28 04 2021
Habtamu
Habtamu de Hoop. Willem Schoorstra hie’t it hjir juster ek al oer him, mar ik einigje wat oars as Willem. Habtamu hie ferline wike in moaie famkestaspraak yn de Twadde Keamer. Hiel Frysk, hy fertelde earst fan wa at er ien wie en wêr’t er weikaam. As fondelinkje út Addis Abeba nei Emke en Tineke yn Wommels. Wy wiene der net sa fernuvere oer, syn skiednis kinne wy wol. Lykas syn ûntjouwing as presentator, politikus en benammen minsk.
Habtamu krige lykwols in soad eare. Ek hjirre, want at je ‘heit’ en ‘mem’ yn de Keamer sizze dan krijt de hiele Fryske beweging in orgasme. Mar no wie it hiele media en polityke lân oeral fan Habtamu. De namme De Hoop kaam dêrby goed út, want der is net folle hoop mear foar de rotsoai yn Den Haach.
Wat my fernuvere wie dat se oeral rekken doe’t hy sei dat je hâlden en dragen net yn je dna sit, mar komt fan de minsken dy’t je opfiede of om je hinne ha. Net elkenien tinkt dêr lyk oer, mar ik bin ek oertsjûge dat we by de geboarte allegear lyk binne en dan je dêrnij foarme wurde troch je omjouwing.
Nim no in oare nij Keamerlid, Caroline van der Plas fan BBB. Jim witte net iens allegear dat BBB BoerBurgerBeweging betsjut, mar jim kinne har learen jaske allegear. Omt se sa gewoan is en praat as siet se by ús oan’e kofje. En at se it yn de Keamer ha oer gearwurking, dat sy dan seit dan nimme we dochs gewoan in groepsappke.
Caroline is de dochter fan de al ferstoarne Wil van der Plas. Dy ha’k tige goed kinnen. Dy wie sportsjoernalist by it Deventer Dagblad, die reedriden foar de hiele regionale parse en ik kaam him ek faak tsjin by Go Ahead. In geweldich goeie kollega, in fijn mins yn de omgong. Ik sjoch yn Caroline, dy’t ik inkeld fan telefyzje kin, in soad fan dy man werom.
Habtamu en Caroline bin net de ienigsten. We sjogge allegear nije Keamerleden wêrfan we tinke dat se bêst wol doge en aardich kreatyf binne. Je realiseare je dan dat je eartiids datselde gefoel hienen by guon nije Keamerleden wêrfan je no sizze dat se gau opsoademiterje moatte. Ik bedoel wy fûnen it yndertiid allegear geef dat Annemarie Jorritsma, de ferdelgster fan Stef de Haas yn de ried fan Boalsert, nei Den Haach gie. Twa wike lyn servearde ik har ek ôf; tocht by mysels: leave, hâldt op en wurd wer dy fleurige en wize frou sa’t wy dy koenen.
Je ferwurde dus yn de Haachske polityk. Dus soe’k oan ien kant wol wolle dat Habtamu tús bleaun wie, by Anna Hilda. Dat byld fan ferline wike mei eins net fersteurd wurde troch de gaos dy’t se dêr de lêste tiid breide ha.
Mar miskien kin it wol oars. Dan moat we dy âlde nút dy’t nét feroare is, Tjeenk Willink, mar freegje om net in kabinet te formearen. No ja, in oar kabinet. In sakekabinet. Fan alle partijen de bêsten by elkoar sette. Sadat wy allegear op tiid in faksinaasje krije en we skûtsjesile kinne fan’t simmer. Fierder moat se útfiere wat nedich is. Kundige minsken, en at dat tafallich in PVVer is, toe mar. Dan bin je ek fan it Wildersgeseur ôf. Sa’n kabinet moat fansels wol hieltyd genôch stipe yn de Keamer ha; dat kin by elk ûnderwerp ferskille. Spannend.
At Tjeenk it wol gewoan docht, wurdt de gaos inkeld mar grutter en duorret de polityke rotsoai langer as de corona. De sakeministers hoege mar ien ding te swarren: alles is iepenbier en wy bliuwe ússels. Sels Omtzigt kin dan wer út syn efterkeamerke komme. Alles foar in jier, dan tagelyk mei de riedsferkiezings stimme oer in nij regear, yn in nije demokrasy en oare bestjoerskultuer. Hooplik.
Habtamu kin der ek wol yn. Dy wol bêst soargje foar wat goedkeape hûzen, ek in pear yn Wommels. En foar in kânsrike ynstream fan ferhûdûke bern. Caroline krijt de lânbou en de natoer. En tegearre rjochtsje se in strafsintrum op, weryn ôfservearde politisi in eigen efterkeamerke krije. Der kin se dan moai allinnich wat omlige en krekt dwaan as wit se neat mear. Dan hat net ien mear lêst fan dy lju.