Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

07 04 2021

Hepkema

Ferline wike krige ik in boek tastjoerd. Troch de skriuwer dêrfan, Mark Hilberts. Syn boek is al hast in jier âld, mar it wie my foarich jier alhiel ûntkaam dat it útkaam wie. Dêr is fanwege de corona ek net safolle omtinken oan jûn.

No wie’t my miskien as republikein dochs noch wol ûntkaam, fanwege de titel, De Koning van Leeuwarden. Wylst de ynhâld no krekt wol myn belibbingswrâld is. Want it giet om de man dy’t fan 1909 oant 1947 foarsitter wie fan de Alvestêdeferiening en tagelyk in grut Frysk krantebedriuw runde: Mindert Hepkema.

Hy wie ek noch abbekaat. Dat die hy op Ankereftige wize, mei tige orizjinele ynfalshoeken. Mindert wie kreatyf. Dat hie hy fan syn heit, Jacob Hepkema. Dy begûn yn 1874 mei Het Nieuw Advertentieblad yn Hearenfean, letter Nieuwsblad van Friesland. Dy krante soe yn de folksmûle de namme ‘de Hepkema’ krije en wie tige populêr.  

Hepkema skreau sels in soad, wylst hy tagelyk in grut krantebedriuw runde. De famylje Hepkema waard stjonkend ryk fan it krantemeitsjen foar it ‘folk’. Skriuwer Jan Jelles Hof fan de Gaastmar, dy’t dêr letter de haadredaksje hie, neamde de wize fan skriuwen: ‘flot en luchtich, licht te ferstean’. Wrâldnijs op begryplik nivo. De gewoane man kaam oan it wurd, en in soad yn it Frysk skreraun. De alâlde Ljouwerter Krante moast omstean leare, want de Hepkema groeide as koal.

Soan Mindert hat dat bedriuw fan syn heit oernaam, en begûn in twadde ‘Hepkema’, it Leeuwarder Nieuwsblad. Dy Mindert wie de kening. Moat jim sels mar ris lêze oer in alvestêdefoarsitter, dy’t gâns tochten fanút eigen hûs suver allinne organisearde. Watte, yn Ljouwert koe neat barre sûnder Mindert. Nijsgjirrich ferhaal.

Mar, en dêr woe’k it efkes oer ha, it boek einigt mei it ferhaal oer hoe’t dat grutte krantebedriuw fan de Hepkema’s wer yn elkoar dondere. Want Hepkema gie yn de oarloch troch mei syn kranten, mei sjoernalisten dy’t de dútse kant it neist wienen. Lykas de Ljouwerter Krante hear. Inkeld it Friesch Dagblad fan Hindrik Algra lei de saak del. Hepkema lavearre om it libben, krekt as mei de oarlochske alvestêdetochten. En wat is better? Fuort wêze of sitten bliuwe en safolle mooglik goeie dingen dwaan.

Neffens Hilberts ûntstie der in kranteoarloch yn Fryslân yn it ramt fan de suvering. Belangen, jild, macht, Frysk nasjonalisme, it spile allegear in rol. Mei allerhande minsken dy’t ik letter wol kinnen en noch mei wurke ha. Dêrom seit it ferhaal my wol wat. Uteinlik kaam it Friesch Dagblad wer werom. De Leeuwarder Courant waard in tiidsje de Leeuwarder Koerier, mar koe dêrnei wer Courant wurde. Yn Hearrenfean ûntstie de Heerenveense Koerier, dat letter wer útwreide ta Friese Koerier. Dy’t letter wer opnaam is yn de Ljouwerter, sa’t de dútsers dat yn ‘43 ek al regele hienen.

Ik ha myn hiele libben sjoernalist west, en skamje my soms foar de hjoeddeiske sjoernalistyk. Sjoch wat der de lêste wiken barde yn en om de Twadde Keamer. Bêst, de polityk is net te leauwen, mar de sjoernalistiek dy’t ús dat fertelle moat al hielendal net.

Ik moat net seure. It blykt en dat hie’k net ferwachte, dat Fryske sjoernalisten yn de oarloch en fuort dêrnei ek allegear persoanlik tinte hurde mieningen delleinen yn de kranteferhalen. Ik miende altyd dat je soks doe net dienen. It wurke doe wol wat stadiger, mar it wie like hurd as it no tsjin elkoar giet yn sosiale en gewoane media.

Dat die sels de âlde Jacob Hepkema al. Hy sette him as haadredakteur  fan syn Nieuwsblad yn foar de bruorren Hogerhuis ut Britsum, dy’t  neffens him ten ûnrjochte yn de bak sieten foar moard. Hepkema hie in goede relaasje mei Pieter Jelles Troelstra. Frjemd, in kapitalistische krantemagnaat dy’t de sosiale kant keas.  

Doe wie in  kranteútjouwer sels sjoernalist. Wie it produkt dus hillich. Dat is net mear sa.  De Ljouwerter is tegearre mei it Dagblad van het Noorden en it Friesch Dagblad yn de efterbûse oan de Telegraaf ferkocht. De Ljouwerter hie alle lokale kranten yn Fryslân al opkocht en moat se no fan de Telegraaf wer ferkeapje, sa hearre we op de radio teminsten. Wit jim wat dat betsjutte soe? Dat de Drachtster Courant, wêr’t ik 55 jier lyn it fak learde sa’t it no net mear útfierd wurdt, dat dy Drachtster aanst ferdwynt. Alles wurdt oars.   

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s