EELKE
Eelke Lok waard berne op 24 juli 1950. Heit Sjoerd Lok, mem Aaltsje Venema. In grutte broer Willem. Alle trije yntusken ferstoarn.
Beukerskoalle, legere skoalle, HBS-B.
Op 16 jierrige leeftiid kaam ik doe as learling sjoernalist by de Drachtster Courant, haadredakteur Freark Dam. Tagelyk folge ik oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam de kursus sjoernalistiek, de foarrinner fan de skoalle fan de sjoernalistiek, dy’t der yn ’67 noch net wie.
Trije jier letter waard ik troch Hylke Speerstra frege om by Schuttevaer te kommen, it wykblêd foar de skipperij, dat yn Assen en Zwolle makke waard. Hylke wie dêr doe haadredakteur. Tefoaren wie’k al korrespondint foar Fryslân.
Wer trije jier letter waard ik parsesjef by it Koninklijk Nederlands Gymnastiek Verbond yn Utrecht. Yn- en externe foarljochting.
Yn 1975 ferhûze ik wer nei Fryslân, de RONO frege immen. Ik woe alles besykje, dus dêr hinne. Wylst de namme feroare yn úteinlik Omrop Fryslân bin ik dêr oant myn pensioen ta bleaun. Ik ha der eksakt 40 jier wurke. Lykas yn dy oare baantsjes mei in soad wille.
OAREN OER EELKE
Wy skriuwe de winter fan 1979. De Fryslân leit ûnder in tsjok snietek. Mei in hurde wyn der by wurdt de situaasje penibel, wy belibje in sniestoarm sa as dy net faak foarkomt yn dizze kontreien. Frysk eigen as wy binne, de radio oan. Ik wie tsien en hearde foar it earst nei de Frysktalige ferslaggen fan wat se no, yn dizze dwaze tiid, grif mei in megaramp oantsjutten hienen. Mei alle jûnen in blik deskundigen op tv der by, dy’t ús fertelden wat wy dwaan moasten om te oerlibjen. God ferbiede dat der nochris sa’n stoarm mei snie komt, de ergernis oer de bysaken soe grif oerhearskje.
Op de radio hearde ik yn 1979 in donkerbrune stim dy’t dei oan dei ferslach die fan de wichtichste ûntjouwings. Net opkloppe, oerstjoer en kommersjeel rjochte, mar gewoan to the point, en Frysk. In moaie stim om nei te harkjen, in radiostim, sa’t se dat neame. Dy persoan mei dy moaie stim hat jierren boechbyld west fan ien fan de bêste Frysktalige radioprogramma’s dat der ea west hat. Op freed wie it yn huize De Jong fêste prik. ‘No stil, want It Wapen begjint!’ De tiid dat politisy mei it swit ûnder de earms nei de studio kamen om troch de presintator ûnder fjoer naam te wurden. De skiednis nei It Wapen fan Fryslân hat ús leard dat hy de lêste wie dy’t de bestjoerders echt op it harspit doarde te lizzen. Guon dy’t de sinne net yn it wetter skinen sjen kinne, neamden him ûnfatsoenlik, omdat er frege wat er witte woe, sels al gie dat soms tsjin de fatsoensrakkers harren natuer yn. As de politsy om de hite brij hinne draaiden, seage er harren troch, oant se ynwandich sa lilk as in spin wienen. Mar der kamen antwurden, en dêr giet in om by in programma dêr’t je minsken befreegje.
Letter kaam er in skoft deistich mei in kollum op de radio, makke dokumintêres, die it tv ferslach fan it skûtsjesilen en wat net mear. Foaral yn de kollums koe er him útlibje. Alles dat him net noaske, ferwûndere en dwaande hold, koenen wy in skerpe analyze fan ferwachtsje. Altyd mei dy moaie donkerbrune stim, al dy jierren lang.
Op ien septimber 2015 naam er offisjeel ôfskie. Hy waard 65 en giet mei pinsjoen. En dus docht er gewoan troch. Want hy kin him de bek net hâlde.
Hy moat en sil jim fertelle wat er fan de gong fan saken yn Fryslân en dêrbûten fynt. Lokkich hat er dêr noch altyd in poadium foar, want wat soe de Fryske radio wêze sûnder it bekende lûd fan dy sjoernalist út De Gaastmar?
Neffens my is Fryslân Eelke Lok in tankwurd skuldich foar 40 jier fakwurk.
Ferdinand de Jong / Stikelstekker / 2-9-2015
“Eelke Lok is één fan de meast infloedrike sjoernalisten in Fryslaan!” Sêge SE. Of ut ok werklek su is, laat ik mar even in ut midden. Feit is wel dat Eelke Lok gisteravend afskeid nam fan Omrop Fryslân: ”Wegens het bereiken fan de pensioen gerechtigde leeftijd”.Op ’e kòp af 40 jaar het Eelke foar de Omrop werkt. En dwarsbongel pur sang Eelke Lok nam op syn eigen manier afskeid. Hij presentearde in Hotel Galamadammen tussen Koudum en Balk an de Morra syn laaste tv-programma over wat der in de 40 jaar allemaal mis ging. Deur syn skuld. Ut was de bedoëling dat de gasten fan Eelke bij hem op ut terras plak nimme súden, mar ut wear werkte nou nyt bepaald met.
Dat ut hele sirkus was binnen, gasten an tafel , Sicko Heldoorn, Hylke Speerstra, Jannewietske de Vries, Steven Sterk en Henk Kroes en ut geselektearde públyk in de saal, want su mochten de anwezegen sich fan Eelke noeme. Opfallend dat der mar un bitsje (eks-) kollega’s waren. Eelke had ut blykber earder as ik begrepen dat kollega’s mar kollega’s binne, niks mear en niks minder. Kollega’s binne nyt automatys frynden. Frynden soeke je self út. En Eelke had syn frynden gisteravend om um heen. Fan Rients Gratama tòt Mart Smeets, fan de gebroeders Anker tòt Rein Jonker. Na de opname fan ut allerlaatste TV-programma speulden Weima & Van der Werf, en dat is altyd tòp! Dy speulden sudat der nyt gelegenheid was foar toespraken, nou de direkteur fan de Omrop mocht Eelke nòch un groat bos bloemen geve. Eelke houdt nyt fan toespraken, om over ‘ stukjes ’ mar te swijgen: by stikjes rin ik fuort! Eelke wú ok gyn kadoatsjes, nee gewoan wat sitte, prate, wat weromsiën, drinke, hapkes en lústere naar múzyk út de jaren dat hij begonnen was as sjoernalist. Kan nyt anders sêge dat ik un prachtege avend had hew! Teminsten dat fyn ik. Eelke sprak fanmòrren un kollum út wêrin’t hij teruchsiët op 40 jaar RONO en later Omrop Fryslân. In dy kollum wurdt ok dúdelek wêrom’t Eelke nou afskeid nimt: hij laat sich nyt sture deur managers en un minister dy’t fine dat der un Stichting RPO ( Regionale Publieke Omroep ) komme mut. Ut betekent ut einde fan de selfstandechheid fan de Omrop. En dat wil Eelke nyt. Ik bin ut folkomen met Lok eens. Miskyn mocht ik dêrom gisteravend wel ete en drinke op kosten fan de Omrop! Henk van der Veer UPDATE de kollum fan Eelke Pensjoen Justerjûn ha ik ôfskied naam fan Omrop Fryslân. Fanwege sa’t dat offisjeel hjit “het bereiken van de pensioengerechtigde leeftijd”. Mar lokkich ha we ôfpraat dat de kollumkes ynearsten noch net oan pensjoen ta binne. Normaal rjochtstreeks, no efkes opnaam, want it waard fansels let justerjûn. We moasten stilstean by de fjirtich jier dat ik hjir yn tsjinst west ha, fan earst de RONO, letter Radio Fryslân en no Omrop Fryslân. En yn 40 jier kin der in soad barre. No hie dat om my ek net hoecht hear. Ik fyn it ûnsin om dingen te roppen. Of roppe te litten: “Do hast fjirtich jier de befolking fan Fryskân tsjinne”. Of: “Do wiest in úthingboerd foar ús.” Unsin. Ik wie yn tsjinst fan in bedriuw dat my tagelyk moai de gelegenheid joech ien fan de moaiste beroppen yn de wrâld út te oefenjen. En omdat dat sa wie, koe ’k wol fjirtich jier fierder. En ik hie ’t om it wurk noch wol in pear jier dwaan wollen, mar de oerheden stjoere ús aanst wer werom yn it RONO harnas sa liket it, no ja dat hie ’k alris meimakke en it ienige wat we doe woenen, wie sa gau mooglik selsstannich wurde en doe’t we dat wienen ha we in ekstra borrel naam, we wiene goudgelokkich. Dat gefoel wol je net mear kwyt. At ik noch trochwurke hie hie ’k ek ûnwis west oer de sjoernalistike opstelling. Dy fan tsjintwurdich is sa oars as at wy opfieden en oplieden binne. En ik wol my bêst oanpasse as de nije tiid nije dingen freget. Mar oanpasse betsjut net mei opsetsin saken ferkeard of net goed behannelje. Dat ferdom ik. Nee, ik hâld net fan dy eigenwize minsken dy’t sizze: “Ik fyn dat kwaliteit foarop stean moat.” Mar de oare kant fan it ferhaal is dat myn kollega’s der no op útstjoerd wurde mei in kamera, ynterviewe mei twa mikrofoans en tagelyk lûd en byld regelje, it dan yn de studio sels ynelkoar sette, en eins moat alles earst op kompjûter, i pad, apps en twitter smiten wurde, leafst foardat dingen bard binne. Inkeld mar om’t steatssekretaris Dekker soks de útfining fan de ieu fynt. Dan sis ik dat myn kollega’s dus net de resultaten helje as at wol kinne soe. En dêrfan bin jim as harkers dan wer it slachtoffer. Mar dêr wol ik my no net drok mear oer meitsje. Ik fersink efkes yn in geweldige herinnering oan 40 jier. Oan jim dus. Want jim wiene sa tefreden doe’t we yn de sniewinter fan 1979 der foar soargje koene dat de âlderen in pûdsje oan de doarkruk hongen at se graach woene dat immen foar har boadskipje koe. Of de âlden fan de ferstoarne jonge reedrider Willem Poelstra, doe’t we op syn begraffenis wiene, o wat hâlde Willem fan jim. Of der is in man yn de katakomben fan SC Hearrenfean dy’t seit: “Ik bin it net altyd mei dy iens, mar ik mei der graach nei hearre.” Hy hat it dan oer de kollums. Ja frou. Ik bin der sneon gewoan wer.” |