Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

13 02 2016

Ûndersyk

De gemeente Súdwest-Fryslân wol mear romte foar bedriuwen ha. Se hienen earst wat yn Iisbrechtum ornearre, mar dat ferklearre de oarloch. No ûndersykje se Hemmen III, ticht by  besteande yndustrie en moai by de A7. Yn de tiid dat der oer Iisbrechtum oardielt waard, seine men: mar we ha dochs ek yn plakken as Boalsert, Warkum, Heech en sa noch romte sat. Mar de bedriuwen wolle nei Snits. Seit it gemeentebestjoer. Dat kin bêst sa wêze, mar der is ek wolris ien dy’t seit: at ik no op Hemmen sit of yn Boalsert dat makket my neat út. We hearre dy ûndernimmers net. We witte net at der wierheden sprutsen wurde. We twifelje, want earlik, de oerheit is soms net te fertrouen.

Krekt as de baarlike nonsens dat de provinsje útlizze moatte soe oan de bewenners fan Ljouwert-súd hoe’t it allegear sit mei dy Drachtster brêge. Bêst, mar ik wit it ek net. Net ien wit it. Ik ha in pear wike lyn foarsein dat provinsje en bouwer spul krije soene, dat ha se dan no. Mar hoe as wat, wa’t wat wol en wa net, dat hearre we net. Seker net fan in provinsiaal bestjoer dat alles sa stiekem mooglik dwaan wol. Dat sis ík net, dat seit de provinsiale polityk sels.

Dy’t foar it oare yn it ferhef komt. Dy’t in dizinige ekonomyske nota ûnderút skopt, omt der neat yn stiet. Dy’t net mear yn dy efterkeammerkes komme wol. Prima. Mar at ik dan lês dat Grien Lofts leaver net wol dat der konkurrinsje is yn bedriuweterreinen tusken Ljouwert, Hearrenfean, Snits en Drachten, dat se derby trouwens iensnet sjogge nei hoefolle skea dy gemeenten harren eigen lytsere plakken oandogge, mar dat se dan earst freegje om ûndersyk. Flauekul. De gemeenten sizze aanst allegear dat it net sa is, dat skriuwe guon minsken op foar in soad jild, dan bin we in jier fierder en Grien Links is wer tefreden.

En dan hat de provinsje itselde andert dus op de fragen fan Grien Lofts. Oer de ôffaloune yn Harns. It is krekt as by in kearnsintrale, at dy komt bin de minsken yn dat gebiet ûngerêst. Dat blykt faak net terjochte. Mar somtiden ek wol, Tsjernobyl, Fukushima. Se hienen yn Harns yn oktober in misserke. Mar it REC mei 60 stoaringsoeren ha. At jim it dêr net mei iens binne moat jim de gemeente, provinsje en it ryk op de donder jaan. Want dy bin dêr mei akkoart gien. Mar goed, stoarinkje, we bin dus ûngerêst, seker at de húsdokters har der mei bemoeie en ynienen sizze dat de befolking fan Harns al lang in gasmasker ha moatten hie. No dat hienen se ek wol efkes earder sizze kinnen. Boppedat seit Omrin no ynienen, wêrom komme de dokters net efkes lâns. No Omrin, it pr belied fan Omrin wie om soks  altyd sa fier mooglik fuort te hâlden. En dat makket minsken sa erchtinkend dat se no raze om gasmaskers.

Mar goed, Grien Lofts skoddet fansels ek provinsiaal oan dy beam. En wat docht de provinsje no. O geweldich. Dy lit in ûndersyk ynstelle. Hoefolle ûndersiken ha we dêr no al net hân. Boppedat wit jim wa’t dit docht. Ene Jörn Wandschneider. Ut Hamburg. Hy is in ynternasjonaal erkinde ôffalounedeskundige. Djoer betelle. Mar at ik rapporten fan him lês oer oare ounes, dan hat hy nearne roppen fan “gasmaskers op” en bin dy ounen  allegear noch oan it draeien.

En it is moai dat de oandelhâlders, de oare gemeenten, no ek begjinne te wrotten, en o wonder in oandielhâldersgearkomste fan april nei nije wike ferskood ha. Mar no pas lûdop fraachtekens ha is fiersten- en  fierstente let.

Ik bedoel: dan liket it o sa demokratysk dat de provinsje in ûndersyk dwaan lit, mar at de útkomst al fantefoaren fêststiet, omt de provinsje dêr belang by hat, want je wolle net in twadde Harns sykje moatte en gjin jild fegrieme, dan is sa’n ûndersyk franje. Ik wit net dat soks sa is, kin it nea bewize, mar at je hieltyd nei alles sjogge, ûndersykje hjirre en ûndersykje dêrre en hieltyd krijt de oerheid wer syn sin, ja dan bliuwt der wat by je kriebeljen. Dokter moat der marris in ûndersyk nei dwaan.

Plaats een reactie