Eelkesweblok


Een reactie plaatsen

11 09 2019

Unlogysk

Fryske jagers sil ynkoarten it fjild yn om 150 damherten dea te sjitten. Damherten binne tige gefaarlike bisten, se frette blêdsjes fan de beamkes. En se brûke gjin kondooms, dus der komme tefolle fan. Stienmurden , dy’t ús libbene natuer opfrette, hiele nachten yn it lân op lytse ljipkes en skrieskes omkôgje, dêr mei we net oankomme. Unlogysk.

Der bin hjir wol hûndert ûnlogyske saken. Deputearre Douwe Hoogland grypte bygelyks yn doe’t de gemeente Hearrenfean neat die mei it ferhaal fan âld-wethâlder Age Hartsuiker oer in stowolk. Hoogland slúte it bedriuw en dat moat 5000 euro de wike betelje at se net daliks in ôfsûchkapke meitsje. Mar Douwe sei ek dat hy net wis  is at dat bedriuw wol skuldich wie. Dat is toch ûnlogysk.

It is dus logysk dat de Ried fan Europa Nederlân in feech om de earen jout, omt de Friezen har sels net wêze kinne. Net yn taal en identiteit. Watte, it regear docht syn taak net, as it giet om it Frysk yn it ûnderwiis. No hat Fryslân sawat in nije leaver-dea-as-slaaf oarloch útfochten, om dat ûnderwiis sels te regeljen, mar ús taalskipper Sietske Poepjes hat noch net by alle skoallen del west, leau’k. Dus eamelt partijgenoat Harry van der Molen wat op de minister fan ynlânske saken om. Dy woe him yn it Frysk anderje, mar se koe it Fryske wurd foar zeurkont net fine.

Dat ivige Fryske gedram. Wylst we der sels fierstentemin oan dogge. Tachtich persint fan de ynwenners fan Fryslân fynt it Frysk  in aardich taaltsje. Se wol dêr best it ien en oar mei dwaan. Mar fan dat geseur fan de saneamde echte Friezen oer formele akseptaasje fan it Frysk,  en dat hottefyljen oer at je yn de finzenis fan Ljouwert wol ferwolkomme wurde yn it Frysk, sakket har de broek wer ôf.

Bêste foarbyld wie fansels ferline wike de Fryske Akademy. Us eigen wittenskiplik ûndersykssintrum. Te min jild fansels. Se bin lieard oan it lannelik KNAW, mar dat hat sa no en dan wol fraachtekens by it wittenskiplik nivo fan de Akadeemje. We klappe fatsoenlik by elk nij boek fan de Akadeemje, mar we lêze it net. It giet oer de eigen wrâld fan de besletten Akadeemjeploech. Dat is net ús wrâld.

De Akadeemje frege ferline wike de provinsje de rezjy oer te nimmen. Dat ha se nea út hannen jaan wollen, mar dat moat no al, want der is fiif ton tekoart. De provinsje set optheden lykwols wittenskiplik jild mear yn foar wetter en hoe’t je sâlte fisken yn swiet wetter waskje kinne. Da’s fan dizze tiid, de stúdzjes en boeken fan de Akadeemje helje dat net.

Dat klinkt frij wreed, mar wit al dat yndertiid doe’t Tresoar alle Fryske ynstellings oan it sammeljen wie, dat de Akadeemje wegere mei te dwaan. Se wearzgen fan it nivo van Tresoar. Dêr rint no elk fleurich yn. Dêr bin se allegear dwaande om histoaryske en wittenskiplike  saken te dwaan dy’t oan dizze tiid heake wurde kinne.

It ferneamdste projekt fan de Akadeemje, Mercator, bin de Europeeske talen fan minderheden. Dêr dogge se yngreven stúdzje oer. Dy stjoere se dan nei de Ried fan Europa en dy seit dan dat der te min oan de identiteit en taal dien wurdt en dat it regear in gele kaart kriget. Weroer dy terjochte inkel mar de skouders oer ophelje.

De Akadeemje wol har eindelik deljaan ûnder de provinsje. Mar  nimmen regearde. Ja, Pieter de Groot, mar ek dy hie in ferhaal oer hoe’t it eartiids gie. Dat wie doe wol passend, mar net oer hoe’t it no gean moatte soe.

Dat is simpel: wé moatte it sels dwaan. Yn taal en identiteit. En yn de Akadeemje. De provinsje freegje de rezjy te nimmen, betsjut dat je dêrnei altyd wer sizze kinne, ja mar de provinsje woe dat it sa ha. Dan kin je jesels altyd ferskûlje. Stean op en meitsje sels in hiel nij wittenskiplik ynstituut. Soademiterje al je sûnt 1938 opdiene eigenaardichheden derút. Om my neam je it noch de Fryske Akadeemje, mar slút je wol oan by Tresoar, de hege skoallen  en de universtitêre oprispings yn Ljouwert en Frentsjer. Sûnder wittenskip witte wy wol dat it no in nije tiid is. Logysk.

 

Advertenties


Een reactie plaatsen

04 09 2019

Demokrasy

Redakteuren fan de Ljouwerter Krante hâlde fan festivals. Dat hindert op himsels net sa hele folle, want de measte stikjes yn dy krante wurde toch skreaun troch de Grinzer kollega’s fan it Deiblêd fan it Noarden. Sadat je as je nijsgjirrich binne nei Fryske saken je de Ljouwerter al wer gau oan de kant lizze kinne. Dat de rubryk Hete Soep oer in wyklikse besite oan in restaurant sneon oer in Grinzer kroechje gie, wie my te fier oer de grins. Letterlik.

Mar oer de festivals skriuwe se alle dagen sels. Hoefolle pagina’s der net bestege binne oan dat festivalgedoch, alderheislikst. Der gean minsken nei festivals, der bin lju dy  kin it neat skele at der al of net in festival is, en der bin minsken op guon festivals tsjin. Se komme allegear oan it wurd. Wiidweidich.

Doe tocht ik, ik wol it ek ris oer in festival ha. Ofrûne freed en sneon wie yn Nijmegen op it eilantsje Veur Lent it demokrasyfestival. Dêr moast nedich twa dagen oer âldehoerd en song wurde, want de demokrasy is yn gefaar. Needgjalp.

Demokrasy is letterlik “volksheerschappij”. Ik brûk it hollânske wurd efkes, want by ús is it dan mienskipsdiktatuur. Volksheerschappij is it trouwens ek net mear, want it folk hat dy demokrasy al lang fernield. Troch individualisme, net ien fynt wat in oar fynt. En troch de sosiale media, want sa kin je per dei oare lju foar of tsjin je krije. Gaos.

En wát moat je dan feroarje yn dy demokrasy. Elkenien fynt ommers dat de útkomst oars wêze moat as at buorman fynt.  Sa sitte we optheden yn elkoar. We hienen it referendum, dan koe elk meistimme. De útkomst paste de oerheid net. Se diene neat mei de útkomst en doe ha we it referendum wer fuortsmiten. Guon wolle it no wer werom ha. Noch mear gaos.

Je ha fansels ek de Wildersen yn dizze wrâld, dy’t fan diskusjeare skellen makke ha. Dêr bin dan minsken it mei iens, mar sadré at dy in stikje bûten de pot pisje wurde se fuortsmiten. Skandalich.

We ha hjir yn Hearrenfean in moai ynisjatyf sjoen, hûnderten lju dy’t meipraten oer de ferbettering fan it sintrum. No wie dat sintrum ek wol sa min, dat elk der wol wat fan fine koe. De koeke dy’t se bakten wie frij tsjok, benijd hoe’t dat no aanst ferwurke wurde sil. Mar earlik wêze, de provinsje liet de minsken  meiprate oer de doarpen. Se hearden goed, want no al moat de gemeenten wenten jaan at de doarpen minsken fine om der te wenjen. Dat wurket.

Meiprate. Leafst struktureel. En dan komme ta ien opiny. Oars kin oerheden oer je hinne wâldzje ûnder it motto jim bin it dochs ûniens. Wurk foar neat.

It festival waard organisearre troch de Vereniging Nederlandse Gemeenten, yn gearwurking mei it ministearje fan ynlânske saken. Dat soe op foarhân betsjutte dat it in droech, toar festival wurde soe. Wie’t net, se hiene wol 100 sprekkers, yn alle kleuren en maten. Wol frjemde dat by dy sprekkers Tom Middendorp wie. Ik kin him net,  mar Tom hie in militêr pakje oan en it leger is net in ynstelling, ha’k ûnderfûn, dy’t it wurd demokrasy brûke. Of is dat feroare?

In oare sprekker, Henk Krol fan 50+, wie freed op de radio oan it wurd oer it festival. Gemeenteriedsferkiezings moatte neffens him net in opstapke wêze foar de Keamerferkiezings. Logysk dat hy dat sei, want yn de gemeenten docht hy amper mei. Syn twadde ferhaal wie better. Gemeenteriedsferkiezings as tuskentrochjes, elke trije moanne wer acht gemeenten oan it stimmen. Dan hat de nasjonale polityk dêr gjin ynfloed mear op. Ik soe taheakje wolle, doch dat ek mar by de provinsjale ferkiezings. Nij, oars en better.

Ik koe net nei it festival, oars hie’k fertelle wollen wat in hiel soad minsken tsjintwurdich sizze. De Twadde Keamer nei 75 man. Der meie mar trije partijen mear yn: Links, rjochts en midden. Binnen dy partijen moat je alles mar bediskusjeare. At je bist, 50+, rasistysk, grien, kristlik, pasifistysk, allochtoon of wat dan ek binne. In grouwélich paad om de demokrasy wer yn it gareel te krijen. Dat ha we lykwols net hearre kinnen. In miste kâns.


Een reactie plaatsen

28 08 2019

Besef

Sneintemiddei sieten we op it terras fan badmeester Keimpe yn Balk út te sjen oer de Sleattemermar. We harken dêr nei de de Fryske lietsjes fan Weima en van der Werf, want dêr is de Omrop net al te grutsk op.  Badmeester Keimpe is in kafé/restaurant oan de mar, it plak wêr’t eartiids badmeester Keimpe Vos  yn de blaualch omgriemde om de bêrn dêr swimmen te learen.

Doe’t we nei hûs rieden wie’t al skimerich. Mar wat in moaie jûn. De dize luts stadich omheech nei de blau-read-oranje loft, wêr’t de lêste sinnestrielen tsjin de dize oanskynden. It joech sa’n ferskriklik moai byld oer de greiden, dy’t yn in dize hast op iis liken. Op in iensum yn de greide steande lantearnepeal siet in grutte eiber oer it lân te sjen  nei syn bern dy’t yn de mûzen omklauden. We hiene op it terras al tsjin elkoar sein dat Fryslân it moaiste lân fan ierde is.

Moandeitemoarn moast ik betiid wer earne te plak wêze. It geloksalige gefoel fan de jûn tefoar wie noch net iens fuort of dêr kamen de nije dingen al wer. In warbere frou dy’t sûkerskjinne lekkens oer de line tearde. In betide fytser dy’t ús ôfgeunstich makke omt hy ien fan de moaiste paadsjes fan Fryslân lâns de Aldegeaster Brekken ynriedt. Yn de buorren stie in frou efkes te wachtsjen oant ik foarby wie, de boadskiptas al yn de hân.

De lêste fakânsjegongers dy’t tús mei de auto  nei de supermerk op de hoeke gean, toffelen in pear kilometer foar waarme broadsjes fan de hite bakker. Want de temperatuur is tropysk. It lân net. Fûgels sjonge it heechste liet. Flinters en libellen fladderje al. Skiep sjogge al slieprich it slommerjende lân oer. Der stean twa lju te praten by in tsjokke  trekker, se sille de sleaten hekkelje. Betiid, mar opfallend is dat it eins al nedich is. De sleatten stean yn dizze natoerrike simmer grôtfol mei grien, streaming sit der hast net mear yn.

Op de radio yn de auto begjint in Nederlânske Papoea te fertellen oer in demonstraasje by it Indonesyske konsulaat tsjin dat de regearing dêrre in pear West-Papoeaanske studinten oppakt hat foar it net foldwaande achtsjen fan de Indonesyske flagge. Dêrtroch bin yn West-Papoea, dat selstannich wurde wol, ek al aksjes. Dan doch ik eat wat ik hast 70 jier noait dien ha, ik set de ynformaasjesender út en set musyk op. Fluitsjend ryd ik fierder, wat kin my de idioate wrâld noch skille at ik troch dit lân riidt.

Fout. Hielendal fout. No ha’k net heard dat de foarsitter fan de boereorganisaasje LTO, Marc Calon, seit dat in pear natoergebietsjes lykas de Veluwe, Lauwersmar en Oostvaardersplassen genôch west hiene. No bin der safolle natoergebieten en gebietsjes dat dy allegear lêst ha fan stikstof en dat der dus yn ús lân neat mear barre kin. In lappetekken fan natoer moat hy sein ha. Dat klinkt smeulsk, mar ik ha’t inkeld noch mar lêzen. Ik ha Hans de Boer, Wytmarssumer mar lannelik ûndernimmersfoarsitter ek net heard. Dat hie al moatten, want hy wie it iens mei Calon.

At ik fuortdûzelje, dan dogge  boeren dat ek. Wy kin Calon net útsette, mar dat kin de boeren wol. Mar dy bin oan it hekkeljen.

De boeren. Sneonskollega Ferdinand de Jong hâldt my algedurigen foar dat je de boeren net op ien bulte kwakke meie, want it bin wol de lju dy’t my foede. Ja, mar op Curacou ha’k sjoen, wurdt net in ierpel ferboud en der is net in ko te finen, mar likegoed ha se der allegear wol wat te iten. Inkel de natoer is dêr net folle en hjir wol.

In part fan de boeren hat it yntusken yn de rekken. Sa linkendewei komme se op it goede biodiverse paad. It is no saak dat de lanboubestjoerders dat ek foar it ferstân krije. At boeren hoeder fan ús lânskip wêze wolle, moatte se dy Calon daliks nei Curacou depoarteare.

We sangerje op Brazilië om, mar Bolsonaro hat gelyk dat we hjir de Amazone al kapt ha. En dat we hjir elk jier noch 3000 bunder grien yn stien feroarje.

Wisten jim net hè. Ik wol. Ik ha de radio wer op ynformaasje set.


Een reactie plaatsen

21 08 2019

Smellingerlân

De earste tweintich jier fan myn libben ha ik wenne yn Drachten. At se of we it letter hiene oer earne wenjen, dan neamde in oar faak syn of har hikkke of tein plak. Mar ik sei noait ik wol nei Drachten werom. Ik hie der gjin langstme nei. Drachten wie hielendal net ferkeard, mar der waard nea in fonkje oanstutsen.

Jieren letter ha’k dêr yn de Lawei nochris in diskusje lieden oer hoe at je Drachten oantrekkeliker meitsje koenen. Immen sei doe “doch de kroegen hjir sneins ris iepen, dan komme de minsken wol”. De seal gniisde him stikken, mar boargemaster Middel wie lulk op my, we hiene inkeld hosanna blaze moatten oer Drachten. Doe waard ik ek balstjurrich en andere dat at der gjin hosanna is, kin je it ek net blaze. It is nea wer goedkaam tusken ús.

Dochs bin ik de lêste dagen grutsk op Drachten. Watte, elk dy’t ik kin wiis ik op de dieden fan de gemeenteried fan Smellingerlân. Want dat is Drachten. Ja, dat is wat yngewikkeld, mar Smellingerlân is de gemeente en Drachten it haadplak dêrfan. Wêrom at it wol de gemeenten Ljouwert, Hearenfean en Snits binne, mar net Drachten, leit yn it fiere ferline.

Smelle Ie, dat wie it haadplak fan de grietenij. Dêr stie in kleaster. En fan dat Smelle kaam Smellingerlân. It wie net mear as sompe hear. De mûntsen fan Smelle Ie ha sels noch de Mjoksgroppe, de Monninksgreppel tusken de Wide en Smelle Ie groeven. Mar yn 1625 wiene se dêr wol klear mei. Doe waard Smelle Ie har te smel.

Yn dy tiid  kaam oan de oare kant fan it wetter it griffemearde Aldegea op. Dat bleau oant 1816 baas fan de grietenij. Doe waachste ynienen de Pein wat, dus dat wie hiel efkes haadplak. Mar yntusken wiene de beide lytse mienskipkes boppe en ûnder de Drachtster Kompagnonsfeart wat yn ûntwikkeling kaam. Dy leine geunstich.  Noard Dragten en Súd Dragten, mei in g doe noch, groeiden nei elkoar ta. Doe ha se yn 1826 it gemeentehûs dêr oan de feart setten en sa waard Drachten berne. Haadplak fan Smeliesterlân.

Yn 1950 kaam Philips dêr en yn de 60 en 70 er jierren waard Drachten útboud ta it twadde plak fan Fryslân. It woe yn sân hasten eins wol 50.000 ynwenners ha. It woe it haadplak wurde fan at de trije noardelike provinsjes fuseare soene. Sa ûntstie de aksje, Smallingerland, zeg maar Drachten. Drachten moest it biedwurd wurde. Doe ha se sels noch besocht de gemeentenamme yn Drachten te feroarjen, mar dat ha wat âlde historisi tsjinhâlden. Dy fûnen dat se dêr net ferjitte mochten dat se ûntstien binne tanksij de mûntsen fan Smelle Ie. En dêr wenje no de rikere minsken fan Drachten oan ta of yn.

Gemeentes lykas Smellingerlân siz mar Drachten, sitte te prutsen mei allerhande fergunningen fan gasboarings. Dy ha yn Grins al soarge foar in totale fersakking. Mar der is ek noch de regearing dy’t logiserwize soargje moat dat der genôch jild yn it laatsje leit en dat wie altyd in soad gasjild. Dy gemeenten roppe sa no en dan wat, mar it is sa mar wer stil. Smellingelân hat it no oars dien. It hat it gewoan formeel ûnmooglik makke om yn harren grûn om te dollen. De bestimming fan bestimmingsplannen feroare. Dat se dêrmei ek it ferhaal oer de termyske waarmte fuortsmiten ha, wit noch net ien, mar dat hindert neat. Smellingerlân hat net wat sein, it hat wat dien. Dêr bin ik grutsk op.

Tuurlik ferlieze se it op de ein fan Wiebes en trawanten. Mar miskien is yn de tuskentiid it besef yn it hiele lân kaam, dat je miskien dochs wol fersichtich wêze moatte om rûnom yn de grûn te boaren. De wize werop Smellingerlân it dien hat smyt yn elk gefal formele diskusje op, inkeld wat roppe jout neat. Wiebes fynt dat ek en hat net de laeie yn hannen naam, mar it oerlitten oan de ried fan Steate. Want dan hoecht hy net yn elke gemeente nije diskusje te fieren, at oaren gemeenten it stokje fan Smellingerlân oernimme.

Myn Smellingerlân. It is net mear smel. It is grut. Ik bin grutsk. Mar nee, ik gean net werom.

 


Een reactie plaatsen

14 08 2019

Mûzemonumint

At je fûgel binne en je wol op fakânsje, dan gean je nei it súdwesten fan Fryslân. Fûgels ha it maklik. Se kinne der, sûnder CO2 út te stjitten, samar hinne fleane. En dan nei de greidefjilden dêr. Nei plakken wêr’t pompen steane, dy’t wetter troch hûnderten meters slang spiele. Dêr strike se del.

It is dêr hiel gesellich. Dêr sitte hiele kobbefamyljes. Roeken, mûzebiters en hoarnsskrobbers bin der ek in soad. Gewoane en sulverreigers gean  fan de sleatskant nei it midden fan de ekers. Dêr sitte ek al sa’n 20 eibers. Der fljocht ek in soad lytser guod tusken troch. Hoe gesellich at it ek liket, dat is it net. Se ha it nammentlik hielendal net oan tiid om tsjin elkoar te tsjirpen. Se binne oan it fretten.

Yn de Súdwesthoeke bin de boeren nammentlik tige gastfrij. Mei dy pompen en lange slangen. De pomp jaget weter troch de slang en de slang spuitet dat troch allerhande gatsjes oeral oer it lân. Pompen bin al hast nearne mear te krijen, de slangen wurde hiel hastich makke troch bygelyks seilmakkerijen. Guod oan elkoar naaid. Dat hâldt wol, en hoopje dat der net tefolle basten yn komme. Dat falt ta sizze de boeren.

Dat wetter giet oer de greide en dan de grûn yn. En ja, dan krije de bisten dêr ûnder de grûn in tsunami. Under de grûn sitte benammen mûzen. Der bin in hiel soad fan en dus lizze se ticht by elkoar. No dan wit jim it wol, dêr komme jonge mûzen fan. En dy krije fiif wike letter ek wer jonge mûzen. Dêr bin yn tsien wike mear mûzen as minsken yn Fryslân

Mar at de tsunami komt, moat de mûzen besykje omheech te swimmen. Dat slagget net elke mûs. Blub. Der fersûpe in soad. Mar in hiele binde rêdt it al op. En dy swimme dan rjocht yn de bek fan eibers, reigers, kobben, roeken en fansels mûzebiters. De lytsere fûgels pikke wat yn de bonkjes om, dy’t de grutte fûgels fuortsmite.  Gesellich.

Yn juny prate ik mei boer Gosse de Vries by Wâldsein. Dy begûn doe op dizze wize te wetterjen. Boeren bin eins benaud foar wetter. In reinbuike om it gêrs te waachsen is poerbêst, mar tsien sentimeter heger yn de sleat is ûnbesprekber. Dus ik frege Gosse hoefolle skea at hy ferwachte fan it op dize wize mûzefrij meitsjen fan it lân. In snee? Hy wist it net. Hy seach wol. Mar it wie de ienige wize om gjin mûzen yn de molke te krijen.

Hy hat it sjoen. Boer Jacob van der Wal oan de oare kant fan Wâldsein sei yn de krante dat de kij echt wol troch sleatswetter wosken gêrs frette. Dat dy molke net minder is. En it lân folle frisser. Hy is hielendal entosjast. At je him sa hearre, dan bliuwt hy wetter spuitsjen, ek al sit der gjin mûs mear yn’e grûn. It wetter sakket ommers moai del, want it grûnwetter is nei de tropejierren wat te leech. Fierder rint it wetter de sleat wer yn en dan kin it derút wei wer oppompt wurde en syn mûzedestruktieve plicht dwaan.

Wurk mei twa kear rindemint. Myn fersyk oan de boeren is no om alles goed te fertellen. Je net wer oan de kant lulle litte troch minsken dy’t sizze dat wetter ferkeard guod is. Sis it tsjin je eigen organisaasje, de LTO. Sis it tsjin de suveljongens. Siz it benammen tsjin de oerheid, provinsje en foaral tsjin it wetterskip Fryslân. Sizze dat se mei de klauwen fan de wetterkearders ôfbliuwe moate. Dat it wetter yn it feangreidegebiet bêst tsien sentimeter heger yn de sleatten kin. Undersikers ha ommers sein dat dát minimaal nedich is om feangreide te behâlden. Net langer wachtsje op proeven dy’t der net binne. Dat dogge we al tsien jier. Aksjespandoek: Wetter is better.

En de natoerminsken? Dy moatte har efkes stilhâlde. Sokke lûden moat inkeld út boeremûlen komme. Oars lizze dy bestjoerders en fergaderboeren fuort wer dwers. Efkes neat sizze. Lit de boeren mar. Lit de realiteit mar.

En at dy natoerlju al wat dwaan wolle, meitsje se mar in moai monumint fan in fersopen mûs. As earbetoan oan wetterboeren.

 


Een reactie plaatsen

07 08 2019

Befeiliging

Moandeitejûn, it rûn al tsjin tolven, stie ik efkes by it skûtsjefeest yn Wâldsein. Der wie ien grutte dinende massa foar kafee de Watersport. Se hiene musyk en út foarsoarch ek noch mar efkes in dekskipke yn de Ie dellein. En in taap bûten op de wâl. Fansiden stie in befeiliger it hear oer te sjen.

Ik fertelde dy befeiliger dat eartiids kafeebaas Frâns van der Molen  dêr bier servearde op de draaibrêge, dy’t der doe noch wie.  Brêgewachter Gaps draeide gewoan tusken it bier útsuteljen  troch. En Frâns rôp doe “de hiele wrâld is myn terras”.

De befeiliger gniisde. Dat hie hy ek wol oan tiid, want der wie net ien dy’t dwers lei. Fleurich folk. Hy moast der lykwols al stean, want oars hie it kafee net iepen kinnen, hie der net musyk west en hie der net in dekskipke yn de Ie lein. Dêr wurde de no fleurige minsken dan net fleurich fan. Se twinge de pakesizzer fan âlde Frâns it mar wol te dwaan. Mar goed ek, want efkes letter stie pake sels der ek noch te dûnsjen.

We ha optheden yn Fryslân in soad fleurige barrens. En oeral moat befeiliging by. De betingsten weroan in organisaasje foldwaan moat  binne frij swier. It is net mear aardich dat al dy entosjaste frijwilligers, dy’t wat op tou sette wolle, safolle fan dy betingsten op harren pantsje krije dat se der wolris tsjin op sjogge om de organisaasje trochgean te litten.

De oare kant fan it ferhaal is dat der op guon plakken safolle ferkearde dingen bard binne, dat je der net mear ûnderút komme. Dat betsjut dat we no allegear saken betinke dy’t miskien, mar wierskylik nea, barre sille, mar wêr at je wol rekken mei hâlde moatte. Der bin al skûtsjeorganisaasjes dy’t frege binne nei in ûnderkommen foar de 10.000 besikers, yn gefal fan in needsitewaasje.

 

Wy kinne ús gjin inkele foarfsteling meitsje fan in needsituwaasje werby 10.000 besikers fan in skûtsjewedstriid ûnder dak brocht wurde moate. Ek al reinde it ferline wike, se bleauen moai sitten. En seit dy fergunningsamtner: at der dan 10.000 minsken binne moat der ek plak foar 5000 auto’s wêze, wêr set jim dy del. Ik leau dat se doe op de Lemmer sein ha dat se dy 10.000 minsken dan mar yn dy 5.000 auto’s proppe, dan bin se teminsten feilich foar in dikke sniebui.

De betingsten komme fan de oerheid. De oerheid is formalisme. Yn dit gefal gemeentlik formalisme. En benammen yn elke gemeente eigen formalisme. Dat makket it foar bygelyks de SKS betiizjend dat se net ien fergunning oanfreegje kinne. Formalisme betsjut ek dat it tal betingsten aloan grutter en oars wurdt, want oars ha dy amtners neat te dwaan. Dêrtroch wurde dan ek de tiidstippen werop je de fergunningen oanfreegje moatte, hieltyd earder. Want oars kin se it op it gemeentehûs net goed besjen en der oer âldehoere en wer nije betingsten betinke. Mar Frâns hat mei de Krystdagen echt noch net oer in dekskipke neitocht.

Bestjoerders (oant de boargemaster ta) fan gemeenten fine it ek oerdreaun. Se kinne net oars. Stel je foar dat der dochs wat barre soe. En net te ferjitten, wy meitsje dy eveneneminten aloan grutter,  want wy fine it moai.  Allegear der hinne.

We bin hjoed allegear op Hurdsyldei op de Snitswike. Of by de hynders yn Bûtenpost. Of by de freule yn Wommels. Of by it skûtsjesilen op de Lemmer. E-day yn Fryslân. Evenmintendei. De wettersportferiening KWS yn Snits, de Stichting  Paardensportcommissie Buitenpost, de Stichting de Freule en de sylferiening de Zevenwolden op de Lemmer ha de ôfrûne winter har bryk skreaun om de fergunningen binnen te krijen. It sil slagge wêze want oars hiene we yntusken al heard dat der hjir of dêr wat net trochgiet. Ik doar net te tellen hoefolle befeiligers der hjoed warber wêze sille, want der is ek noch wol folle mear rûnom yn de provinsje.

Dy provinsje soe der goed oan dwaan troch in effektieve Veiligheidsregio sa yn te klaaien, dat der net aloan yn de fergunningen fan besteande eveneminten elke kear wer wat feroarje moat, omdat ien of de oare hapsnurker wer wat nijs betocht hat.


Een reactie plaatsen

31 07 2019

Droech

Sa droech as hop, sei ús mem eartiids altyd. Letter fûn ik dat wol  frjemd, want doe hearde ik dat je fan hop bier meitsje. No en dat is alhiel net droech. Sterker, dêr sûpe we optheden amers fol fan op. Dat litte we net op it lân rinne, want dan wurde mûzen dronken.

It betsjut dat de droechte soarget dat ek Fryslân in soarchsum wetterskip hat, dat oer in pear dagen, miskien hjoed al, melde sil dat it dreech is om earne noch wetter wei te krijen. It grûnwetter stie ferline jier al in heale meter leger, dat wurdt no noch in kear sa slim. It Woudagemaal yn Lemmer en it Hooglandgemaal yn Starum wurde  nije wike ombout, dy meie inkel noch wetter ynlitte.

Dat komt allegearre fan it waar en it waar is fan it KNMI. Dat it ek yn Fryslân té droech is kin it KNMI neat skele. Sy sitte oer jim yn. Se struie dêrom mei koades.

Koade geel is in mooglike kâns op gefaarlik waar. Mooglik. Dêr sjocht dus net ien nei. Koade oranje betsjut dat der kâns op eksteem waar is. Jo kín der oerlêst fan krije. Kâns en kin. Lit mar. By koade read moat je wat dwaan. Wat, dat is net bekind, mar it waar wurdt mienskipsûntwrichtsjend. Dêr kin ek nimmen him wat by foarstelle. Dus we sjoch wol, it waar kin je net bepale, we harkje net nei de koades.

It soe ek better wêze dat we konkrete stappen nimme. Dat we ús realiseare dat Gerrit Hiemstra miskien wol gelyk hat. De waarman fierd op twitter in fûle striid mei lju dy’t sizze dat it klimaat net feroaret. Dat we neat hoege te dwaan. Gerrit seit dat wy it waar fernield ha. En dat moat we sels ek wer goed meitsje.

We moat ús dus realiseare dat it de kommende jieren lykwols droech bliuwt. Ja, der kin wol in bui rein falle, dat is ek noch faak in koade oranje-ekstreme bui. Dêr ha we te min oan. Boeren ha leaver seis dagen in motreintsje. Ekstreme reinen bin insidenteel. We komme simmers oanien ta deselde of noch hegere temperaturen as no. Dan kin we jierren troch mei dat ûnsingedoch fan waarmte-rekords en sa. Ja, it wie yn  1944 in hite simmer. Dy fan ’76 ha‘k sels noch meimakke. Wat ynteresseard it my no dat it ferline wike yn Starum 36,2 wie, ik ha ek al lêst by de 35.9 dy’t ik earne oars hie.

It betsjut dat we echt wat dwaan moatte en net yn sliep falle mei it harkjen nei koades fan in organisaasje dy’t seit dat der bêst kâns is dat…. Gerommel yn de marzje. We moat ús realiseare dat it hjir stadichoan hiter wurdt.

Dus it wetterskip moat earne in kwak wetter weihelje. Dat is nuodlik want Amsterdammers ha de Iselmar nedich om leech te drinken en seewetter mei al dat plestiek wol net troch ús kranen hinne. Dy gemalen kin dus sowieso wol ticht. We moat oare wetteropfang ha. Fan dy ekstreme buien. Net in sleatsje, nee grutte bakken fol. Fan sa’n 70 meter heech en in pear kilometer breed. Dêr sette we sinnepanielen op, mar dy moat we efkes oant de kant skoue at it ekstreem reint.

Presies, ûnsin. Dat kin we noait foar elkoar krije. It is, lykas by it klimaatferhaal en wat je dêr oan dwaan moatte, in hieltyd sykjen nei nije metoades dy’t je fan pas komme. It moat yn Europa mooglik wêze dat de snie en rein dy’t hjir yn de bergen falt op ien of oare wize hjir hinne te krijen. En yn oare droege lannen. En je sil produkten meitsje moatte dy’t tsjin de droechte kinne. Sa sil we oan de gong moatte.

We ha noch net mear as in pear koades. En hiteplannen dy’t sizze dat je genôch drinken ha moatte. En net yn de sinne sitte. Dat wisten we beide al. Mar de echte mienskipsûntwrichting is, dat we ús net realiseare dat al dy berjochtsjes oer in waarmere see, mei frjemde fisken dy’t oanspiele, mei tige frjemde insekten, mei oare fûgels in nije tiid oantsjutte. Dat Nederlân, nettsjinsteande bewolking en rein  hjoed, tenei in tropysk lân is.