Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

10 02 2016

Iepen ôfslútdyk

De skatting is dat der moarns ier likernôch 1200 buskes en auto’s mei in karke derefter fanút Fryslân de ôfslútdyk oergean nei Hollân. Wurk. De skatting is ek dat der moarns ier 1200 buskes en auto’s mei in karke derefter fanút Hollân de ôfslútdyk oergean nei Fryslân. Wurk. De brêgen fan Koarnwertersân ha beslúten dat soks grutte ûnsin is en gean no hiel faak stikken om te soargjen dat sok dom gedoch ophâldt.

Yn 1932 wie de ôfslútdyk klear. Der moast oan wurke wurde fanôf beide kanten, de hollanders koene hjir ommers noch net hinne ride. Dat hoegde ek net, want de Friezen lieten sjen dat se folle hurder wurkje koenen en woenen. It punt wer’t de allerlêste bak drek delsmiten waard, dêr stiet no in monumint. No dan bin je fanôf Fryslân al trijekwart de dyk oer. Fryslân en ek Hollân, dus Nederlân is foar in grut part in farrende naasje. Dus der bin doe twa foar dy tiid alderheislikst grutte slûzen bout. Ja, dy Urkers moasten dochs elke freed wer nei hus, sneons fisk ferkeapje, sneins nei tsjerke en dy leine moandeitemoarn wer foar de slûs om de grutte see leech te fiskjen. Letter kaam it lytse boatsje spul. De wat gruttere binnenfaartskippen moasten der ek lâns kinne. Ik ha doe noch wolris in dei op Koarnwertersân west, der stienen dochs in hûske as tsien, tolve; safolle minsken wiene der oan it wurk op slûs en brêge.

De ôfslútdyk is sa linkendewei in ûnmisber stikje dyk wurden. It skilt ús in hiel soad jild want oars hienen de diken om de Súdersee sis mar Iselmar hinne wol hiel heech wurde moatten. Mar ek, lykas sketst, it fekear tusken Hollân en Fryslân. 32 kilometer rjochte dyk, 130 op de teller. Dat ha je frijwel nearne yn de wrâld. Mar no is de ôfslútdyk oan wat nijs ta. Hy moat ophege wurde, want de Chinezen stjitte tefolle CO2 de wrâld yn. Dêr sit in hiel yngewikkeld ferhaal efter, mar dat besparje ik jim  fannemoarn.

Want sju, dat better meitsjen fan de ôfslútdyk, moast ek moaier meitsjen wurde. Kwaliteit. Al jierren wurdt der no mar praat en praat. Wurde elkoar kompjoeterprogramma’s sjen litten oer hoe moai en goed at we dat allegear net meitsje kinne soenen. De ôfslútdyk as in soarte fan filter, dy’t ek noch enerzjy opsmyt by de mjuks fan sâlt en swiet wetter. En de Iselmarsnoekbears dy makket kennis mei de Waadmoksel. Rekreaasjestikje. Dus Noardhollân en Fryslân ha geweldich op’e remme trape, noch net begjinne hear. Wy moat earst noch europeeske subsydzje barre foar in gruttere slûs by Koarnwertersân, dan kin Donald Trump syn nije jacht wer fan Makkum komme. En at Europa gjin subsydzje jout dan gean we yn heger berop, no jim witte it wol, dat duorret wol in pear jier. Dan kin we yn de tuskentiid al dy moaie plantsjes nochris oereidzje, miskien dat we yn 2018 in tinte njonken dat hynder delsette, dan kin al dy europeanen sjen wat wy net betinke kinne allegear.

Okee. Mar at dy kabel yn dy brêge nei 84 jier in kear ferfretten wurdt troch Fryske mûzen, dy’t ek wolris yn it Kazemattemuseum sjen wolle en alle auto’s stean dan stil, raast it provinsiaal bestjoer fan Fryslân ynienen oan de protters. Skriuwt dreigbrieven nei Den Haach. Doch wat oan dy brêge ferdomme. Wylst, achte deputearre Kielstra, dy brêge, dy slûs en dy brêgebomen yn Koarnwertersân al jierren en jierren swierrichheden ha. Geregeld stiet de hannel dêr stil. Geduldig, want se tinke elke kear mar wer hoe moai at jim it allegear meitsje sille mei dy ôfslútdyk. Jim mei bêst ris wat roppe, om my faker, mar yn dit gefal hie Fryslân him al jierren earder manifesteare moatten tsjin it rânnestêdtinkend kabinet.

En wat no? No, ien gearkomste fan elkenien oer de slûs en brêgen. Ien beslissing. Daliks útfiere. En de rest fan de ôfslútdyk der dan mar neffens keppelje. En at it regear de slûs net breder meitsje wol, al of net mei europeeske subsydzje, dan dogge we it dochs sels. Ter benifitie fan ús Iselmar en Waadtoerisme, ús skipsbou, de Urker fiskerij, de nasjonale binnenfaart en, toe dan mar, ek dy 1200 idioate buskes.

Plaats een reactie