Dortmund spilet. Mar ik wit net wêr’t Tsjisse Steenstra wennet en at der al in faam hat. En syn maten ek net. Dy Fryske keatsers moat har dus omturnje ta fuotballers. Gjin fysiotherapeut om op it earmke hin en wer te striken, nee tattoos. En dan wol ik se allegear sjen. Dy fuotballers mei pas nei de wedstriid it shirt útdwaan, de keatsers ha der gjin reglemint foar. Ut dy rommel. Ja by de froulju kin soks miskien noch in swierichheid wêze, mar at de froulju it útdogge, komme der teminsten eindelik ek manlju by it frouljuskeatsen te sjen. Of te hymjen. En de froulju wol ek wolris wat mear sjen by it manljuskeatsen as dat lytse baltsje. Dus by elke boppeslach it shirt út en in daverjende eareronde meitsje. Mei al dy tattoos. Want de bealch moat folkalke wurde. Aaaah , dan lûkt aanst Hans Wassenaar syn shirt út en dan blykt dat der in hiele folle tillegraaf op syn boarst tatoeerd is, en dat kin omt hy wer in gewoane keatsers is, grut, breed en sterk. Alles oan de hans sizze de lju dan gnizend. En gjin gewoane prúkjes hier mear, nea keale koppen. Of frjemde kapsels fan de kanninefaten of Skiere mûntsen. Stiif fan it keatsfet. En burden. Woeste burden. Watte , Grutte Pier skyt yn de broek at de keatsers der oankomme. Op skuon mei twa, trije kleuren. Leafts roze en koskiten grien. By elke earst wat je winne stoarmje alle helpers, memmen, kootsjes en wa dan ek har it fjild op, joechheiend om de keatsers hinne. Yn it earstoan moat mem miskien noch ynhierd wurde, dêrnei komt dat fansels. De tillefyzje moat ek ynhierd wurde. Nee net om dat kloaterige lytse baltsje te folgjen, nee dy moat inkeld it publyk sjen litte. Want dat publyk komt ek net nei it keatsen te sjen, se sjogge nei harsels. Se sitte allegear mei sa’n selfie ding yn de hannen. Dy sjogge sa yn de kamera, dat se troch de Tour de France fytsers troch midden riden wurde. Mar dat is it wol. Ik freegje fan jim om der moarn al mei te begjinnen, hoe gauer hoe better. Fervje jim helendal op, fan ankels oan de krún yn de ferve. Alle flaggen fan de doarpen dy’t meidogge om de skouders. Ek genôch fan dy flaggen meinimme, want de keatsers moat nei elke wûne partij mei de flagge om de hals it fjild om rinne. Je sa gek mooglik ferklaaie. Jim moat yn byld komme. Lokkich dat Germ Stenekes gjin ferslach mear docht by Omrop Fryslân, oars kaam der ek noch keatsen yn de útstjoering moarn.
Dat moat net. Jim moat yn byld. Fecht jim yn dat byld. Fecht mei oare doarpen. Betink fete’s. Rop de twa hooligans op, dy’t jim noch yn jim eigen doarp ha. Soks smyt allegear sjoernalisten op. Dy komme echt net inkeld foar it keatsen. En Merk Fryslân hat sjoernalisten nedich. Skûtsjesilers moat elkoar mei de fokkeloete de harsus ynhouwe en de alvesteddetocht wurdt in klunslachte mei folslein iepen wetter op 12 juny.
Wol je Merk Fryslân en dus de provinsje Fryslân rêdde, dan moat it keatsen dus oantrekkeliker makke wurde foar de minsken om hinne te kommen. It KNKB, it keatsbûn, docht sa no en dan in megere poging om de oandacht foar it keatsen wer wat ferbreedzjen. It perk in meterke grutter. De keatsers laitsje derom. Skeef opslaan. Hienen we it dy Hollanders by ús yn it doarp hast goed útlein, begjinne se skeef op te slaan. Ja dan ha je der sels wol oan wa’t it mei wa docht. Wigle Sinnema is in o sa aardige man, mar dat is it dan ek wol. Dy bestie it lêsten om te sizzen dat miskien de rigel meitsje moatte dat je net nei de opslach yn ien kear boppeslaan meie. Je moat earst ferplicht trik trakke. Wigle, Wigle. Keatsers kin net triktrakke, der kin se net hurd genôch foar rinne en net heech genôch foar springe. Se bin ommers inkel mar grut, breed en sterk. Wit Wige eins wol wat it wurd keatsen betstjut. Dat je dy bal weromhouwe. En dát mei dan net. Subtyl keatse? Dat soe de defintyve ein fan it keatsen wêze.
Der hat ea sprake fan west dat it keatsen Olympysk wurde soe. We sitte dochs wat yn dy sfear no. Dat soe yndied in geweldich mar ek ûntinkber opstapke west ha. Ik tink dat dy gedachte inkeld by de keatsers libbe hat. Yn elk gefal net by de sportbobo’s yn de wrâld. Ik leau dat ien fan harren, in Iraanske roeier fan eartiids, dy frege oan in man út Bûtenpost doe’t er dy trof, nei keatsen. Doe sei dy man ut Bûtenpost: keatse, wat is dat? En hjir sels yn de keatshoeke yn Fryslân seit de ynternasjonale ek mar in pear minsken wat. It is allegear leuk en aardich, mar ek net mear as dat. De tiid hat it keatsen ynhelle. Je moasten no in oardel kear sa grut fjild ha kinne. En dan de keatsers better trene. Dat soe noch kinne, mar dat hoecht net, want dat fjild krij we net klear. Want it hillige Sjûkelân earne oars opbouwe….. Elke feroaring yn it keatsen is trije jier âlderhoere oer komma’s. Doch ris wat.
En dan blykt dat inkel de keatsers dat dwaan kinne. Jierrenlang net sa’n moaie PC hân. Je sjogge dat de keatsers traine en dêr better fan wurde. En ynienen flusteren de moaie ferhalen wer oer Fryslân hinne. Dêr kin Martin Cnossen wat mei. Hooplik is it net te let. Tsjisse Wallendal hat it keatsen in klap tsjin de harsus jûn mei syn supernap. Doe begûn it eineleaze jierrenlange geâldehoer. De reglementearing dêrnei en it praat dêroer en benammen it dan net wat dwaan, hat it keatsen hast útskeakele. Dat moat oars.
Want tink derom jonges en famkes: In tal jierren lyn is ús mem ferstoarn. Us heit wie al earder gien. Doe’t we de boel oant it oprêdden wienen, ha ik der noch efkes nei socht. Nei dat jiskebakje mei dat stjoerrêdsje en dat beltsje. Ik ha’t net fûn. It wie weidondere.
HYLKE
Hylke Speerstra waard 80. Yn Tresoar wie in gearkomste, wêr’t ik sprekke mocht. Dit wie it ferhaal
Tsien jier in boerejonkje, dat sa no en dan ris oer it dykje efter hûs seach
Tsien jier dêrnei fan it bûthús linkendewei ferhûzje nei de leugenbank
Dan tsien jier ride, sile mar foaral harkje nei âlde strûken
Tsien jier it boerebestean yn in nij jaske
En dêrnei tsien jier de wichtichste man fan Fryslân, dat is de haadredakteur fan de Ljouwerter no ienris
Tsien jier romantikus, altyd al west, mar de sjoernalistyk ferbea dat wolris
Tsien jier reizger, de wrâld is ommers folle grutter as Tsjerkwerd
En dan noch tsien jier de bek iepenbrekke fan minsken dy’t noch nea wat sein hienen oer de skaadkant yn harren libben .
Tachtich jier lang skriuwer mei in alderduvelst soad ynmoed
Komselden ha ik in man sjoen dy’t mei safolle ynmoed syn wurk en frije tiid belibbe, as Hylke Speerstra. Hy skreau bygelyks net inkeld yn de Koerier oer it skûtsjesilen, hy frege ek daliks om mei te silen. En doe’t op in stille dei twa skûtsjes tsjin elkoar oandreaunen, hâlde Hylke syn Bicbolpenne der tusken. Dy waard likegoed oan barrels dreaun en treaun. De oare deis koene je yn de Koerier lêze hoe’t dat gien wie, op sá’n wize as leinen je njonken him foar de roef. Mar hy skreau tagelyk oer de massa en de krêft fan dy skippen. Ynienen seagen skippers harren eigen spesiale wrâld yn de krante ferskinen. En se seine tsjin Hylke, do meist wol faker mei. Mar at we sizze lûke, dan lûkst. Hylke Speerstra krige deryn syn goede gefoel oer hoe’t hy wurkje woe. In belutsen folger, meidogger hast. Sile, ride, buorkje, rinne. Mar skriuwe foar de lju dy’t tús sieten.
Hylke Speerstra is nammentlik yn tsjinstelling ta in soad oare fakbroeders dy’t hjir ek omtouterje, in gewoan mins. In boeresoan. Dy’t wol aardich reedride koe. Twa mienskippen dy’t it net stean ha op lju dy’t krekt dogge at se wat mear binne as in oar. Hy fertaalde dat troch te skriuwen op in wize, dy’t er sels wol aardich fûn. Mar krekt omdat hy de minsken sa goed koe, fûnen oare minsken dat ek heel aardich. No bin der noch wol mear dy’t dat dogge, mar hy hie en hat wat ekstra’s. Ik neam dat entosjasme. Ynmoed.
Dy’t dêrtroch lykwols namme makke. Wat wie ik grutsk doe’t hy my by de Drachtster Krante weihelle nei Schuttevaer. Syn Heil om seil wie ommers gjin bondel skippersferhalen, mar it ferhaal fan de skippers sa’t wy dy ek allegear presies koenen. Mar wat ik dêr doe by Schuttevaer meimakke wie in man dy’t yn syn ynmoed fersoop. We makken op in gegeven stuit ek in Schuttevaer/Watersport. Acht siden krantsje foar lju dy’t wend wiene tsjokke glêdblêddige Waterkampioenen ta har te nimmen. Mar ik skamme my dea en gie hastich op in terraske sitten at Hylke yn Heech de krante oer de earm naam en op alle boaten omklaude om se te ferkeapjen as in soarte fan parlevinker.
Hylke like in chaoot. Ik ha him bygelyks wol by de bealch hân at hy syn haadredaksjoneel kommintaar foar Schuttevaer noch net klear hie at ik mei de lêste rommel nei Swolle moast om it printsje te litten. Mar doe’t hy it Agrarysk Deiblêd yn de merk sette, moast ik oan Heech werom tinke. Hy ferkocht wer syn krante en it slagge ek noch. Hylke gie ek rêstich boekhannel yn en frege dan nei in boek fan Speerstra. Dat hienen se net. Mar at hy der út gie, hienen se yntusken al tsien by de útjouwer besteld. De wize werop hy de lêste jierren, mei soksoarte dingen as mei in iepenloftstip yn it Heidenskip, mei musikanten foarlêze fan emigranteferhalen, mei in tonielstik oer de dessa, syn boeken ferkocht hat, tsjûge fan mear ynmoed as ea immen hân hat. Foar syn boeken, skreaun op sa’n wize, dat de minsken it frieten. Lês Geert Mak noch marris yn it boekje oer Hylke de Ferteller, hoe spesiaal syn skriuwstiel is en wie. Je lêze krekt as sit der ien njonken je dy’t it fertelt. Gewoan. Mar it is net gewoan, it is unyk.
Dat skriuwers wat moaie wurden omhong krije yn Tresoar at se tachtich wurde is net sa bysûnder, we eare hjir yn Fryslân alles wat justjes boppe it maaifjild útstekt wol. Mar ik sil syn lêste boekepresintaasje nea ferjitte. Sa’n presintaasje is meastal yn de hoeke fan in kroech mei wat famylje en fjouwer kollega-skriuwers en dan it boek wat knoffelich oerlangje oan leafst in sa wichtich mooglik minske, sadat der ek noch twa wurden yn de krante komme kinne, at je teminsten by de Friese Pers útjûn wurde. Hylke Speerstra hie by it presintearjen fan op klompen troch de dessa de hiele Trinitas tsjerke yn Hearrenfean fol, en dat is 750 lju. Famylje, freonen, reedriders, skippers, boeren, dessarinnners, mar foaral lêzers. Soks hat gjin inkelde skriuwer yn Fryslân belibbe.
Sa’n tritich boeken. Njonken altyd krantestikjes te meitsjen. Dûbeld op. Kin inkeld mei ynmoed. Hylke is no 80. Dit is in fiodeootsje omt ik op Oerol sit. Krekt as altyd. Yn 2006 gie ik nei Oerol mei it de dei tefoaren presintearde boek de Oerpolder. At it reinde koe’k lêze. Mar ik lies it yn ien kear út, doe skynde de sinne al lang wer. Mar ek yn my. Wat spesiaal. It Heidenskip yn de 19e ieu. Geweldich. Mar Hylke hat doe sein de 20ste ieu ek noch te beskriuwen. Hat sels al mei gâns lju praten. Mar it is der nea fan kaam. Hy hat it net ta doel, mar eins moat it noch al, Hylke. Want it reint wol werris. Hast noch wat ynmoed oer?
GLESFEZEL
Yn Nyegea Sm wie in gearkomste oer glêsfezel. Der mocht ik sprekke:
Froulju en manlju.
Ik bin gjin aksjefierder. Ik bin jittikmieger, oftewol ik skriuw kollumkes. In pear kear per wike lês ik dy foar by Omrop Fryslân. Ik brûk dêrfoar in maya, in geheimsinnich apparaatsje wat my op it ynternet kwakt sadat it krekt liket as at ik yn de studio sit. Dat sit ik net, ik sit thús. It ienigste manko is de fertraging. De studio seit “moarn eelke” en dan ha se trije bakjes kofje dronken foardat myn lûd dêr trochkomt. Want we wenje yn de Gaastmer, in plakje fan 311 ynwenners. We ha gjin snel ynternet.
De organisatoren ha my frege nei oanlieding fan in kollumke fan 6 maart 2013. Sa lang duorre de fertraging dus no is it lûd pas yn Nygea.
Ik hie´t doe oer in punt yn de steatekommisje boarger en mienskip. It punt NGA.
Wat is dat NGA yn fredesnamme, next generation accessnetwork. No dat stiet ek yn de startnotysje: bekabelde toegangsnetwerken die geheel of gedeeltelijk bestaan uit optische elementen die in staat zijn om breedbandtoegangsdiensten te leveren met verbeterde diensten in vergelijking met diensten die via reeds bestaande kopernetwerken worden geleverd. No, ik in oere googelje en doe wist ik pas wat se bedoele: glêsfezel. Sis dat dan ferdorie gewoan, glêsfezel. En hâldt op dêroer te âldehoeren, dol in in groppe njonken de dyk en donderje dêr dy glêsfezel yn, aveseare. En wêrom al dat geseur wat jim ha mei NL kabel, Kabel Noord, Ziggo, UPC, de F4 gemeenten, CIF, Reggefiber, Lipen/Opennet. Donderje dy glêsfezel yn’e grûn, dan bin we hjir yn Fryslân miskien ien kear op de wrâld foar. No nee dus, want der is oanfullende ynformaasje. En yn it lêste rigeltsje dêrfan stiet: met een dergelijk vast netwerk kunnen wij naar verwachting zo ‘n 90 pct aansluiten. Dus tsien persint fan de mienskip, fan de boargers, werfoar der dus in spesiale steatekommisje bestiet, dy is hjir wer de lul yn Fryslân.
Mar wat noch slimmer is, trije jier en tolve dagen dêrnei bin we dus noch gjin soademieter fierder kaam. Watte, dy 90 persint ha we noch lang net iens helle. Yn fernuvering sjocht Fryslân dat der sa no en dan earne in greppeltsje njonken de dyk groeven wurdt. Ik wie ferline wike yn Drylts en doe frege ien, dy groppe lâns de stêd, leit dêr glêsfezel yn. Ja. Kin we dat dan oanslúte. No, dat wit ik net. Se bin fiif ynstânsjes lâns west, en dy wiisden allegear nei elkoar. De kabel leit der, mar Drylts leit dus as in trage mol noch op it plattelân. Foar it oare, net altyd komt yn de groeven gropkes ek glêsfezel, want koördinaasje fan yn de grûn dollende lju bestiet yn Fryslân net. Al dy kommersiële ynstansjes wolle dat sy safolle mooglik jild fertsjinje kinne, in oar net. De gemeenten witte it amper en kin harren rezjyfunksje net wier meitsje. En dan sis ik it hjir fersichtich.
Mar eins hoege we net hoeden te wêzen. Wy gewoane minsken fan it plattelân kin gjin gewoane dingen krije. Ja meneer, maar daar zijn ze daar bij jullie nog niet aan toe. We wolle netfikse om it leven, mar ús hûs en ek de skoalle fan de bern ek stiet grôtfol apperaten dy’t noch net folslein wurkje kinne. De takomst wurdt noch folle appartiger: telefyzje sjogge we aanst allegear fia de kompjoeter. Ja, mar net op it plattelân fan Fryslân. We wolle bedriuwen yn de lege pleatsen op it plattelân. Is er ook glasfezel. Nee. Dan komen we niet. Mar ek de boer hat it nedich. At in ko appt nei de boer ik moat skite of molken wurde, dan moat it dochs net fiif menuten duorje foardat de boer komt, inkel omt se dêr gjin glêsfezel ha.
Ik wit it wol, it kostet allegear in knoarre jild. It ministerie hat wol sein dat der ek breedband yn it bûtengebiet komme moat, dat is sa, mar sy lizze der gjin sint by. De provinsje hat foar doarpen dy´t hiel beret oan in belle lutsen wat dwaan kinnen, mar in soad is it net, de minsken moat sels fermogens bydrage, rûn de 7500 per húshâlding. Mar sels at je de sinten ha, is noch de grutte fraach: wêr moat we wêze, wa nimt ynitiatief.. It is net in saak fan gemeenten. We sitte mei noch sa’n 25 gemeenten dy’t sa selsstannich binne dat se mar ien biedwurd ha, oars dwaan as buorman. Boppedat ha se gjin jild, se kin net iens betelje wat se no dwaan moatte en salang at de thússoarch sa’n lijen is kin wy noch wol sûnder snelle kompjoeter. Mar de provinsje hat dochs in fermogen oan jild. Tink dan ris nei. Dolle is wurk. En dollen smyt noch mear wurk en sinten op.
En dat it op it plattelân net út kin is ûnsin. We ha’t selde hân mei wetter, mei elektrysk en mei gas. “Dat kin we net by de boeren bringe, dat is te djoer”. No, it PEB liet gewoan elke klant in gûne mear betelje, sa koenen se dy lêste 10 pct malik betelje. Doch dat no wer. De PvdA man yn de steaten, Van Maurik skreau it fannewike ek al. Mei syn allen as oerheid in glêsfezeldolorganisaasje oprjochtsje. Mei Nuon jild. Dat smyt ek noch mear winst op at je it letter wer ferkeapje oan de merk.
Mar no wurdt it lêstich. Yn de provinsje moat de PvdA dus op’e knibbels oan it CDA en de VVD freegje om soks te dwaan. En jim as gemeentlike VVD-ers en CDA-ers (en de ELP) moat de PvdA hjir freegje om it te dwaan. Dat makket alles noch yngewikkelder as alle snelle kompjoeterprogramma’s dy’t der besteane.
BLAUHUSTER
DAKKAPEL
Yn de roomske tsjerke fan Blauhûs mocht ik de Blauhuster Dakkapel tasprekke in pear jier lyn.
Hjoed presies 40 jier lyn waard der, efkes fierderop, op it dak fan it Teatskehûs 195 menuten net ûnderbrutsen spile troch 8 minsken. Neat bysûnders, ja it wie in wrâldrekord, mar wat is no in wrâldrekord? Ja we sizze no noch dat de Viking Knut Johannesen in geweldige reedrider wie, mar we sizze der mar net by dat syn wrâldrekord doe dik 18 menuten oer de 10 kilometer wie. Sven Kramer kin’t no hast twa kear dwaan yn deselde tiid. Mar Knut Johannesen seit altiten dat dy Blauhusters nea by him spile ha en wol by Sven en dat it dêrom net earlik is, oars hie hy wol hurder riden.
195 menuten? Trije oerkes en in kertierke wat op sa’n toeterke blaze. No, wy bin altyd bliid dat der net ien tusken de musyk troch stiet de âldehoeren. Dat wie al moai en no ja, se bin hjir yn Blauhûs gau tefreden. Benammen omt doe dy oanientriedwei spyljende trompetten, tuba en slachwurken op de foarside fan de Ljouwerter Krante stienen. En dêr is doe in grutte misser mei makke. Alderearst wist de Ljouwerter net iens dat de nontsjes allang út it Teatskehûs ferdwûn wiene, want se neamden it noch it Theresiahûs. En de Ljouwerter Krante sette in kop by de foto fan wat efterkantsjes fan mantsjes mei in toeter. “Dakkapel Blauwhuis vestigt wereldrecord”. En wat dienen Nico, Bernlef, Yme, Ruurd, Herman, Frank, Tseard en Klaas doe. Sa optein, sis mar oerol, oer it sukses, geweldich, op de foarside fan de Ljouwerter Krante, no, no , no….., dat se spilen troch en neamden harsels de Blauhúster Dakkapel. Ek noch tsjin de Ljouwerter yn, want dy wist net iens hoe’t it yn it Frysk skreaun wurde moast. Mar boppedat, wa neamt syn bandsje, korpske, ensemble, wat bin jim eins, o ja, jim waarden kapel neamd, wa neamt soks nei in krantekop, dy’t allinne mar krantekop is omt der net mear mar ek net minder letters yn de kop meie. No ja safolle wienen jim ek net wend, de measten kamen fan Advendo, sa hjitte gjimmestykferieningen meast, of it Stedelijk. No ja. At je jesels dernei hise yn grut útfallen SC Hearenfean shirts dan bin je de ferpersoanliking fan de Fryske folklore, en dan moat je jesels dochs folwoechsen in namme jaan. Alderearst is it beskamsum om in Snitser orkest te wêzen en je dan Blauhústers te neamen. Jim hienen dochs gewoan de Snitser Stokdweilen neamd wurde kinnen. Soksawat.
Blauhúster Dakkapel. It wie net út te sprekken foar al dy lju dy’t dy musyk wol aardich fûnen, mar út in oar gewest of lân kamen as Fryslân. Ik bin der frij wis fan dat jim wol in pear hûndert kear ea net útnoege binne, omt dy lju de namme Blauhúster Dakkapel net útsprekke koene. Sterker, der wiene sat lju yn Fryslân dy’t it ek net útsprekke koene, sa hienen se it yn Hurdegaryp ea ris oer de Bluehouse Chapel en dy ha doe in jazzbandsje út Australië krigen
Werom woenen al dy lju jim trouwens sa graach ha. Der ha’k lang oer neitocht. Ik wie ris op in jûn nei it skûtsjesilen yn Grou, seach net al te helder mear út’e eagen, mar we sieten yn it Theehûs en der wie ek in doe noch jong mantsje mei in trompet. Ik koe my de oare moarns absoluut net yn it sin bringe wat er allegear spile hie, mar wist noch wol dat hy troch in taffeltsje dat ferskode, en dat him omfier meande, ynienen in slach oer de kop die, mar hy spile gewoan troch. Ik wist ek net wa’t er wie, mar doe seinen se letter dat it Bernlef west hie, wist wol, dy fan de Blauhústers. Nee wist ik net, Ja ik hie de Blauhúster Dakkapel wol sjoen, mar my drekt fan har ôfkeard, dat nasjonalisme mei dy Fryske flagge om de stadich oan wat tsjokker wurdende búk hinne, soks hearde yn de kategorie Frysk jild, Frysk paspoart, Fryske musyk, net in stoer wurdich. Ik feroare doe’t ik hearde hoe djoer at se wienen……., soe….soe….soe dy musyk dochs wat betsjutte? Dat koe dochs net. As ik dy mannen oer it Hearenfean fjild slenterjen seach ….. sju ik ha gjin ferstân fan musyk, mar ik miende te begripen út dat ferfeelde strompeljen dat se dus ek mar wat dienen. Sa’n mantsje mei de trommel yn de bernewein, hy sloech der toch mar wat op los. Wat soe’t. Mar se bleaun djoer, 600 gûne, foar dy tiid….. Poeh. Inkel doe’t we in kear in hiel soad jild oerhienen by Omrop Fryslân oan de ein fan it jier, wat net meigie nei it oare jier, koe ik in kear de Blauhúster Dakkapel útnoegje, en liet se binnenkomme yn de ein ôfkundiging. Se ha miskien in heale menuut foar de radio west. It wurdt my noch neidroegen as de meast ûnferantwurde útjefte dy’t ik ea dien ha by de Omrop. Mar we ha in hiel gesellige jûn hân hear, it wie âldjiersdei. Mar dat miende ik doe, in gesellich ploechje folk dat fleurige deuntsjes spile. Sjoernalisten moat alyd in soad leare.
Jim ha nammentlik echt wat betsjutten, jim ha nammentlik folle mear opsmiten as at jim kosten. Ik bedoel , in kear spylje op in bepaald plak, it reinde yn no time bier, der kamen allegear feestminsken en -beesten op los, harrekidee, en jim spilen de hiel tinte, fjild, starteilân, iisflakte, doarpsfeest of seal fol. At de kroechhâlders tochten fan no kin ‘k wol in kear sûnder dy mannen, gooh, se hellen net iens de minimale bieromset, te mear omt jim earne oars spilen en dêr wiene dan alle minsken. Gewoan, at je de Blauhúster Dakkapel hiene wie’t gesellich fol, en de bieromset gie omheech, net yn it minst ek troch dat jim sels tuskentroch aardich meidiene.
It wie yn de perioade dat sels de organisaasje fan it reedriden yn Thialf wat fersichtiger mei de sinten omgean moast. Soms hie’ k it net iens yn’e gaten, dan spile der sneons of freeds in dweilorkest, en dan hearde ik it net iens. We neame gjin nammen, mar dy jongens út Heech, of Hearrenfean stienen rjochter yn de rige mar spilen (noch al) wat sêfter. Sju en dan wurdt je ek wat eigenwiis grutsk. Twa dagen lang sei ik tsjin de lju dy’t it o sa moai fûnen dat de Shasliks en de Stiekeme ligers dêr spilen, wachtsje, wachtsje, oant it sneintemiddei is, en dan kamen jim al bier sûpend it stadion yn, ronfelich rinnend, en dan wie de ferwachting – 20, mar dan sette Nico de tuba oan’e lippen en dan davere it, fier yn it rûn. Dan koene dy lju út Hollân inkel swijend goedkarrend knikke, prate wie net mear te ferstean. It wie sels sa, dat myn radiomikrofoans doe noch net altyd like goed wiene en dan frege ik fantefoaren: komme de Blauhústers ek, en at se dan ja seine, dan moasten we in kommentaar hokje ynhiere foar 1200 gûne deis, omt jim der oars hieltiid oerhinne spilen. Letter wie dat oarsom en ha’k leard dat sels midden yn in spyljende Dakkapel wol wat op te nimmen is, ek noch fersteanber. Dat hie’k twa kear dien, en doe wie’k fierder frij fan it moarnsprogramma, dat fûnen de lju te drok oan de holle. En it wie yn de perioade dat jim ek net elke kear mear by Hearrenfean wiene, mar at jim dan wól it fjild op kamen, dan gie it publyk stean en wie der in daverjende ovaasje.
Ja, it gie om de musyk. Mar it gie ek op de wize werop. Ik sil nea ferjitte dat de ISU gjin Frysk folksliet mear ha woe op Thialf, mar dat jim dat fuort nei it Wilhelmus fan de tribune ôf in kear wol dienen foar Falko, Rintsje of Ids, of sa. En dat doe in hiel stadion noch folle lûder as ea it Wilhelmus klinke koe troch it stadion davere. Of dat jim toch ien kear de trommel út de bernewein hellen en Foppe der yn soalden, doe’t dy eindelik in kear troch it lint gie.
Yntusken ha’k in soad leard. Ik wit yntusken dat dy musyk degeliker sit, as ik ea tocht hie. Dat de discipline folle heger is as at ferwachte wurde mocht fan it ûnge-organisearde omrinnen. Ik ha nea witten dat jim sa yntensyf oefenje. Eigenlik is dat ek hiel knap, sa kloaterich oerkomme en dan sá spylje. Jim wurkje mei allegear anti-effekten. Sa’n omrinnende idioat mei allerhande boardsjes, klappe, sitte, skrieme, skite en sok guod, dat ferfrjemdet fan de musyk. At jim inkeld ris op in poadium stiene, rûnen jim ek mar wat rûn, sa like it, folslein net ynteresseard yn de lju dy’ t yn de seal sieten. Ek in toanielspultsje, in act. Jim kin no ek folle langer efter elkoar spylje as dy 195 menuten. At ik neilês wat Jack op’e kompjoeter allegear ynfuld hat oan nûmers dy’t jim spylje, it is hast net te leauwen. Mar jim sjoch wer net nei dy listjes, Nico set yn, jim spylje der efter oan, en jim bin ek noch tagelyk klear. En ek Nico hat gjin list yn de holle. Jim gean mei reisleider Frank nei it bûtenlân en dêr sjogge de minsken mei fernuvering nei it ploechje folk, al wie’ t yn Canada wol hast sa dat it in echt konsert wie. Sa fielt it foar jim ek faak, mar o wat doch jim jim bêst om it sa net fiele te litten troch oaren. Myn learproses hat opsmiten dat jim eins hiel gedisciplineard traine en spylje. Dat jim jongens binne dy’t alles kinne.
Der ha tefolle routsjinsten west yn dy 40 jier, mar ek dêr, benammen dêrre ha jim sjen litten hoe goed at jim binne, hoe suver, hoe emosjoneel. Alles diene jim mei elkoar, de wille, it fertriet, de musyk, de wurden, it regeljen, it reizgjen, mar benammen it spyljen. Kees, Bernlef, Tjeerd, Marc, Theo, Jack, Frank, Yme, Joop, Jan Nico, Foppe, Jan , Fokke, Eppie, Idsard, Nico en Lieuwe , ik ha yn myn ferhaal in pear nammen neamd, mar dat heart eins net sa. Want jim bin mei elkoar de Blauhúster Dakkapel, dy’t ek wer ferdwine sil, ek in mienskiplik beslút. In tiidrek Blauhúster Dakkapel. Werby miskien jim froulju noch wol it wichtigst wiene, want dêr koe’t net sûnder.
Dizze dei is dêr in foarbyld fan. Want hy is noch net ôfrûn. Jim sille it dak op moatte. Hiel Blahûs stiet te wachtsjen om 40 jier eksakt te betinken, sy stean fleurich ûnder te brobbeljen, jim moatte it dak wer op, dêr wêr’t de kapel berne is. Jim hearre daliks wol hoe as wat, hjir ek net omhingjen bliuwe, it is moai waar , spylje bliksem.
Mar noch ien dinkje, dat krij jim mei foar’t jim nei boppe gean en dat dan yn de dûbele betsjutting, want we bin op it lêst yn tsjerke:
Soms hè, soms sjoch ik efkes nei de gesichten wylst jim drok oan it omstappen en spyljen binne. Dan is der yn de eagen, want de mûlen hingje yn it trompette- en trombône-izer, in fonkje, net iens bewust fan de tûzenen dy’t op de tribune meiswinge. En yn dy eagen sjoch ik de ferskriklik grutte wille dy’t jim ha tidens it spyljen. En da’s neffens my de allermoaiste noat dy’t jim ea spile ha.
SNIEWINTER
Hiel faak freegje minsken nei it ferhaal fan Omrop Fryskân en de sniewinter fan 1979. Sa’n ferhaal dus:
It is de nacht fan 13 op 14 febrewaris 1979. We belibje in swiere winter. Om âld en nij hinne sit de froast der al goed yn, mar de prakke snie fan 2 jannewaris jaget alle tinzen oan in alvstêddetocht nei de bliksem. En mei gâns snie, likegoed in soad kjeld, skoue we troch nei dy nacht, healfebrewaris. As je de jûns fan dy 13e wat let wiene, ha je miskien al efkes mei de auto fêstsitten yn in sniedúntsje, mar mei wat wrotten, guon ha al in skeppe yn de kofferbak, is tús te kommen. Ek moarsn betiid fan de woansdei de 14e is der noch wol op it wurk te kommen, mar de sniestoarm set hieltiid mear oan. En it wurdt yn de rin fan de moarn ûnmooglik om fuort te kommen. Skoalen ha’t al opjûn, bedriuwen draaie op heal. Om 10 oere meldt Klaas Wielinga, programmalieder fan doe de RONO ôfdieling Fryslân dat se om alve oere útstjoere sille. Se bin oant dan ta wend jûns in oerke, middeis in heal oerke út te stjoeren, tillefyzje bestiet noch net. En dan no ynienen begjinne, sa mar sûnder in eintiid. We sjoch wol, want we kin neat sjen fanwege de snie.
Der bin te min minsken, dy sitte ek opsluten. Sjouke Lousma sit fjouwer dagen fêst yn Aldebiltsyl, mar Henk Doevendans kin mei de trein komme fanút Snits. Klaas Wielinga, Marten van Kammen en Aly van der Mark komme fan de Hurdegarypster kant, dy wei is earst noch te riden, leit yn it ferlingde fan de eastelike wyn, want it is Dútse snie dy’t Fryslân en ek Grins der ûnder krijt. Gryt van Duinen, Rein Tolsma en Simen Dykstra wenje yn Ljouwert. Sa gean se los. Eelke komt in pear oeren letter, mei in plysjeauto fan Warten, de skokbrekkers lizze al op de efterbank. Technikus Bert Hooijer is der net. Lokkich bin der twa Hilversumse jonges dy’t in nije kontrôlekeamer yn elkoar timmerje moate, mar dy kin san ding eins net betsjinje, mar dat dogge se no wol, mei it swit op de foarholle giet it los. Hans de Jong fan de Gerdyk, de yntusken ferstoarne waarman fan de RONO Fryslân komt der foar. Hy hat by de NCRV al efkes west en sketst it byld. Fjouwer dagen lang sil er dat dwaan oan it begjin fan elk oere. En yn dy fjouwer dagen seit er net folle mear as dat it sa noch wol efkes trochgean sil. It stoarmet en Dútske snie komt oer ús hinne, de wyn sil net lizzen gean. De snie stiet hjir en dêr al oer de daksgoaten. Dan komt Wil Steunebrink oer de treinen, fjouwer dagen in tryst ferhaal. “We doen een slagje naar Stavoren en als die trein terug is, proberen we het nog eens. Nee, naar Heerenveen is uitgesloten”. Rykswettersteat seit dat de diken folslein net te b eriden binne, inkel op de Wâldwei is noch wat mooglik. Dat betsjut ek dat de ferslachjowers fan de RONO har wat bedimje moatte, se kin nearne hinne. De tillefoan is de leitried fan de omrop. Se neame alles op wat net trochgiet: skoallen, bedruiwen, byienkomsten, begraffenissen, houliken, kremaasjes, alles stiet stil. Mar it is allegear noch sa fan, ach moarn is it wer oer. Dus op in gegeven stuit sizze de presintatoaren : der giet hjoed neat troch, skilje ús mar at der al wat trochgiet. Dan bliuwt it erfkes stil. Om ynienen wer op te swyljen, we moat elkoar stypje, dit soe nolch wolris langer bliuwe kinne. Alde froulju kin dan net om boadskippen en at se dat wol kinne dan bin dy boadskippen der net, want it grutste part fan de 419 doarpen yn Fryslân is net of amper te berikken. De earste jûns wie der de eangstige spaning, is eltsenien wer tús kaam, minsken rinne oeren fanôf harren bedriuw yn de stêd troch de wrede snie nei de doarpen wer werom. Of bliuwe by kollega’s sliepen. Krekt sa’t dy earste dei de spanning wie by elke ûnderstrûpte auto dy’t út de snike pulke waard, sit der ek noch immen yn. Efkes hâldt de RONO de siken yn, mar lokkich elk komt úteinlik te plak.
En dan wurdt it suver fleurich. Fanôf dei twa gean stoottroepen út dy doarpen nei de grutte stêd, om bôlle en molke. Der komt ien handich tillefoantsje, hingje in platsikken pûde oan de bûtendoar, dan komme der lju om jo te helpen. De radio blykt in fantastysk helpmiddel te wêzen om te helpen. At we sizze tsjin in om help sykjende boerinne, de reed moat skjin, de molkweinen besykje alles te dwaan om hjir en dêr te kommen, en ta har ferbjustering stean der fiif menuten letter tweintich man op de reed mei snieskeppen. Se set yn gûlende ferbjustering it harkjende radiofolk op ta noch mear stipe. Der bin likegoed ek boeren net te berikken en de molke streamt de tanks út. It leger set helikopers yn om hjir en dêr molktanken del te kwakken, Gryt van Duinen reizget mei, sa komme der spolradysk noch reportaazjes binnen, Marten van Kammen komt ek safier as er kin. Mar guon gebieten bin totaal ôfsletten. Yn it weirestaurant by Surch sitte in tal sjauffeurs en noch wat lju hielendal opsletten, mar seit wegenwachter Haitsma dy’ t der ek is, at je in bôlle mei in bûsdoek snije moat dan kin dat ek.
De bestjoerders gean fansels ek los, der bin se foar ynhierd, de rampeplannen moat brûkt wurde. Kommissaris Hedzer Rijpstra is op fakânsje (skifakânsje yn de snie!!!) en deputearre Renkema moat no de lieding ha op in sintraal plak yn it Provinsjehus. Hy hat gjin gelok, de ferbingen doge foar gjin meter. Dêr net en oeral net. Singelier dat dy fan de RONO it wol dogge, en dus belje de boargemasters sa no en dan mei it provinsjehûs …… fia de útstjoering. Se kin net oars. Alles is ûnder dy tsjokke snieplaach sa transparant as de pest. Sterker, de radio wit mear as dy mannen dy’t it reglje moate. Se witte op in gegeven stuit dat it PEB, it elektrisiteitsbedriuw , hast de kontrôle kwyt is, de technyske minsken moate op guon plakken de stroomhûskes stean litte, se kinne der net mear komme, want der komt hieltiid mear dútske snie. Mar dus driget de hiele stroombetsjinning yn Fryslân belies te jaan, en o jee at de kachel ek noch útgiet. En de RONO bliksem. Want elk harket dy 4 dagen nei de radio. Yn hiel Fryslân stiet de radio oan. En de wize werop at de meiwurkers it dogge wurdt wurdearre. Sa komt der in bakje mei in pear earmoedige jirbeien op de redaksje binnen : “ea wurdt it wer simmer” hat de grienteboer der by set. Mar de meiwurkers ha gjin tiid foar datsoarte dingen, hieltyd besykje se wer op in nije en oare wize de minsken te wurd te stean, ek nije dingen te meitsjen, oant hoe fier rikke je mooglikheden. Cees Bylstra en de yntusken ek oankommen technikus Bert Hooijer soargje foar de musyk, alle nûmers dy’t de RONO yn de archieven lizzen hat wurde dy dagen twa kear draait, der wie noch net safolle. Soms molat der efkes in lange plaat komme, de hjerring ende bokking fan Rients Gratama bygelyks, dan kinn der efkes hastich ôfspraken make wurde. En de jirbeien bliuwe hielendal stean at administrateur Durk de Vries, hy wennet ek te Ljouwert, mei wat sjinees iten oandraven komt, dat ite se fjouwer dagen. De meiwurkers fan bûten Ljouwert bliuwe sliepen. Efkes wurdt yn de nacht it klokje útset, mar de oare moarns betiid bin se der wer, “ it is sa dat we no Hans de Jong oan de line ha mei it waar, no Hans, komt der al wat ferbettering? No nee, dútse snie no.
Minister President Van Agt komt oanfleanen mei in helikopter, en foar dat Renkema him de hân jaan kin op de fleanbasis, hat Eelke syn kommentaar al frege, de RONO giet foar alles dizzer dagen. Baggg en boos seit Van Agt en seit de boeren stipe ta, mar moat dat yn de Twadde Keamer wer ynlûke.
De sneons wurdt it stadich oan wat kalmer. Eelke freget twa minsken út Warten om him op te heljen, tus sliept it lekkerder, mar ien kear yn Warten moate alle manlju der op út om boer Marten Sytema te helpen syn reed skjin te meitsjen, de molkwein moat dêr sawat in kilometer ride. Dy boer skrikt him it lazerus, at Eelke der ynienen mei de skeppe efter in sniebulte stiet. Der is in singeliere foarm fan omgean mei RONO minsken, suver tankber, it giet hast nei bewûndering.
Mar dat leit him dus net oan de meiwurkers, mar oan de wize werop at de minsken yn de provinsje Fryslân der mei omgie. Sju seit Rients Gratama at hy de moandeis oer it suterige parkearterrein fol snie fan de RONO (“hiene dy jonges fan de Ljouwerter Krante dat net efkes skjinmeitsje kinne, dy krante koene se nammentlik net besoargje”) rint foar in opname:”ik ha ek efkes nei de RONO yn Grins harke, dêr rop elkenien wie zal dat betal’n en hijr yn Fryslân hoe kin we elkoar helpe.
Dy moandeis streame ek de ynstjûrde stikken nei de krante dy’t dêr nei in pear dagen fanwege de romte mei ophâlde moat, de befolking tanket de RONO ek nochris in kear foar de stipe yn dat stypjen. Dat lit in groep harkers dernei merkbite, se foarmje in komité en in heal jier letter krijt de RONO, op wei nei Radio Fryslân dan, in mobilofoan fan dy harkers, in ynstrumint wat se eins misten tidens de sniestoarm, dan hie der technysk noch wat mear mooglik west. Lykwols dizze sniestoarm wie unyk, dat docht ek bliken út it feit dat dy mobilifoan nea brûkt is. Soks barde net wer en tsjintwurdich is der wol oare apperatuur.
En de meiwurkers wiene net iens sa bliid mei dy tank fan de befolking, want se besochten inkel mar in sa goed mooglik byld te jaan fan in provinsje dy’t it fjouwer dagen nochal wat swier hie. Mar wat se wûnen wie de belagstelling fan de harkers, dat stiigde enoarm, der wie ek wurdearring foar de normale produkten En wat se learden yn de fjouwer dage wie dat der makliker as tocht wol mear útstjoerd wurde koe. En al wie it hjoeddeiske byld fan 17 oeren noch lang net yn de holtsjes opnaam, wol wie der it gefoel, as je op in oare wize útstjoerings meitsjes is der folle mear te dwaan. En dat ha se dien.