Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 11 12

 

Peter Boomsma is in aardige man. Hy wie eartiids foarljochter by de plysje, mar dat is in rotbaan, je mei inkel fertelle wat elkenien al wit en wat elkenien witte wol mei je net fertelle, en dus moat je fan dat heale praat ha at in sjoernalist in gewoane fraach stelt. Peter Boomsma is nei de gemeente Weststellingwerf gien as foarljochter. Ja ik neam it allegear noch foarljochter, it sil allegear wol oars hite. Kommunikaasjeadfiseur is  noch in term dy’t we begripe kinne, mar der wurde allerhande frjemde buordsjes oan dy lju hongen. Peter Boomsma tusken heakjes hat in moai boek skreaun oer Kneppelfreed. Moai omdat dy Fryske skriuwers dat net oppakt ha en dochs wie de oarsaak fan Kneppelfreed eins tsjin harren rjochte. Wat net sa handich wie, dat it boek net útrikt waard yn it Paleis fan Justysje. ’t Is net dat it net mochten hie, want Ferdindand de Jong syn boek is der fan’t jier noch wol ten doop hâlden. No fierder wennet Peter Boomsma yn Drachten, wat foar in foarljochter yn Weststellingwerf altyd moai is, dan hoech je net elk momint yn it skaad fan jo boargemaster te stean. Peter Boomsma  is in aardige man. Boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf is ek in aardige man. Dêr wit ik wol mear ûnaardige dingen fan as fan Peter Boomsma, mar dat komt omt Van Klaveren yn de polityk siet, yn de VVD en sokken bin went om oeral en elkenien tsjin harren yn it harnas te jeijen. Mar Rutte hat no útfûn dat soks wol kin as je twa of trije dagen letter mar sizze nim my net kwea ôf. Van Klaveren sil fannewike in kear as tsien, tolve sorry sizze foar saken dy’t er yn dy perioade dien hat, want nim my net kwea ôf docht er noait, en dan  is it hielendal wer in aardige man. Peter Boomsma en Gerard van Klaveren binne aardige lju. Inkel, se bin de hastige kant it neist. Se ha aanst om kertier foar njoggenen al, tegearre mei wethâlder Trompetter in deputearre útnoege. Hans Konst. Se gean dan mei syn fjouweren op besite by boer Nico van der Weerd yn Skerpenzeel.  Sju de gemeente Weststellingwerf hat nammentlik in hantlieding skreaun sadat je goed skaalfergrutsje kinne as boer seinde. Doocht net, mar dat docht er net ta. Van der Weerd sil dat ferhaal útlizze. Dat hoecht trouwens net mear oan Trompetter want dy hat it ding al in jier lyn oan Konst útdield. Je soenen hoopje dat dy it lêzen hie, mar dat is dus net sa, no ja dan daliks om kertier foar njoggenen mar yn Skerpenzeel wêze. Dêr meie ek noch fotografen komme, want wat is dat in moai  byld, Van der Weerd, mei de ko-emolke noch op de studzjekoarden broek, Van Klaveren yn it griis en Konst yn in kleurige kombinaasje oan de keukentafel. Keukentafel petgear. It is wat oars as it bûthús,mar hawar. Dat petear oan de keukentafel duorret eksakt in heal oere, dan ropt Peter Boomsma “no oerein “, en dan kuierje se it hiem fan Van der Weerd noch efkes oer. Ek net langer as in heal oerke en dan ropt Peter Boomsma “no nei hûs” en dan is elk foar de kofje tús of by de siktaresse. Ja skaalfergrutting yn de lânbou stâl jaan mei Trompetter syn hantlieding , dat kin je in deputearre net efkes útlizze. En as ik by in boer oan de keukentafel sko dan bin we minstens in pear oeren oan it âldehoeren, want der kin wol moaie hantliedings wêze foar it skaalfergrutsjen, in hantlieding foar te lege molkprizen dy is der net. Dit is dus inkel in mediasjootsje. Allegear efkes om de keukentafel, of rûnkeutelje op it hiem, learskes oan Van Klaveren en Konst, hup fotoootsje yn de Stellingwerf, en der leit wer wat klam, byldfoarming, op in gemeentlik ynitiatief. Eins fyn ik Peter Boomsma te aardich om dat op syn gewisse te hawwen.

Plaats een reactie