Eelkesweblok


Een reactie plaatsen

03 04 2019

Wintertiid

Ek al ha diskusjes pas in pear dagen lyn west, dan is it net wenstich dat ik der hjir nochris oer begjin te âldehoeren. Dat hat ommers gjin doel. Jim ha alles goed lêze en hearre kinnen en jim bin grut genôch om der sels in stânpunt oan op te hingjen. En dochs wol ik it no efkes ha oer dé diskusje fan ôfrûne wykein. Nee, net Ajax-PSV. Net Baudet. Net Fryske Marren. Nee, wintertiid of simmertiid. It ôfrûne wykein moast de klok wer in oere foarút. We ha wer simmertiid, it waar paste him bjusterbaarlik oan.

Inkeld, we wolle dat gepruts mei de klok net mear. De allermachtigste yn ús mienskip, de Europeeske Unie, hat no ek sein: we nimme aanst noch ien tiid en jim mei sizze at dat wintertiid of simmertiid is. Diskusje. Elkenien eamelt der yn om. Ik tocht earst dat it my net in moer skille kin at ik no by tsjuster of mei ljocht myn skuon oan doch, want ik doch de fiters toch net los en kin blyn mei in hakketrekker wurkje.

Mar ynienen, midden yn de nacht waard ik skril wekker. We kin ommers gjin simmertiid ha. Klimaatferoarings, formalisme, te grutte belangstelling en Pyt Paulusma lit ús dan wol twifelje oer al of net in alvestêddetocht, simmertiid yn de winter sil him echt fermoardzje.

At sis mar op 12 jannewaris 2020 om healwei seizen it startskot klinkt yn de Alverstêdehal yn Ljouwert is it roettsjuster. Dat bin we wol wend. Mar betink wol dat de hjoeddeiske wedstriidriders hurder ride as at se ea dien ha. Sûnder mis sil it foarbyld fan Fausto de Mareiros yn de alvestêdetocht fan 4 jannewaris 1997 ek neifolging krije: in lampke op de reedridershelm. It wurdt moarns no ien dwarreling fan ljocht. De earsten dy’t útfalle ha gjin stompe of omklapte redens, mar sizze ferheard “myn lampke foel út”. Ja, dan doch je net mear mei.

Wis, dat earste ein hat altyd tsjuster west. Mar yn 1997 riden de riders ek folle hurder as yn 1985 en dát wie yn febrewaris. Fausto foarop yn Balk en sa kamen se fan de Luts op de Holken. Eartiids waard it dêr ljocht. Yn 1997 noch roettsjuster. En je moat om in hoeke, dat je sjogge net daliks de lampen fan de Galamadammen. Se hienen dêr ek neat ophong, ik soe ek net witte wêr’t dêr de stekker yn moat. Elkenien stode witwer hinne. Kânshawwer Peter de Vries botste op in peal en bruts syn skouderbonke. It wie in wûnder dat se net allegear it lampke fan Fausto folgen, want dy gie de ferkearde kant op.

Starum gie noch wol. Yn Hylpen wie lykwols it ljocht yn it  stimpelhokje net iens oan, en sa krige Piet Kleine gjin stimpel. Se wiene fierstentelet. De riders ride nó noch folle hurder en bin noch folle earder yn Hylpen, dan lizze se dêr noch op bêd. Net ien krijt in stimpel.

Tusken Warkum en Boalsert krigen de riders yn ‘97 wat mear sicht. Doe wie it tsjin noggenen. Mar it duorre oan Harns ta foardat it echt ljocht wie. Mei de simmertiid bin we aanst noch in oere letter. Dus Boalsert en Harns ek noch dik tsjuster. Frentsjer fier foarby, dan komt it ljocht der pas wat by.

De televyzje hat dan inkeld noch mar passaazjes sjen litte kinnen. Se komme op de Blikfeart pas yn de wedstriid. Yn Hilversum bin al lûden dat tenei ien kameraatsje op de Bonke wol genôch is.

De toerrriders ha it noch folle slimmer. In oere langer tsjuster by de start. Je kin je eigen fiters net iens sjen. En dan ek noch 20.000 oare harlekijnen. At de Luts noch wetter is, fan Sleat werom nei Wâldsein en dan op de Ie tsjin elkoar ynride. Se ha net allegear in lampke. Der komme wis in soad ûngemakken fan.

Wy moat as Friezen no oerein komme en de hiele Nederlânske befolking efter de alvestêddetocht krije, en dan nei it Europeeske Hof. Wintertiid. At we aanst op 27 oktober de klok wer efterút set ha, komme wy der noait wer oan. Ek net at alle oare idioaten yn de wrâld him dan op 29 maart 2020 wer in oere foarút sette. Wy net wer!

Advertenties


Een reactie plaatsen

27 03 2019

Formaasje

Wetterskip Fryslân. Je hearre der eins noait safolle fan. Inkeld at se werris in miljoentsje of sân kwyt rekke binne. Dat merke wy oan it jierlikse rekkentsje, mar dêr steure we ús net oan. Dat heart sa, tinke we dan, dy lju dogge toch goed wurk. En der komme lytse priizgjende stikjes yn de krante at ien of oare seedyk sân meter ophege is of at der fiif muskusrôtten fong binne.

Ferline wike barde der lykwols echt wat. Ik riidt yn de nacht fan woansdei op tongersdei troch de Lege Midden. Ynienen sjoch ik in skym op it Prinses Margrietkanaal. Wat is dat? In pream mei in oanhingmoterke. En in skipper. Hy hat in pet op. Op de Krúswetters gie de tsjustere kombinaasje rjochting Warten. By de brêge, dy’t ’s nachts net draeit en yn maart hielendal net, moat de mêst efkes del. Dan fart hy stadich nei de kant. Der stiet in frommiske. De man krijt in knuffel. En tegearre, hân yn hân, skoue se it Earmhûs yn. Dêr wennet net ien mear yn, want der bin gjin earme minsken mear, seit Rutte. It is no in museumpke. Ik slûp tichterby. Kin alles sjen, want in Earmhûs kin gjin gerdinen betelje.

It frommiske docht de lampe oan en har kapusjon del. Bliksems, dat is Tineke Cleveringa. Dat is eeeh sy fan Water Natuurlijk. Hat ommers oan de wetterskipsferkiezings meidien. It twatal rint troch nei de grutte keamer, foarsafier der grutte keamers yn in Earmhûs binne. Der sitte in stik as wat lju. Och heare, allegear heale en heule wetterskipsbestjoerders. Natoerlju, mar ek Bram Bonnema fan de FNP. En sy fan Van Asten fan de PvdA sit der ek. Dan docht de tsjustere preamskipper syn pet ôf. No ju, it is Gerben Gerbrandy (boeresoan-wetterskipsbestjoerder-wethâlder-boargemaster-takomstichearstekeamerlid). Wat moat dy hjir? Him wurdt gol de hân skodde. Dan begjinne se te mûskopjen.

Njonken my ynienen wat geritsel. Der dûkt noch ien út de strûken. Dat is eeeh dy eardere CDA-wethâlder fan Skarsterlân, dy Bé de Winter. Ferhip, dy sit ek yn it wetterskip. Hy sjocht nei it mûskopjen.  Hy is CDA-er, mar hy flokt súntsjes. Dan stekt hy de fûst omheech en ropt ynienen oer it stille Warten: “wy bin de grutste, wy bin de baas, wy beneame ek in formateur”. Dan rint hy mei brede stappen fuort en skuord rjochting Hartwert. Boerebestjoerder Sjoerd Galama leit noch op bêd, want hy hat de moarns nei ferkiezingen altyd in melker. Mar Bé de Winter skuort him der ôf. Oan it wurk!

Sa sitte se yn Warten en Hartwert om de tafel. Tineke hat  fantefoaren al wat maten opsocht en seit, mei de twa natuerminsken dy’t net troch ús mar troch harren organisaasje beneamd wurde, dat sy de grutste is. Dus hellet Bé de lanboulju op, dêr wêr’t wy ek net oer stimd ha. En dan de oaren. It is een race tsjin de klok. It bard sels dat in nije wetterskipsbestjoerder skille wurdt troch Tineke en Bé tagelyk om op kofje te kommen. Dan moat je frekte hurd ja en nee sizze.

It hiele wykein wurdt der troch eamele. Want dat de grutste yn polityk en wetterrskip altyd de formateur beneamd is inkeld mar in oanwenst. It stiet nearne. Moandeitejûn moat no it hiele nije wetterskipsbestjoer dêroer oardiele. Se hienen noch net iens de eed ôflein dat se gjin muskusrôtten ferkeapje soenen.

Stimme. Foar lânbou út Hartwerd of foar natoer út Warten. Je kin beide roppe dat je dêrmei fuortendaliks net tsjin it oare binne, it bliuwt lânbou-natoer. Dan is it 12-12. Der is noch ien oer. Se sjogge allegear nei Annet van der Hoek. Se hat in fêste beneaming fan de Keamer fan Keaphannel yn it wetterskipsbestjoer. Se is ek PvdA-koryfee, hat yn it read yn steaten en Twadde Keamer sitten. De keazen PvdA-bestjoerders sieten yn it Earmhûs. Mar Annet van der Hoek fielde har better tús in Hidaard. Dat wûn mei 13-12.

In formaasje dy’t oars wiken duorret is no yn trije dagen dien. Prima. Mar Bé en Sjoerd kieze no fansels inkeld allegear eigen kofjefolk yn it bestjoer. Dat hienen Tineke en Gerben ek dien as it oarsom west hie. De lânbou is fjouwer jier de baas oer de natoer yn Fryslân.

 


Een reactie plaatsen

20 03 2019

Oars

Ik toch earst dat ik it hjoed net oer de ferkiezings ha woe, want de harkers wurde de hiele dei suver omfier blaast troch allegear ferslachjouwers dy’t absoluut net witte wat se freegje moatte. Oan stimmers, politisi, stimburofoarsitters

Stimburofoarsitters? Ho. Hjir yn de Gaastmar gean ik aanst te stimmen. En de foarsitter fan it stimburo dêr is Cees van Mourik. Eardere VVD-er, oergien nei de FNP. Dêr provinsiaal foarsitter fan wurden. Dy’t al sein hat, dat at it net goed giet mei de FNP hjoed, dat hy dan wer ophâlde sil. Wy ha ôfpraat as Gaastmarders dat at we yn it hokje stean en we stimme gjin FNP, dat we dan roppe “kinst wol nei hûs Cees”.

Stomme ferkiezings. Yndertiid hat Johan Rudolf Thorbecke it allegear krekt ferkeard dien. Doe wie it wol moai. Hy hie as Swollenaar fansels de regio wat omheech lutsen. Sa waarden de provinsiale steateferkiezings …  ja dêr sit ik. Wat is it Fryske wurd foar getrapte ferkiezings. Getrapt. Trape? Nee dat dogge se by Hearrenfean njonken de bal. Eeh …….Trept? Leidere? Nee, eeh …….  Wy ha der gjin wurd foar. Friezen hâlde net fan getrapt. Rimmer Mulder hie de oplossing, hy hat der yn de Ljouwerter in hollânsktalich stikje oer skreaun.

Getrapte ferkiezings hâldt yn dat je op in partij stimme yn Fryslân en dat dy lju dy’t yn de steaten komme dan wer stimme op earste Keamerleden. Rimmer Mulder neamt dat útgongspunt fan Thorbecke ûnsin. Hy hat gelyk. De kampagnes foar hjoed ha ek sjen litten dat it ek folslein twa ferskillende wrâlden binne.

Tagelyk moat je de âlde Thorbecke ek wat yn eare litte: it moat wol wat de fine fleur fan Nederlân wêze dy’t de Earste Keamerleden beneame, want oars wurdt it krekt sa’n soadsje as yn de Twadde Keamer. Mar it gedoch dat aanst de FNP-stimmen yn Fryslân foar de Earste Keamer miskien wol it alderwichtichst binne foar hoe’t it yn it lân fierder giet, dat is yndied ûnsin.

It is in ellenlange diskusje. Dy’t nea ta in ein komme sil. Omt we it moarn wer fergetten binne dat we der hjoed lêst fan hienen. It is in selde diskusje as oer wintertiid of simmertiid. Dy ha we ek noch altyd beide. Sa sil it by dizze provinsiale ferkiezings ek moatte. Mar dan net mear getrapt. Elkoar oanfullend eins. Twa stimbiljetten.

Op de iene it provinsiale ferhaal. Kin dy listen ek wat oanpast wurde want de boppesten fan de Fryske listen hoege dan net mear yn steat te wêzen de goeie krúskes by de goeie Earste Keamerlju te setten. Want we ha dernjonken folweardige Earste Keamerferkiezings. Net elkenien sil it dwaan, mar dêr moatte de partijen dan wol de earbiedweardige lju op hun list sette, dy’t sjen kinne at de wetten fan de Twadde Keamer wol doge en oerien komme mei harren gewisse.

Dan soene je sizze kinne, dat dogge we op twa ferkiezingsdagen. Foar de kampagnes, it byld nei de minsken ta, soe dat logysker wêze. Mar nóch in ferkiezingsdei? Wurdt neat. Sjoch mar aanst yn maaie. By de Europeeske ferkiezings bliuwt der mar tsien persint oer. En dat bin dan meast ek noch de hjir hinne emigrearde Britten.

Ien dei. De lju dy ‘t inkel mar provinsiaal tinke en stimme wolle, bin der dan toch. En dy lju dy’t inkeld mar yn kleurde jaskes fan harren partij omrinne, dy dogge it Fryske ferhaal der by. Mar dan kin je ek provinsiaal op de iene partij stimme en lannelik op in oaren. Dan bepale jo sels wêrop at je stimme by de Earste Keamer, en wurdt dat net bepaalt yn de achterkeamerkes fan de FNP of Provinsiaal Belang of sa.

Trouwens net twa stimbiljetten, mar trije. Wetterskip Fryslân. Dêr soene dan gjin partijen op stean moatte, mar minsken. Behear fan wetter is net politiek, dat is in mienskiplik belang. Kin we dan net beter efter de kompjoeter stimme at we dochs dwaande binne ús medisinen of boartersguod te bestellen? Nee, dat kin hjir wis net, want yn Fryslân kin we dêr net mei omgean. We sitte hjir mei de measte gatten yn it dataferkear.

Gesellich. Gewoan nei it stimburootsje. Nei Cees van Mourik. Bin benijd.


1 reactie

13 03 2019

Formalisme

Somtiden sjoch ik wat. Dan ha’k in freeslike gedachte en dan moat ik efkes wreed gnize. Sa seach ik ferline wike in fotootsje fan Sander de Rouwe en Marijke Roskam dy’t op in middelbere skoalle in ferkiezingsdebatsje dwaan moasten. Se foelen helendal net op tusken al de oare bern.

Hawar, jim meie nije wike stimme en jim bin âld en wiis genoch om dêr mei te rêdden. Boppedat is it oant no ta iggeleas geâ;dehoer. Ek at ik sis dat ik graach wol dat jim op ien stimme dy’t net inkeld praat, mar wat docht. Ik wit ek net wa’t dat is, mar hy of sy hat noch in wike.

Foarbyld. Van 2015 ôf wiene we stjûrleas, mar we ha no eindelik wer in fizy wetterrekreaasje. Elkenien entosjast. Oannaam. Mar sûnder dán dogge we dat en dat. Sûnder sinten. It safolste plan wat net fuort útfierd wurdt. Want wetter is foar Fryslân wichtich. We meitsje der drinkwetter fan; we moat soargje dat we droege fuotten hâlde; de lânbou moat kwalitatief foldwaande wetter hat, ek wer net tefolle; we ha wetter yn en as natoer, as leefomjouwing en we meitsje der beropsmjittich gebrûk fan yn de ekonomy, toerisme, ferfier en fiskerij. En ús otters swimme der yn om.

It fiert wat te fier om oan te jaan wat der allegear yn dy fizy stiet, mar ik ha’m lêzen en nim mar efkes fan my oan dat op alle fronten yn dy fizy besocht wurdt om minimaal te behâlden wat we ha en dat eventueel ek noch te ferbetterjen. Benammen it jeugdplan, wat kin we mear mei wetter, út de jeugd wei sels betocht, docht aanst fertuten. Dat soe Sander en Marijke oansprekke moatte.

Soe fertuten dwaan kinne, de fizy leit yn in laad. It is toch wol in hiel pakket yn ien kear foar de steaten, en we ha ferkiezings, bla, bla. Begjin no ris. Al de lju dy’t meipraten ha, ha rjocht op dat der foar kommende simmer wat dien wurdt. Nee dus.

Want de fizy hat it breed makke. En dan begjint it geseik. Elkenien wol syn eigen nuanse oanbringe. Sa bin we ommers grut wurden yn dit formalistyske Nederlân. Dêr soene we as Friezen troch hinne brekke moatte. Smyt it wetterskip yn de provinsje. Sis tsjin de gemeenten dat hun plannen wêr’t wetter ynstreame kin, foldwaan moat oan de provinsiale fizy. Dat en dat dogge we allegear, en we dogge it mei syn allen. Ien skip, ien kaptein.

Want wit jim hoe’t it no bygelyks giet? Oeral hast lizplakferoardeningen, en dat betsjut dat oeral ynhamkes makke binne foar wenarken. Yn Opsterlân leit it gehucht Klein Groningen. No dy namme jout al oan dat it dêr oars is. Oer de Kompagnonsfeart leit dêr in brêge. By de brêge leit in wenarke op syn âlde plak. De trochfaart troch dy brêge is in heale meter minder, want dy arke leit der foar. Der is al jieren en jieren praat oer om dat oars te meitsjen.

Sterker, der is in goed plan om dat te feroarjen, kostet net iens safolle. De wenarke efkes fierderop yn in ynhamke, sadat net ien der lêst fan hat en de bewenners der wenjen bliuwe kinne. It bard gewoan net. Dy hat dit, dy hat dat en it saakje wurdt hieltyd wer yn it laad dondere. Blykber ha lju dy’t by de brêge wenje der ek noch wat oer te sizzen. Hoe at de saak ek begûn is, ynteresseart my net, los it op. Doch wat. Sels as wettersportprovinsje Fryslân kin we soks net oplosse

Sa giet it mei alles.

Guozzen. Feangreidegebiet. Wenjen yn doarpen. Wynmûnen yn doarpen. Krimp. Holwerd oan See. Iepenbier ferfier. It Waad. Kultureel trochgean nei kulturele haadstêd. Gasboaringen. Stânpunt oer Lelystêd. Frysk op skoalle. Poalen  yn Hearrenfean. Skriezen. Ofslútdyk. Lânskip. Natoer. Lânbou. Wetter.

Dêr wurdt oeral oer praat. Der wurdt neat dien. Earne yn Fryslân moat eins in stikje wâl efter reid ferbettere wurde. Foarjier, net oankomme, fûgels. Simmers, toeristen. Winters, iis. Miskien dat der op 12 septimber efkes in skip hinne kin. Mar dy dei hat de Noarse wrotmûs syn skoalreiske. Dan moat we it takom jier mar ris besykje.

Dan sizze we ek noch dat we grutsk binne op ús provinsje.

 

 


Een reactie plaatsen

06 03 2019

Sinleaze reis

Jehannes Kramer wol elk jier 200.000 guozzen ôfsjitte. Dan bliuwt hy in freon fan de boeren. Net elk steatelid is it mei him iens. Dy twifelje. Se soenen it nei twa jier wol wer efkes besjen wolle. Mar ja, Jehannes wol dêr noch fjouwer jier sitte, en dan pas op’e nij besjen. Dat past de boeren ek better.

Twifelers tsjin boeren yn de steaten. Rini van der Zanden, it Fryske Partij voor de Dierenfroutsje, hie de beslissende stim. Want it wie 20/20. En doe wie se sa senuweftich, dat se per ûngelok tsjin sei. Ek al omt je as PVD-er faak tsjin oerheidsfoarstellen binne. Sa waard it, tsjin wat se woe, fjouwer jier.

Polityk is fan 2019, stimmen fan 1848. Je kin it net feroarje. Dat dogge se foar it oare oeral wol. Inkeld net yn it fundamentalistyske Fryslân. Nee, sei Arno Brok, Rini mei net noch in kear stimme. Dy oare 20 ha har ek net holpen, want dy hienen de jas al oan. It makket nammentlik allegear net safolle út, want dy guozzen gean toch fuort mei al dat gesjit. Mar it bliuwt formalisme. En dêr diene se Rini sear mei, want it bin 400.000 mear deade guozzen.

Soks moat oars. Dat kin, want we ha 20 maart ferkiezings fan provinsiale steaten. Ek foar it wetterskip Fryslân trouwens. Fan it wetterskip wit je net folle. De listlûkers fan dy ferkiezingen stiene sneon yn de Ljouwerter, mar ik koe der net iens safolle fan. Se ha blykber ek neat te sizzen, want it wetterskip hat 7,4 miljoen tefolle fergriemd. Dus it wurdt tiid dat we dêr ek efkes goed oer stimme. Mar dat docht 30 persint fan jim fêst wol.

Op dy 20ste maart geane de beide ienige mannen wêr at we net op stimme hoege op paad. Kommissaris Arno Brok en dykgraaf Paul van Erkelens. Dy gean dy stimmingsdei by alle 18 gemeenten lâns. Se begjinne moarns ierenbetiid op Flylân en sille de jûns wol yn Ljouwert einigje, want dan moat Brok de provinsiale útslach foarlêze by Omrop Fryslân.

Se bliuwe oeral in kertier. 18 kertier is 4,5 oere. Bliksems, dan moat se tuskentiids oanfege. Fan Starum nei Lauwerseach is oardel oere en fjouwer snelheidsbekeuringen. Ik tocht earst noch mei de boat, mar dat kin net. Helikopterwurk nei de eilannen. En op de wâl moat Max Verstappen syn wein brûkt wurde, oars rêdde se it net.

Benammen net omt oeral de boargemasters yn it ketling ree stean om de beide keningen te ûntfangen. En al dy dwaze heale en hele politisi yn reade, blauwe en koskitengriene jaskes dûnsje der ek omhinne. Want ja, oeral soeme de kamera’s en moat der fansels noch efkes reklame makke wurde. En hee Brok hjir is in stikje appelgebak, dat hat Sietske noch makke foarige wykein en Paul moat jo net efkes in jonkje ha, dat heart toch yn it wetterskip. Dat rêdde se noait yn in kertierke.

En wêrfoar? Gean jo en ik nei de stimbus omt Brok en Van Erkelens in kertierke del komme? Nee fansels. Sterker, ik wol wol graach witte wannear at se komme, dan kom ik dan net. Stimme is efkes twa krúskes sette en wer gau oan it wurk.

In folslein sinleas o heden dus. En wat kostet dat wol net. Ik ha’t besocht út te rekkenjen, mar wy kinnne ús der gjin foarstellling fan meitsje. Te djoer. Te sinleas. Bliuw tús.

Miskien kin Arno en Paul dan tegeare ris neitinke oer hoe’t je minsken dy’t krekt senuweftich ferkeard stimme dochs respektfol behannelje kinne. Bygelyks sa’t it oeral bart: sil we it noch efkes oer dwaan? Dan praat der noait wer ien oer. No kaam frou Rini folop yn it nasjonale byld, en foar my wie dat elke kear fan: hienen jim dêr yn Fryslân no net better mei rêdde kinnen?

En Arno en Paul tink ek ris nei oer jim twa organisaasjes provinsje en wetterskip dy’t har beide like drok mei wetter dwaande hâlde. Altyd alles dûbeld op. En meastal is der ek noch in gemeenteman by. Trijedûbeld. Sinleas. Sko dat ris yn elkoar en sjoch dan hoefolle sinten at dat wol net skilt. Dan mei jim dêrfoar tegeare wol in kear nei Flylân. Mei de gewoane boat.

 

 


Een reactie plaatsen

27 02 2019

Earlik is ek moedich

Der giet in flústering troch in hiele lân. Elkenien huvert der súver fan. Want we bin wer werom yn 1345. De hjoeddeiske fryske politisi blike ûnferskrokken Grutte Pieren te wêzen. Dy doare alles. Alles! Fryslân is de ienigste provinsje dy’t in mei-stimwizer krijt. Ja in mei-stimwizer. Wit jim net wat dat is? Dan stiet der in kear wat te pronk yn de Fryske polityk en jim witte net iens wat it is? Skandalich.

Jim wurde fia de sosiale en echte media de kommende wiken teistere troch ferkiezingsgedoch, grutspraak, nepnijs en loaze beloften. En stimwizers. In stimwizer freget bygelyks at jim foar wynenerzjy binne. Dan seit 98% ja. Want hy freget net at je ek sa’n ding njonken de doar ha wolle. Neuh, hy giet gewoan fierder en freget nei it sân by Mirns. Dan seit 60% nee. Moai, dan stimme jim neffens him op it CDA of de VVD. Noch ien fraach, jim hâlde mear fan jimsels as fan in oar? Ja. Dan bin jim VVD-er. Dan seit Maurice de Hond dat in soad lju VVD stimme sille. En wy  wolle ek winne, dus stimme we op winners. Dus de VVD wint. Sa wurket dat ûngefear.

In mei-stimwizer is nochal wat oars. Dy sjocht nei wat der ôfrûne fjouwer jier bard is. En wat wy dêrfan fine. Dan krij jim de fraach…… eeh: de provinsje hat beslúten dat it wetter yn it feangreidegebiet noch mar net tsien sentimeter heger moat, hoewol elkenien seit dat it wol better wêze soe. Bin jim it mei dat beslút iens? Nee fansels. Dan falle partijen as FNP en SP, dy’t harsels o sa grien skilderje yn de ferkiezingsbeloften, dochs ôf. Mar dat let neat, want ik kin tsientallen saken betinke fan de ôfrûne fjouwer jier en dan lizze alle partijen op’e dwinger. In mei-stimwizer soarget dus foar in tige lege opkomst.

Sa’n mei-stimwizer, eins in tsjin-stimwizer, hat gjin doel. Utsein dat wy ôfrekkenje mei de bestjoerders dy’t we de ôfrûne fjouwer jier hân ha. En dat is no krekt de moed dy’t Fryske politisi ha. Want se plege fansels harikiri. Dat kin net oars. De meistimwizer lit sjen wat we fan it belied fûnen en ik ha mar in hiel lyts bytsje minsken heard dy’t it dêr mei iens wiene.

We krije ferdomme in grut wynpark yn see by Makkum en deselde man dy’t de Iselmarkist sa moai fynt regelt soks. Dach Sander. We stride tsjin fersakkingen, mar we krije in boaring by Ternaard. Dach Michiel. We ha in moaie nije Ofslútdyk, mar we kin’t net belibje, want de brêge wol net ticht. Dach Klaas. De lânbou hat de natoer yn Fryslân ferdreaun. Dach Jehannes. Ja kulturele haadstêd moai, mar wat hat dat in slompe jild koste en inkeld de kroechbaas hat der oan fertsjinne. Dach Sietske.

Mar dy partijen smite harren der echt net mear út. En sa wurdt de ôfstân tusken polityk en gewoane minsken inkeld mar grutter troch in yn Arnhim betocht spultsje wat net ien doart te brûken. Inkeld wy bin sa ûnnoazel om der mei te boartsjen.

Smyt al dy wizers fuort. Lis je publyk net altyd sa leech dat je hiele simpele fraachjes nedich ha om elk in miening ta te skikken.  Elkenien is âld en wiis genoch om sels te beslissen wêr’t se op stimme. Hâldt ek mar op mei al dy kampanjes. Ha jim se stean sjoen te sjongen op it stasjon yn Ljouwert?

En at se mei dy folderkes by de doar komme wurd ik aggresyf, krekt as by Jehova’s, Leger of oaren. Ik bin ommers oan it tussjettriedzjen. En ik wol ek net at ik om in pear skuon moat, oanhâlden wurde troch allerhande lju yn griene of reade jaskes. Dy behannelje ik as dy studinten dy’t der altyd mei de NRC stean  te swaaien. Bliuw fan my ôf.

Debatten en diskusjes is noch wat, al soe’k de politisi oanriede wolle deryn ris wat dúdliker en foaral earliker te wêzen. We ha ús nocht fan paaiferhaaltsjes dy’t dochs efterôf net wier blike te wezen. Ja, dat soe de echt wat wêze fan de polityke Friezen. De wierheid sizze. Dat soe pas echt moedich wêze.


Een reactie plaatsen

20 02 1029

Hynder

Ik kin der neat oan dwaan, mar we moatte it efkes oer de Ljouwerter Krante ha. Eartiids hienen se deryn njonken ferslaggen en ynterfjoes ek noch swiere kommintaren. Evenhuis, Noordmans en Ten Cate  skôgen de wrâld. Mar yn de oare stikken stie nea in miening fan de sjoernalist. Inkel de sportferslachjouwer mocht skriuwe dat PSV jusjes better fuotballe as Hearrenfean. Mear net. Tsjintwurdich skriuwe sjoernalisten gewoan dat de sânwinning net trochgean moat. Kommintaar yn it ferhaal.

Je ha ek columns. Dêryn kin súntsjes jittik miegd wurde. Ik mocht it sels ek in jier as acht dwaan yn de Ljouwerter. Hearlik. Je tinke sels dat it goed is, omt je ommers alles better witte as wa dan ek. En soms is dat ek sa: Jantien har lânskipspine kaam yn it Wurdboek.

Nij yn de Ljouwerter Krante bin tsjintwurdich de analyses. Hartstikke goed as tsjinwicht tsjin flechtige soasiale media. Alles op in rychje. Bygelyks oer de sitewaasje by Hearrenfean of yn de Fryske Marren. Gjin mieningen, feiten.

Sneon wie der ek sa’n analyse. Mar dat like mear op in fonnis yn de Frânske revolusje. Deputearre Sietske Poepjes har holle lei op it hakblok. Ja, ik wit in hiel soad saken fan Sietske Poepjes weryn dat terjochte wêze soe, nim allinnich mar it meidwaan oan Heel Holland Bakt. Mar de Ljouwerter wie fallen oer dat Sietske sein hie dat at de provinsje earder yngrepen hie, it finansieel debakel fan de fonteinen net sa grut west hie.

Sjoch, yn maaie 2017 hat Sietske de fonteinen nei har talutsen omt de kulturele haadstêd fan alle finansiële saken in potsje makke hie. Der moast doe noch in miljoentsje foar de fonteinen komme. Sietske hat 230.000 ophelle. Dan is it toch logysk dat je sizze at je earder begûn wienen, dat it dan mear west hie. De Ljouwerter neamde dat  in snear.

Je meie bêst sneare dat snearen ferkeard binne, mar dan moatte it wol snearen wêze. Hoe’t je ek oer alles tinke, at de provinsje en gemeente alles net út hannen fan kulturele haadstêd skuord hiene wie alles nei de barrysjes gien. Sietske koe net oars.

Dat fonteinegedoch hie fansels noait wêze moatten. Ja, der bin in soad lju by lâns reizge fan ’t simmer en o wat sil we dûnsje om dy befêrzen izeren platen yn Dokkum. Oer in heal jier skat ik. Likegoed fine de measte minsken de fonteinen prutswurk oant net bysûnder. Elkenien fynt it te djoer. It hie net hoecht. Wy binne net in folk foar sok útwrydsk gedoch.

Mar ta myn ferbjustering skreau de Ljouwerter juster oer in hynder by de Ofslútdyk. Dat plan wie der al, mar wy tochten dat sjoen de fonteineskiednis dit wol ûnderyn in laad kaam wie. Nee, in nije stichting sloech swee. It hynder moat 28 meter heech wurde, en as in soarte fan Frijheidsbyld by it sjauffeurskafee fan Surich stean. No komt der noait mear ien oer de Ofslútdyk, mar je kin it fanút Noardhollân al sjen.

Dêr wennet Cees Roozemond, en dy is foarsitter. Hy hat sein dat it hynder der altyd komt, al moat hy it sels ek boue. No kin Cees it wurd sels wol goed, want hy hat himsels as stiftingsfoarsitter earst sels as foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen en letter sels as direkteur fan SC Hearrenfean beneamd. Dy kin alles sels.

Ach en dan moat der ek noch in miljoentsje by, dus sis mar 3,5 miljoen moat se ha. Wêr’t dat jild weikomme moat? Sponsorje fansels. At je as bedriuw oan de nije Ofslútdyk wurkje, moat je as straf dat hynder sponsorje. En wy, hè. Der sil wol in tolhek op de Ofslútdyk komme wêr’t wy ryksdaalderkes oan it hynder fuorje. Of je sjogge wol, boue sa’n ding en dan is der gjin jild genôch. En dan stiet Cees op de stoepe fan it Provinsjehûs.

Mar dêr is Sietske ek noch. Want de Ljouwerter kin mei harren antiferkiezingskampagne wol besykje har fuort te krijen, mar dat ha’k no rjochtbreide. En Sietske seit dan tsjin Cees, at der no ek noch wat wetter út dat hynder komt, dan betelje ik it wol. Want oars stiet der yn de Ljouwerter dat de provinsje ek wolris byspringe kinnen hie.