Kollums dy’t ik skriuw foar it moanlikse tiidskrift Fryslân fan het Friesch Historysch Genootschap.
Fier
Terpelân Fryslân wist dat der altyd wetter kaam. Somtiden tefolle, dan moasten kij en froulju yn dy folchoarder efkes nei de souder. De grutte oerstreaming fan de súdwesthoeke yn 1825, doe’t sels it hiele Heidenskip der ûnderstrûpte, feroare neat. Mar doe’t yn 1910 alles fan Burgum oant Snits ûnder wetter kaam, krigen de Friezen wat in raar gefoel. Krekt as letter by de sniestoarm fan 1979 wiene de Hollanders inkeld húnjend meilydzjend, mar stutsen gjin hân út. Wy hienen gjin aan, alle winters koenen de skippers oer de greiden fan Grou nei Earnewâld farre ommers. Mar dat ferrekte húnjen. Dus moasten we it sels feroarje. En dat waard de berte fan it Woudagemaal. It koe en kin noch de Snitsermar yn twa dagen leechpompe. At we dat wolle soenen, mar dat is net sa.
Ik ha wolris yn it Woudagemaal west. Mannen yn skjinne overalls leine út hoe’t it wurke. Ik snapte der gjin soademiter fan. Se hiene it oer stoom, ik tocht dat Lemster der R net sizze koenen en stroom bedoelden. Oant it gemaal ynienen op de wrâlderfgoedlist kaam. Dat is dochs wol unyk. Hoewol, de grachtegordel fan Amsterdam stiet dêr ek op en dat is gewoan in elitêr buertsje, neat bysûnders. Mar wrâlderfguod moat je ien kear sjen. Doe wie’t by my wol oer. Mar ta myn febjustering stean der elke kear at ik der l6ans kom lange rigen foar. Dy wolle dat ek sjen. Bin we in folkje fan technisi of sa? Der stean inkeld in pear âlde masines, werfan se hieltyd it koper oppoetse. En sa no en dan set se de hiele saak oan. Dat kostet in knoarre jild. Der kin je de grachtegordel wol mei keapje.
De rigen bin de fertsjinste fan Hilda Boesjes, ien út de ferneamde Beljon-famylje fan de Lemmer. Se konkureart in bytsje mei frou Helen Sonneberg, better bekind as de widdo Joustra, yn it ferkeapjen fan harren Frysk produkt. En dat dogge se beide ferhipte goed. Harren entosjasme is sa grut, dat se dêrmei al dy oare ferkeapers en fertellers fan Fryslâns ferline fier foar binne.
Riviera
We neame ússels altyd goede bewarders fan de âlde noarmen en wearden, dy’t eartiids hiem wiene yn it Fryske folk. We slaan ússels op de skouders hoe goed at we de âlde gebouen, skippen en stêdsgesichten bewarre ha. We priizgje ússels dat we de frijheid altyd wichtiger fûnen as rykdom. We sjonge dat we as bêste lân fan ierde fol sitte mei ear en rom. We fine ús histoarje hillich.
Fan’t simmer wiene der alfêst wer in soad lju nei Fryslân ta tein om te genietsjen fan wetter, elektryske fytsen en eveneminten. Wie it no drok of net? De sifers sil aanst wer lige. Undernimmers dy’t in soad belêsting betelje moatte sizze dat it tsjin foel. Mar ik moast tusken de Gastmar en Heech faker op fytsers wachtsje as at ik ea dien ha. En Merk Fryslân sil yn septimber fêst sizze dat we der noch wol mear by ha kinne.
Yn de 70-er jierren wie der in hiel oar ferhaal. Wat moat we mei al dy rekreaasje. Wurdt it net tefolle. Rykswei A7 en A6 warden oanlein : grutte stikken yn de kranten: o no kin al dy toeristen hjir noch gauer komme. It plan Zorabië, in grut toeristysk eilân mei simmerhûzen yn de Tsjûkemar fan de Langwarder ûndernimmer Zorab, waard yn de steaten ôfstimd. Mar der kamen al eilântsjes yn de Hegemermar en Fluessen, al kamen dêr noch net iens skythûzen op. Mar doe waard elk plan(tsje) hiel soarchfâldich en mei soarch trochsjoen, soe Fryslân net in oerdwealsk drok fakânsjelân wurde. Riviera?
Fryslân is no sa’n fakânsjelân. Oars ha we ek net folle te leverjen oan de rest fan de wrâld. No ja, wat molke, mar de kij stean aanst yn in fabryk. Dus wol we ús sjen litte as fakânsjelân mei in rike kulturele histoarje, mar tagelyk no mei festifals fol lûde muzyk, jongerein op alderheislikst grutte boaten dy’t de bejaarden de alvestêdderûte opjeije, en we sjoch no keatsen en skûtsjesilen troch de hollânske bril. We bin om. We ferjitte dy benaudens fan de 70-er jierren. Dy heart net mear yn ús skiednis tús.
Us
Wynfreth, dy’t ferneamd wurde soe ûnder de namme Bonifatius, wie missionaris. Wy wiene heiden en hy roomsk. Hy hie njonken Sietske Poepjes op de troan fan de kulturele haadstêd sitte kinnen, want hy wie o sa foar de kulturele en tsjerklike ienheid fan Europa. Soks wie net sûnder gefaar. Roomske hilligen, lykas Sinterklaas, komme altyd oan yn Dokkum. Dat die Bonifatius ek. Mar se hiene dêr genoch fan de Jehova en se sloegen him kroandea. Dat kaam ek omt Bonifatius sels ek nochal wat rûch troch Fryslân reizge en hjir en dêr wat heidenske tsjerken yn brân stuts. Dat moat je Friezen net oandwaan. Dat wie yn 754. 79 jier earder wie de man berne yn Exeter. Dat leit yn Ingelân, mar bestie doe amper. At je googelje, dan blykt dat se yn Exeter net witte dat dêr ea in Bonifatius of Wynfreth berne is.
Wêrom witte wy dan wol dat Margaretha Zelle, dy’t ferneamd wurde soe under de namme Mata Hari, hjir wol berne is. Dat woe se sels it leafst sa gau mooglik ferjitte. Se wie foar it oare krekt as Bonifatius wol foar in kulturele ienheid fan Europa. Dat fjochtsjen moast mar gau ôfrûn weze, dan wiene der wer mear sinten te fertsjinjen mei neaken dûnsjen en kopulearjen. Mar dêr giet it hjir net om. Wy binne as Friezen o sa grutsk dat Mata Hari yn Ljouwert berne waard.
Sa bin wy Friezen nammentlik. Alles wat hjir berne is, is hoe dan ek Frysk. Sybrand Buma, Halbe Zijlstra, soksoarten. Dy bin fan ús. Alles wat hjir wennet is ek Fries, ek al komme se fan Timboektoe en lústerje nei Frânske nammen as Jacques Monasch: se bin fan ús. At hurdfytser Bauke Mollema yn it Grinzer Zuidhorn hikke en tein is, mar in Fryske heit en mem hat, dan is Bauke in Fries. Fuotballers fan rûnom út de wrâld komme by Hearrenfean. Dan bin se daliks fan ús. En it slimste is dus dat at Bonifatius hjir tafalich dea makke wurdt, dan eigenje wy ús dat ta. Us. Sels ús skiedkundigen bin narsisten. Us.
Nije wei
Je kin sizze dat dizze Fryslân wer fol stiet mei wurk fan in tal lju dy’t de histoarje leaf ha. Mar je kin ek sizze dat it gewoan moaie ferhalen út it ferline binne. Ek dat is sa. Us generaasje is nammentlik noch opfieden troch skiedkundigen dy’t je yn de klasse mei in stokje oanwiisden en dan moasten je sizze dat de skriuwer Hugo de Groot op 22 maart 1621 út finzenis Loevestein ûntkaam troch him yn in boekekiste te ferskûljen. Mar dy man efter dat stokje frege my net wêrom at Hugo twa jier earder libbenslang opsletten wie. Ik moat googelje om dat te witten te kommen.
Lokkich moast De Groot de boeken út de kiste helje, oars koe hy der net yn. Dy boeken ha we letter fûn. Sa bin de ferhalen bewarre. En histoarje is tsjintwurdich net mear jiertallen leare, mar de ferhalen fan eardere tiden lêze. Somtiden wol wat romantiseard. Mar moaie ferhalen soargje foar mear histoaryske belangstelling. Inkeld, we sitte net mear op it bankje yn it bûthús of yn de leugenbank. We lêze de bern net mear foar of fertelle se moaie eigen ferhalen. Bern sitte op harren tillefoantasteltsjes te peuterjen. En folwoechsenen sjogge nei it fuotbaljen of Netflix. En de prachtige histoaryske boeken stean netsjes yn Tresoar, mar wurde amper ynsjoen.
En sa like de histoarje wat te fertuteazjen, mar ynienen is dêr in nije tiid. Trump en oaren skodzje oan de beam en wy dûke fuort. We dûke yn de histoarje, wie doe alles net better? Net sa’n soad mear lêzend, al soe de Fryslân ferplicht wêze moatte. Mar we sjogge no nei histoaryske searjes en dokumentêres op de telefyzje. Lykas The Queen en Andere tijden. Bytsje populistysk makke, dat wol, mar de tiid is net oars. Ynkoarten komt der miskien wol in dramasearje oer Hugo de Groot. En dan soenen wy sjen kinne dat Maurits van Oranje Hugo de Groot opslúten hie, omt dy frede mei de Spanjaarden ha woe. En kin we konstateare dat sokke idioaten no noch altyd de baas binne.
Gysbert
Doe’t de gemeente Súdwest-Fryslân ûntstie waard it stedhûs fan Boalsert net sluten. Moarns kin je dêr noch telâne foar jo riidbewiis, of middeis foar jo paspoart. Al moat je dan earst efkes in ôfspraak meitsje. Kin fia de kompjoeter, en dan sil blike dat je frijwol alle kommunikaasje mei de gemeente fia dy kompjoeter dwaan kinne. En dan komt linkendewei it hiele monumentale stedhûs, fan ynearsten 1474 en ferboud yn 1614, leech te stean.
De gemeente wol lykwols al syn leechsteande gebouen wer nij libben ynblaze. Dus ek it Boalserter stêdhûs. Sa bin der plannen om de bieb fan de Markstraat nei it stedhûs te skouen. It Titus Brandsma Museum soe fan de Grote Dijlakker ek nei it stedhûs moatte. De âldheidkeamer fan de Snitserstrjitte: hup ek in pear keamers. En fansels it Gysbert Japicxmuseum, yn it bertehûs fan Gysbert Japicx, oan de Wipstrjitte soe ek in markant histoarysk ferantwurde goed plak yn dat monumentale gebou ha moatte. Neat mis mei. Al hie’t wol moai west at it lêste foar it Gysbert Japicx jier klear west hie.
En wat moat der no mei de oare fjouer gebouen barre? Dy ha ek allegear har ferline. Bygelyks dat Gysbert Japicxhûs, oankocht troch syn neisaten, Auke en Tryn Holkema. Letter hielendal ta museum makke troch Hindrik van der Meer en oaren. Watte, yn hiel Fryslân reitsje monuminten leech. En dan kin in sunige oerheid neat oars dwaan: der moat wat yn. Ofbrekke mei net. Mar al dy multifunksjonele gebouen betsjutte dat der noch mear histoaryske panden, mar dan lytsere, leech komme te stean. Boppedeat wat is der moaier as de ferneamde Friezen, lykas Eise Eisinga, Marijke Meu Gysbert Japicx en Grutte Pier yn harren bertehûs te betinken.
Mar dat betsjut dat we bakken fol jild nedich ha. We moatte dus Gysbert yn syn bertehûs litte, mar wat komt der dan yn it stedhûs? De weryndielingen en de digitale feroaringen yn de wrâld gean echt wol troch. Dus krije we yn Fryslân noch folle mear monuminten dy’t we yn stân hâlde moatte. Mar dy bin makliker fol te krijen as dy lege jildbakken.
Emigreare
Wat in moai feest wie dat yndertiid. Simmer 2000. Griet van Duinen hie’t betocht. In skitterjend nostalgysk feest. De oeral yn de wrâld rûnstruide Friezen kamen wer werom en hjir stiene Rients Gratama en Maaike Schuurmans klear om in wolkomstlied te sjongen. Doarpen dûnsen massaal. Wat ha we in wille hân.
Wit jim dat der mar 2000 emigranten kamen? En dat der ek noch mar 2500 besikers wienen? Dat bin sifers wer’t se op it kantoar fan KH18 inkeld oer skamperje. Mar it is no al wis dat se de iene 2000 net helje sile. Dat bin de bûtenlânske Friezen. Dy ha Fryslân wer in pear kear sjoen, moai genôch. Dy ha it dêrre rêdden. Se ride ien kear yn de wyks 300 kilometer om mei syn allen as Friezen nei tsjerke te gean. Dat is genôch Fryslân. Boppedat: we ha skype, dus at pake al dea giet meitsje we de kremaasje wol mei.
Langstme komt fan de lju dy’t it net of amper rêdden ha, dêr yn dat bûtenlân. Dy wiene der yn 2000 net, dy komme no ek net. Dy kin net komme. Se langje wol nei dat bêste lân fan ierde, mar dat koe yndertiid net soargje foar wurk, hûs en iten. Fryslân docht dêr no o sa mankelyk oer, mar it is noch net in stoer better. Want wy Friezen fiele neat foar de “steun”, foar de Voedselbank, wy wolle net op itselde bankje site as de asylsikers. Frijheid dat ha we nedich. Dat is emigraasje.
Australië, Nij Seelan, Amerika, Canada, dy mentaliteit leit ús noch wol wat. Se ha dêr ek leaver in Fries as in Iraniër. We sit no ek wat tichterby. Yn Denemarken, Poalen en Ruslân bin in soad Fryske boeren. Net omdat se tinke dat it krekt as Sake Kooistra yn de fierte net goed ôfrinne sil, mar it is wat makliker nei Simmer 2010 te gean. En jild is oeral itselde. Mar dat de boeren yn Fryslân no gearkomme en sizze we gean nei Dútslân, dat docht sear. Dan kin je hjir ek wol bliuwe
Oer de Grins
Eartiids wie de stêd Grins in Saksysk bolwurk yn in Frysk lân. Mar de stêd is baas wurden oer de ommelannen. Dat hat bygelyks Ljouwert noait foar elkoar krigen. Echte Ljouwerters hâlde, lykas Grinzers, ek net fan Friezen. Dat blykte koartlyn mar wer doe’t yn it Cambuurstadion by de wedstriid tsjin SC Hearenfean in grut spandoek hong: Anti Fries. Mar de 419 Fryske doarpen bin wat selsbewuster as de Ljouwerters. Dy ha tefolle missers hân om mei de holle omheech rinne te kinnen. Dat dogge de Grinzers wol. It noarden dat is Grins, fine sy. En Fryslân en Drinte hearre by harren ommelannen. Yn in grut selskip kin je de Grinzer der samar út. Hy praat lûder as de oaren. En hy wol gelyk ha, altyd mar lûd wer gelyk ha. Opfallend dat ik skriuw hy. Sy is net te hearren. Mar ik ha ea trije wiken mei in echte Grinzer omgean moatten, en him op it lêst frege: “mar ik mei dochs wol oars tinke as dy”. Nee. Hý woe myn tinken bepale. Fergelykber mei Sicco Mansholt, de Grinzer boer dy’t as minister fan lânbou yn Fryslân kaam, en tsjin de boeren sei “jullie moeten investeren”. Doe’t wy dat allegear dien hiene, stelde hy de superheffing yn en hienen wy wer neat.
At je it lûd útskeakelje bin Grinzers fansels wer gewoane lju. De Grinzer Jack Cramer waard foarsitter fan de yn-Fryske skûtsjesilers en nimmen hat ea murken dat hy út de stêd kaam. De Grinzers dy’t sa’t se seine foar ûntwikkkelingshelp nei Fryslân kamen, en dat moast wol want bûten de stêd wie foar harren ek neat te dwaan, giene krekt as Friezen yn it bûtenlân en bûten de provinsje mei syn allen om in taffeltsje sitten. De kasteleins yn Fryslân setten in groue kanne kofje op tafel, swiete koeke, en de Grinzers neamden harsels de Grunneger Sproak. Mar se sproaken net iens mear lûd dan, want se sieten ek mei langstme oan it frjemde Fryske taffeltsje te skriemen. Leaf. It selde gefoel. En dochs fine we it ekstra moai at SC Hearrenfean fan FC Grins wint.
Byldestoarm
De skoalle wie iepenbier. Mar omt je doe noch de gewoane skiednis behannelen, krigen je wat kristlike tinzen mei. Dat wie nammentlik eartiids it iennige wêr’t se oer skriuwe koene. De seks moast noch útfûn wurde. Kristlike ferhalen bin oerbleaun. Dat is ek logysk, want útsein de twadde wrâldoarloch bin alle oarloggen ûntstien fan út de tsjerke. Mat foar ús wie dat wol wat lestich. Wat moast ik my bygelyks foarstelle, doe’t dy man it hie oer de byldestoarm. En ik wie dochs wol hiel nijsgjirrich, want it wie ommers de ôftraap foar de 80 jierrige oarloch. It moaiste aventoer fan dy tiid. Prachtich en o sa romantysk beskreaun yn de jongereinboeken sa’t wy dy hiene. En oarloch wie ek yn ús jeugd noch hiel gewoan. We mochten fan thús út rêstich alle grifformearde jonkjes foar de kop slaan.
Mar wol lestich. Want ik koe my neat foarstelle by bylden yn in tsjerke dy’t omlein waarden. Wat foar bylden? By ús yn Drachten hong hjir en dêr in smoarch tinkstientsje. En yn it van Haersmaparkje stie in krús mei wat nammen fan lju dy’t yn de oarloch omkaam wiene. Mar mear bylden koe’k út Drachten net. Anne Woudwyk wie noch net begûn te hakken. Peije wie al wol dea, mar dy wie noch gjin byld fan. Thús stie der sels ek neat lyts op it dressoir. En ik tocht by de skiednisles dat it spitich wie dat dy byldestoarm der west hie, oars hie’k miskien noch wolris in echt byld sjen kinnen.
Mei de Pinkster wiene we in pear dagen yn Brugge. Skitterjende stêd. Ik bin net sa’n lâns de tsjerken rinner, mar dat hinderet yn Brugge hielendal neat, der sit in soad moais tusken. Brugge is nammentlik hielendal yn stân hâlden, fan út sis mar de tiid fan de byldestoarm. Dat kaam foar it oare om’t se in tiid sa earm wiene, dat tusken de tsjerken yn neat ôfbrutsen waard en ferfong troch in nijmoadrige Hema of Albert Heijn. De âlde gevels stean der dus no foar de modernste winkels. Moai. En ik ha ek efkes om’e doar hinne yn de tsjerke sjoen. Alle bylden bin der noch.
Brân
At in buorkerij eartiids ôfbarnde, hie in ûndersiker fjouwer útgongspunten. Unwaar. Heabroei. Pyromaan. Of de boer sels.
Heabroei wie’t maklikst. At je de oare trije net bewize koenen, wie’t heabroei. En dat wie ek net mear te bewizen, want it hea wie echt wol opbarnd. Dêr ha de fersekeringen op in stuit har nocht fan krigen. Se wiene erchtinkend; wêrom wie der krekt by boeren dy’t net goed rûn komme koenen safolle heabroei. Dus der waard in mantsje op útstjoerd. Op in brommerke mei in hearoede. Dy roede pjukte hy yn de heabulte. En o heden, soms barnde dy al, wylst net ien wat yn de rekken hie. Dat wurke. Letter ha de fersekeringen it kuilen útfûn. No wurdt der amper mear hea ynhelle.
In pyromaan wie net maklik. Seker net by de earste buorkerij dy’t hy yn de brân stuts. Want dan wie hy noch net pyromaan. Dan tochten se oan heabroei. Sân buorkerijen fierder kaam de plysje yn it gewear. De pyromaan fan Hommerts yn 1980 waard fûn omt hy it oanstutsen hie mei in krante. Dy siet net mear yn syn eigen âld papierbakje. Pyromanen dogge it no net mear mei pleatsen, inkeld noch mei auto’s. Makliker en leuker.
At it tongere en in pleats fleach yn de brân, wie’t dus ynslein. Letter blykte lykwols dat boeren har eigen pleats yn de fik stutsen krekt at der ûnwaar wie. Letter waarden de ûndersikers wat handiger. Se fûnen it frjemd dat de brân yn de bollestâl ûntstien wie, ynsté fan troch de ynslach boppe. En de boer gie net mei in krante op it dak sitten, want dêr wie ûnwaar. Tsjintwurdich ha we koade read, folgje we elke tongerslach op facebook. Boppedat stean rûnom hege wifi peallen en dêr slacht it dan wol yn.
Bliuwt dus oer de boer sels. At it bekind waard waard de boer eartiids arbeider yn in suvelfabryk, fier fuort. Tsjintwurdich is it handich ûndernimmersskip. It sil de kommende tiid noch wol ris foarkomme. It giet ommers min mei de boeren. Dêrom ek begjinne se wer mei hea. Kin der teminsten wer broei komme.
Nij buorkjen
Kealtsjes by de ko litte, dat smyt swierrigheden op. De ko wurdt mem, en dus lulk at de boer oan it keal komme wol. It kealtsje fielt har noflik, en springt dus te idioat om. In boer is in bisteleafhawwer, mar hat donders goed yn’e rekken krige dat it keal nei de berte fuort by de ko wei moat. Tsjintwurdich bestiet Marianne Thieme en dêrtroch sjocht de ûnwittende wrâld wat oars nei soksoarte saken. De boer hat dêr gjin aan nei, dy moat in bedriuw fiere.
Sa hat de boer ek ûntdutsen dat it wetter yn de Fryske greide sa leech mooglik stean moat. Dat smyt in hegere en bettere gêrsproduksje op. De boeren makken sels wetterskipkes en koene it dus ek sels regelje. Mar yn de 70-er jierren fan de foarige iuw wiene der al geitewollensokkelju dy’t dat wetter wol wer omheech ha woene. Letter ha de greidefûgelbeskermers ek ûntdutsen dat soks better is. Yn dy tiid ha CDA en VVD har deafochten yn de polityk, mei as gefolch dat it wetter noch leger kaam te stean.
Mar no is wittenskiplik fêststeld dat ús feangreidegebieten nei de bliksem geane at dat wetter sa leech stiet. Úteinlik hat de provinsje sein dat der wat oan dien wurde moat, oars moat der wol in hiel soad grûn út Ruslân oanfierd wurde om Fryslân genoch greide hâlde te litten. Dus hat de provinsje besletten as baas fan it wetterskip dat it wetter omheech moat yn de feangreidegebieten. Nei 60 sentimeter ûnder de seadde.
Ach, ach. De boeren it pak oan en nei de gearkomste. Roppe en raze. De fûsten rôlen omheeech. Mar tsjin de geitewollensokkelju en greidefûgelbeskermers koene se har miskien noch rêdde, tsjin de wittenskip kin se net oan. Omt se fansels sels ek wol sjogge dat se grûn nei de bliksem buorkje. Da’s sels mei stront net goed te krijen. Ûnmachtich sizze se no: jim ha net mei ús oerlein. Se hiene it nammentlik noch wol mei trije jier âldehoeren rekke wollen. Nee, want dy boeren ha yndertiid, doe’t se it wetter del dienen, hielendal noait wat oerlein.
Súdersee
Yn 1825 rekke de Súdwesthoeke fan Fryslân alhiel ûnder wetter. Op mear as 20 plakken wie de dyk oan de Súdersee brutsen. Der stoar ek nochal wat folk. Sa’n 17 lju yn Fryslân daliks, mar der kaam ek noch malaria en cholera efteroan. Mar wy leine dus oan de Súdersee. It wetter wie al heech en doe kaam dy fûle noardwester der ek noch yn. Bats.
Dêrnei kaam it besef. Jongens, we ha der yn Warkum, Starum en Hylpen wol in soad oan fertsjinne, mar dit kin sa net. De dyken waarden wer oanlein en ferhege. En der kaam in gemaal yn Lemmer, al wie dat hûndert jier letter. Mar it wie ek daliks it grutste steamgemaal wat ea yn de wrâld bout is. At wy Friezen dan einliks in kear wat dogge, dan dogge we it ek goed. Sa leinen we yn 1973 in rotonde oan by de Jouwer, en dat waard daliks de grutste fan Europa. Sa bin wy. Mar In steamgemaal wie noch net iens genôch. Doe’t ir. Lely begûn te skriuwen, wiene we daliks hielendal ree. Fiif jier duorre it geskuor en geheuker, mar en doe wie yn 1932 de Ofslútdyk klear.
Dêrmei wiene Warkum, Starum, Hylpen, mar ek Medemblik, Hoorn en Enkhuzen ferwurden ta leaflike romantyske Iselmarstêdsjes. Wer’t de âlde weelde noch wol ôfstraalde, mar werby de lju yn dy plakkken skeef rûnen fan de mankelikens. Watte? Noch! Somtiden rin ik der troch hinne en tink werom oan de gouden tiden dat de see noch oan de doar ta kaam. Soms efkes oer de drompel, mar ach der wie jild genoch yn syld.
En dat bliuwt sa. Want yn ús mankelikens sile en farre we op de Iselmar. En farre de stêdsjes wer yn. En dêr bin se der alhiel klear foar. Noegjend stean se al by de doar fan de supermerken en iterij- en sûpdingen. Sels yn de krisestiid is dizze plakken net folle oerkaam. Wetter is dus weelde. Altyd wer. Ha wy dat eins wol goed yn de rekken as we hjoededei prate oer de swierrichheden dy’t rizend wetter ús opsmyt. Want wetter is net in fijân, wetter is jild.
Buorman
Stugge Friezen? No, ik seach buorman lêsten op it doarpsfeest, tsjin in oer as alven. Absoluut net stug. Trije pilske yn’e hân, it bier spatte rûnom út it plastieken glêzen. Hy dûnse, no ja hy stroffele wat om. Op de musyk fan “ik lig op m’n kussen stil te dromen”. Hy besocht mei te sjongen, mar de wurden fan de Hepies wiene foar him te nuodlik. Moai feest sei hy mei wat taknypte eagjes de oare deis. Friezen organiseare neat oars as feestjes. Dy ferklaaie se dan as evenemint, mar at der ien bolle op tongersdei nei Boalsert komt dûnset de hiele stêd mei buorman mei.
Stive Friezen? No, eartiids stiene de griffemearden op de middei fan Himelfeartsdei mei de sokken oer de broek yn de tún. Dat wie it begjin fan it loslitten fan de stivens. Tsjerken stean no leech, of der moat musyk yn spylje. Dan komme we allegear, buorman ek. It wie wol moai, krekt fan ’t simmer mei in soad ôflaste wedstriden seine de skûtsjeskippers ynienen: kin we net op snein sile? Hienen se noch noait sein, de snein wie ommers hillich. Se smieten it hillige yn ien kear fuort.
Frije Friezen? No, Wilders bepaalt ek al it tinkpatroan fan de Friezen, buorman is ek al tsjin in azc. Sybren Posthumus fan de FNP giet nei Skotlân en Katelonië om te sjen hoe´t se har der frijfechte. Mar at hy wer werom komt, is der net ien dy´t nei him harket. Boeren en skippers bepale sels net mear at se al of net meane of al of net oerstekke. Se ha no kompjoeters dy’t dat bepale. En it eigen taalbelied fan dy saneamde frije Friezen wurdt netsjes opskreaun yn de wetlike boeken fan it ryk, mar der is nimmen dy’t it betelje wol. Wy sels net iens. Kneppelfreed is histoarje.
Wy bin histoarje. Wy bin buorman wurden.